Kweapraat 5
Gerelateerde Artikelen
De opmaat nei de 168ste PC begûn foar my al ier en betiid. Tink dat ik de eagen hast net ticht hân haw.Tsjin sân oere de dyk oer en de earste kontrôle smiet gjin problemen op. Op wei nei de binnenstêd wachtet my de twadde kontrôle. In blier en moai frommes winsket my in moaie dei. Hie minder kinnen. Dan op wei nei de Korenbeurs. Hoe sil it gean mei de Koroana-app. Ik haw alles dûbel my my. Bûten stiet Astrid Kooistra dy’t hjoed de twadde skiedsrjochter wêze mei. Astrid hat foar my in fin mear as in bears. Mei har stipe giet alles fansels en mei de kofje yn ‘e han skik ik oan op de seisde rij yn de grutte seal wêr’t de resepsje hâlden wurdt. De seal is troch de koroana foar trije kwart fuld. Ik skik oan by Wally Brouwer eare-lid fan it bûn. Wally siet mar leafst 12 jier yn it haadbestjoer fan de bond en hat syn paadsje mear as skjin fage. It rekket Wally dan ek dat de hjoeddeiske foarsitter gjin blik fan herkenning jout as beide tagelyk by de kontrôle stean. Blykber kom ik út in oare tiid seit Wally as wy elkoar in moaie dei ta winskje.
Op nei de 168ste PC. It wurdt in dei weryn it keatsen net geweldich wie mar de finale wie der ien wêr’t noch wol efkes oer praat wurde sil. Dat is mar goed ek want as de finale moai en spannend is wurdt oer it oare minder sprutsen. Want litte wy earlik wêze it spul wie net geweldich. It ferskil tusken top en wat der ûnder sit is hiel grut en wurdt hieltyd grutter. Moai dat der seis debutanten wiene mar der winne je de oarloch noch net mei.
Foar de finale waard dúdlik dat der feitlik mar ien partoer winnen koe. Marten Bergsma syn formaasje stie heech oanskreun by de minsken dy’t miene der doel oer te hawwen. Ik mei der graach nei hearre omdat ik fyn dat in PC-finale boppe alles útstiigt. Je kinne der gjin ien oare finale mei fergelykje. Dan komt it net mear op kinnen oan mar folle mear hoe’t je mei de spanningen om gean. Der binne foarbylden genoch. Yn 2019 stie ik by de PC-tinte doe’t it Frysk Folklied spile waard. Myn maat Klaas en ik seagen dat Tjisse Steenstra der net goed op stie. Syn antlit fertelde feitlik alles! Spanning, spanning en noch ris de spanning. It kin in minske lyts meitsje en kwestber. Wy witte allegear hoe’t it ôfrûn is. Der tocht ik oan doe’t ik de mannen stean seach sa flak foar de finale. Gert-Anne hie it mes dwers tusken de tosken. Syn antlit stie op ûnwaar! Bergsma-en-dy wienen de grutte favoryt. Dylan Drent hie yn trije partijen mar leafst 18 ballen oer alles hinne slein en Bergsma sloech geweldich op. Kootstra die wat hy dwaan moast. Dus it koe dochs net mis gean.
Dat tochten Van der Bos en Triemstra ek yn 2012 en 2018. Se koenen allinne mar fan har sels ferlieze. Foar Dylan wie it de earste finale en hy wie gjin skym fan de keatser yn de earste trije omlopen. Opslager Gert-Anne wie just yn de finale geweldich op slach. Keatste syn bêste partij fan de dei mei mar fiif missers en trije sitballen. Oer de heile dei soe hy 20 sitballen pleatse wêr’t 25 missers tsjin oer stienen. Mar hy wie wol 11 kear beslissend op it earst tsjinoer Taeke 5 kear. Foar sawol Gert-Anne as Taeke wie it de 10de finale en dat skeelt fansels in slok op in borrel. Boppedat stie der noch in rekken iepen. It wie mear in iepen wûne. Sa fielde it foar beide mannen doe’t Tjisse harren yn 2020 de rêch ta kearde. Der waard dan wol 34 kear wûn mar op‘e PC gong it twa kear mis. Nei de brek wist de bûtenwacht genôch. It soe de nekslach foar de grutte tenoaren wêze. Taeke moast mar gau ophâlde en foar Gert-Anne wie der ek gjin plak mear. It soe noait mear wurde sa’t it ea wie. Mar in echte sporter werkent it wurd noait mear! Beide mannen krigen de twadde asem en it oanlûken fan Erwin Zijlstra wie in gouden greep. Zijlstra wie in sliepende gigant dy’t allinne wekker makke wurde moast. No it resultaat is bekend. Zijlstra hat in jas útdien sûnt hy by Gert-Anne en Taeke is. Alles feroare noch net yn goud mar de fjouwer winstpartijen fan 2021 mei as hichtepunt de PC lit sjen dat dizze formaasje noch lang net útkeatst is. Keatsen is mear as trije spul. Leeftiid is mar in gegeven! It is mar hoe’t jo je fiele en hoe’t jo mei je lichem omgean. Zijlstra hat noch in keatslibben foar him en Gert-Anne kin ek noch jierren mei. De PC fan ôfrûne woansdei brocht him de 145ste oerwinning yn de haadklasse en de trije punten makken dat hy oer de grins fan 600 punten gong. Zijlstra docht it mei wat minder mar hy hat de earste 100 punten ek fol.
Kom ik by it keningskip wer oer mar in bytsje oer skreun is. Erwin Zijlstra waard troch de kommisje útropen ta kening. Hy kriege 8 punten en der wienen 7 foar Gert-Anne en 3 foar Taeke. Ik sjoch der wat oars nei en foar my wie Gert-Anne van der Bos de kening fan de 168ste PC sjoen nei alles wat ik optekene haw. Oer fjouwer partijen pleatste hy 20 sitballen en miste 25 kear de krite. Yn de fjouwer keatste partijen wie hy alve kear de man op de seis dy’t de partij yn it slot goaide mei as hichtepunt fansels de 4-6 en 6-6 op de stân 5 om 2. Ek yn de heale finale goaide hy de partij op 5-3 en 6-6 yn it slot. Sjoch sokke stânnen telle. Taeke wie 5 kear beslissend en Erwin wie foaral yn de heale finale beslissend met 8 boppeslagen en fierder miste hy yn fjouwer partijen mar seis kear de krite mei twa sitballen. Yn de finale sloech Gert-Anne mar 14 kear op! Dus foar my wie Gert-Anne de kening!
Dan kom ik by Tjisse Steenstra. Tjisse Steenstra in grut keatser en minske. Keatste al fjouwer kear de PC-finale mar oan de ein wie de hage foar in oar. Dat die en docht sear. Dus tocht Tjisse ik moat wat oars en hy keas foar de winners fan 2019 Hiemstra en Wassenaar. Hy tocht mei dizze set it gouden kalf binnen helle te hawwen. Mar yn de praktyk blykt it oars út te fallen. Tjisse is Tjisse net mear. Tjisse hat te min te dwaan en it spul giet te folle lâns him hinne. Fansels binn der ek de twivels! Haw ik wol goed dien oan dizze set? Sjoch, der begjint it feitlik al. De twivel is in minne riedsman. Somtiden tel ik mar acht oant tsien aksjes. Dat is te min foar dizze topper. Tjisse moat mear dwaan om yn syn spul te kommen. Ik haw him noch net ien kear yn it perk sjoen ôfsjoen fan Holwert. Tjisse moat werom yn de krite! Hoewol hy in baas perk hat moat hy yn myn eagen brekke en werom nei de basis. Miskien soe hy keatse moatte mei Kees van der Schoot en Menno van Zwieten. Tjisse efteryn en Menno wer werom op syn fertroude stek. Enno kin dan wer oanslute by Hiemstra en Wassenaar. It ferhaal fan “Tjisse is te licht foar efteryn”, goai ik fier fan my. Flip Soolsma om mar ien te neamen wie ek net in reus yn it efterperk.
Dan noch efkes oer de skiedsrjochters by dizze wedstriid. Murk de Jong en Astrid Kooistra hienen it net dreech mar dat komt ek omdat de keatsers gjin fuotballers binne, oars hie it wol ris oars útfalle kinne doe’t Jouke Bosje mei de kont in keats makke. Dat seach 95% fan de leafhawwers mar it wie Murk net opfallen. Murk siet der wol faker njonken mar gelokkich foar Murk falt dat net eltsenien op. Sjoch, je hoege net alles te sjen mar dit dus wol. Derfoar stean je der dochs! Fierder soe ik it keatsbûn freegje wollen om beide skeidsen yn te setten. Benammen by in partij wêr’t om giet. Werom net elk in partij nimme. Dan hawwe beide it minder drok en it kin allinne mar better der fan wurde. No hat it spul der bytiden wol fan te lijen omdat je no ien kear net oeral tagelyk wêze kinne. It is it besykjen wurdich! Takom jier mei Astrid Kooistra en Jenco Sieperda. Ik sjoch der nei út.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie