Kweapraat 10

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 12, 2021 21:29

Kweapraat 10

Noch ien wedstriid te gean en dan kin der ek wer in kras troch it keatsseizoen 2021. Ek wer in te koart seizoen werby de Koroana wer foar best opslein hat. Sels yn Marsum sloech hy noch foar best op. Ik snap der gjin bliksum fan. Yn Zandvoort stuiterje de taskôgers hast oerelkoar hinne en hjir by it keatsen moatte wy ús noch hâlde oan de oardel meter. Mar gelokkich is it nei 25 septimber einlik dien mei alles frustraasjes. Spitich genôch te let foar it keatsen. 

Yn Marsum stie de fjirde trochinoarlotterspartij op it programma en foar de fjirde kear wie Dylan Drent ien fan de winners. It begun yn Holwert en tuskentroch pakte hy de hâge yn Makkum, Bitgum en no Marsum. Dylan hat der altyd nocht oan en dat is moai foar ús de leafhawwers. Dat Dylan safolle sukses hat op de trochinoarlotterspartijen hat fansels ek te krijen mei it feit dat hy ek faak moai yn de list stie en hiele aardige maten lottet. Want der falt en stiet it wol mei fansels. No hie hy yn Gert-Anne van der Bos in geweldige opslager dy’t op in poerbest seizoen werom sjen kin. Gert-Anne is Gert-Anne wer fan de it begjin fan syn karrière. It oantal missers is net mear in liedende faktor yn syn opslaan. Dat hat fansels alles te krijen mei selsberouwen. Nei it fuortgean fan Tjisse Steenstra is Gert-Anne allinne mar better wurden. De winst op de PC hat de lêste set jûn. Dat hy kening waard koe ek net oars. Yn 2009 wie hy dat al ris west en no krapoan 12 jier letter wie de beker wer foar him en it sil beslist net de lêste wêze. It wie ek wer de earste krânse nei de winst op ‘e PC.

De oerwinning fan Dylan Drent betsjutte ek dat hy op ‘e drompel stiet om winner fan it jierklassemint te wurden. Hy hat no 34 punten en maat Marten Bergsma stiet mei de Aldehou partij noch te gean op 31 punten. Dus hy wurdt allinne earste of hy moat de winst noch diele mei Marten Bergsma. Oare wike snein witte wy dat! 

Sjoch wat ek moai wie te sjen wie it feit dat Gert-Anne en Dylan Willem Heeringa by de han namen. Willem is in stille kreft dy’t je net hearre mar der wol altyd stiet. Beide seagen wol dat yn de heale finale it beste der by Willem wol of wie. Dylan nam de twadde opslach oer en die dat hartstikke goed. Wat fertrouwen mei in minske docht! 

Fierder wie wer goed te sjen dat tsien partoeren te folle is en dat de bond der yn 2022 wat oan dwaan moat. Der binne te folle keatsers dy it nivo net oan kinne. Dat sjogge wy as folgers…dat witte dy keatsers mar blykber sitte de minsken dy’t der wat oan dwaan kinne mei de eagen ticht of libje noch ûnder in stien oars kin ik it net snappe dat der neat oan dien wurdt. Nim no Lieuwe van der Werff en Riemer Hoekstra. Foar harren is de haadklasse in brêge te fier en dat sjocht sels in blyn hynder. Allinne troch de ranking stean se op de list en dat jildt fansels ek foar de Aldehoupartij. Sjoch foar Taeke dy’t der gelokkich wer by wie is der neat oan mar ek foar de beide mannen dy’t it nivo gewoan net oan kinne. Lit sokke jonges no moai yn de earste klasse. 

Ja, de earste klasse! Der is it ek kommer en kwel. Ik seach de list fan Mantgum. Better bekend as de lytse PC. Snein wie yn Mantgum de 71ste kear dat dizze partij ferkeatst waard. Noch net sa lang lyn stienen der tusken de 20 en 30 partoeren op de list. No anno 2021 moasten se it yn Mantgum dwaan mei acht partoerkes. Acht partoerkes om gek fan te wurden. Sjoch no’t it ek noch in trochinoarlotterspartij wie wie it oantal partoeren sakke nei acht partoeren. It docht je sear oan de eagen. Wer in partij dy’t troch it systeem ranking nei de bliksum holpen is. Earst de ôfdielingspartij yn Rie dy’t fermoarde is en no is De Lytse PC oan bar. 

Yn Marsum seach ik dat de karmaster by de kweapeal net goed sit. Yn fjouwer fan de fiif gefallen sit de karmaster ûnder de peal. Wa’t dat betocht hat moat mar gau in piltsje nimme want hy sjocht der yn njoggen fan de tsien kear kear neat fan. Boppedat bliuwt de man of frou altyd sitten. In pear meter efter de pael stean jout sawiesa in beter sicht op ‘e bal. It giet faak om wichtige slagen en it kin je de partij kostte. De skiedsjochter is ek faak net dúdlik. Hy nimt hast noait in slach oer. Bang miskien? Wer foar dan! Je stean dochs foar je saak. It giet de skeidsen faak …te faak foarby!   It binne no faak reiddompen tusken it reit. Foaral net te folle bewege! Dan falle je ommers op!   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 12, 2021 21:29
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Sieds Rienks

    Sieds Rienks

    Taeke Troelstraweg heeft de Oldehovedag 7x gewonnen en niet 6x zoals vermeld werd. Hij staat achter Sjouke Helfrich en Taede…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Oars as Jan Braaksma yn syn Kweapraat fan 0408 tinkt, wienen ekstremen yn it bedroch mei de nap ûnder alle…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Yn syn lêste Kweapraat komt Jan Braaksma op myn opmerkingen oer de nap. No gong it my dêrby net sasear…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel