Kweapraat 8

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 29, 2021 22:58

Kweapraat 8

Foar it keatsen wie it in drokke wike mei partijen yn under mear Weidum, Frjentsjer, Froubuorren en Huzum. Ik sels wie woansdei by de 45ste Frouljus-PC en haw my oer in soad saken mear as ferwundere. Seach daliks dat de organisaasje yn Weidum meidwaan wol yn de ‘vaart van de volkeren’sjoen de tagongspriis fan 15 euro. It sil wol net oars mear kinne mar foar it keatsen hoege jo dat net mear te dwaan. It frouljuskeatsen is in attraksje wurden foar heechút trije partoer en straks yn 2022 noch foar twa partoer. De leafhawwer wat der ek foar troch gean wol komt net foar it keatsen mar foar it de omballingen dy’t yn de tredde wike of fjirde wike fan augustus yn Weidum hâlden wurdt. Sjoch as it echte keatsleafhawwers wêze soenen dan hienen se der snein yn Huzum ek wer west. Dat is in gegeven en der sille wy mei leare moatte. De PC wit der alles fan. Der is ek 95% fan de taskôger in foarbygonger. Sûnt in oantal jierren is Feikje Toering de sprekstalmaster fan de frouljus-PC.

Feikje is hikke en tein yn it keatsbarren. Ik haw har sels meimakke by de WIS-YN doe’t it keatsblêd noch foar best opsloech. Ea hienen wy hast 4500 leden..der moatte je hjoeddedei noch ris meikomme. Mar it wie net goed of it doochde net..wer haw ik dat letter noch faak heard? Ik hie it der mei har oer doe’t Feikje efkes op ‘e leije side kaam. Feikje ferliet de WIS-YN en ús doe’t de bond in berôp op har die foar in sit yn it HB. In frou yn it HB dat wienen der net sa folle dy’t der ear nei hienen. Janneke Pagels wit der noch alles fan. Mar goed Feikje sei ja en de WIS-YN redaksje wie Feikje kwyt. Ik koe it woensdei net litte hoe’t Feikje de sit yn it HB ûnderfûn hie! No sei Feikje…se tocht efkes djip nei… doe’t ik yn it HB kaam sei Tinus Boomstra. Wolkom, do moast allinne moai wêze en lekker rûke! Hoe grof en ûnpaslik fan in HB-lid dat blykber tocht mear te wêzen! Lokkich foar Feikje hie it gros fan de HB-leden wol  mear fatsoen as freon Boomstra. Nei al die jierren siet it Feikje noch heech. Terjochte fansels!

Fierder foel op dat de lieding yn it fjild de spulregels nochris trochnimme moat. Want yn Weidum gong it op dat med ek wer mis! Fiera de Vries woe wol fan it fjild omdat se lêst hie fan in blesseure. Ja, wat dogge je dan! Har maten hiene Lotte Delgrosso op it each mar dat koe fansels net omdat der net ien fan de list keazen wurde mocht mar wol ien dy’t net op’e list stie. Famke Kroondijk hie Gerde Lycklama à Nijeholt al klear stean mar beide skeidsen hienen der gjin doel oer sadat eintsje beslut Fiera de Vries stean bliuwde op it fjild. Hjoed yn Huzum soe it wer wêze no gong it mei it ynfallen fan Daniël Iseger foar Taeke Triemstra en earder mei Jelle Attema en Jeroen Haarsma. Hoe kin dit dochs sa faak mis gean. It stiet dúdlik yn it wiedweidige reglemint fan de bond. Te wiedweidich mar der prate wy al jieren en jierren oer. Meitsje no ien A-fjouwerke wêr’t de wichtigste saken op stean. Is dat no sa muoilik! Jaap in putsje foar dy! De KNKB docht it sels dochs net!

Op de parsetinte rekke ik petear mei Fenna Zeinstra winner fan de wimpel en in skepnet fan oare wichtige prizen sa as de Frouljus-PC. Fenna wie hiel iepen en liet my en Geert van Tuinen witte dat der noch in soad âld-sear sit tusken de froulju fan hjoed en juster. Dat giet noait oer sei Fenna en se joech der foarbylden fan. Dat giet by my de grize oer de grouwe…nei safolle jier noch net frij oer it fjild stappe kinne. De keatswrâld tilt der mei op! Hiel spitich, hiel spitich!

Oan de ein fan de dei wie de priis wer foar partoer Nynke Sijbrandij mei Manon Scheepstra as grutte tenoar. Moai foar harren mar moatte wy der no bliid fan wurde? It ferskil yn nivo is sa freeslik grut dat ik my foarstelle kin dat it gros fan de froulju sa net fierder wol. It frije formaasje keatsen is de dea yn de pot. Altyd winne met fiif skjinne earsten of 5-1 of heechút 5-2 of 5-3. Wat is der noch leuk oan! Wol foar Nynke Sijbrandij-en-dy mar net foar de oare seis partoer dy’t op de list stean of alle oare partoeren dy’t net safolle talint hawwe. Foar dat hieltyd gruttere peloton is der gjin barst mear oan en as hja der mei stopje dan kinne de Sijbrandij’s en de Tuinenga’s der ek wol mei ophâlde. Sûnder ferliezers gjin winners. Dus kappe mei de frij formaasje wedstriden sa’t it no giet. Fan de dik tweintig partijen noch heechút acht frije formaasje en de rest útnoeging as je it frouljuskeatsen noch serieus nimme!

De bûnspartij foar froulju waard sneon wûn troch it partoer fan Manon Scheepstra. Moatte je der bliid om wêze hearde ik yn Weidum as dat bart. Der is te folle bart omdat noch leuk en in prestaasje te finen. It gedoch fan wol of net keatse foar Huzum hat de winst beladen makke en no hinget der as je it no wol of net wolle  wer in kleed boppe de merke fan kin dit wol en is it wol folgens de regels fan de bond gongen. Yn Huzum waard der sprutsen fan in postkoade gate. Manon hat har Wimpel mar de glâns is der ôf.          

 

  

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 29, 2021 22:58
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel