Johan Dijkstra 1940-2021
Gerelateerde Artikelen
Johan Dijkstra, âld-lid fan de keninklike PC, is moandei 6 septimber ferstoarn. Johan Dijkstra wie al tiden slim siik. Johan Dijkstra, âld-bankman, kaam yn 1986 yn de PC. De oanset kaam fan Jan van der Meij doetiids ek lid fan de kommisje. Dijkstra tocht earst doe’t Van de Meij op besite kaam dat it om in polityke funksje gong omdat beide lid wienen fan de VVD mar it gong om in sit yn de kommisje. Johan wie der net samar út fan wol of net in sit nimme mar eintsje beslut wie hy ree om in sit yn de kommisje te nimmen en dy perioade soe mar leafst 25 jier duorje. Johan die earst de ferkeap fan de kaarten en letter waard hy twadde foarsitter. Fan 1986 oant 2011 hat Johan sit han yn de kommisje. Johan en syn Ymkje wiene leafhawwers fan it spultsje mar besite oan de lêste PC wie in brêge te fier. Tongersdei 9 septimber is der fan 10.30 oant 11.15 gelegenheid om ôfskie fan Johan Dijkstra te nimmen. Dat bart dan yn Andringastate, Aldlân 4 yn Marsum.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie