Kweapraat 4

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 2, 2021 14:39

Kweapraat 4

Kweapraat 4

“Bliid dat Jan wer werom is mei Kweapraat” krige ik snein yn Wytmarsum te hearren. It wie Henk Hellinga fan Makkum, 30 jier ferlyn skiedsrjochter op de PC fan 1991, dy’t my op’e lije side kaam. Net ophâlde hear. Do litst dy dochs net de mûle snoere troch wa dan ek? Net dwaan hear. Ik wie dat ek net fan plan mar as je dat dan wer ris te hearren krije docht jo dat goed. Blykber is der noch altyd ferlet fan in krityske folger. Ik moast der wer oan tinke doe’t ik jûns efter myn kompjûter siet. It ynternet wie der fansels wer ôf,  mar in stikje tekst meitsje kin altyd. Wer jou ik dizze kear omtinken oan?

No fansels oan de lêste twa wedstriden fan de manlju haadklasse sa flak for de 168ste PC. En dan wie der it ûndersyk dat dien is troch Aluca Bouma fan Grou oer de stân fan saken fan it keatsbûn. No, dêr bin ik tige kjel fan wurden. Yn eardere stikken haw ik faak yn Kweapraat oanjûn dat it sa net goed komt mei de keatserij. Dat de soargen folle grutter binne as Wigle en syn maten ús leauwe litte wolle. Ut de stikken dy’t ik op Omrop Fryslân seach die bliken dat de keatsbond yn swier waar sit. Dat is net nij, mar wol nij is dat it no sa nei bûten komt. De grize giet je dochs oer de grauwe safolle ellinde komt op je ôf. De leden fleane as ierpels troch de souwe. Der is gjin kearen mear oan. Yn 2016 hienen wy noch 11.800 leden en no fiif jier letter stiet de teller op 9431 en it hâldt mar net op. Wit noch goed dat de eardere foarsitter Theunis Piersma yn 2008 noch fan de daken rôp dat de bond op gong nei de 25 tûzen leden. De  man wie wol faker yn ‘e war. Fan de 11.800 wienen 8829 senioarleden en de rest, 2351, wiene jeugdleden. No fiif jier letter  binne noch 7315 senioaren lid fan de bond. In ferlies fan hast twa tûzen leden.  Om presys te wêzen: 1966 leden hawwe bedankt. Yn jild útdrukt is dat in bedrach fan dik 32 tûzen euro by in ôfdracht fan 16,54 de man. Mar dêr hâldt net by op, want it is de grize massa dy’t noch lid is mar der giet mear ôf as dat der by komt. Fan dizze 7315 man en frou keatse der aktyf heechút miskien noch in hûnderd as fiif,  heechút seis.

De rest is allinne mar goed foar de kontribúsje. Sels de jeugd levert yn. Fiif jier lyn noch 2351 en no, anno 2021,  2116 dochs er wer in werom gong fan 235 leden. No net roppe dat it net sa is want sifers liege noait. Frjemd is dat dêr hast noait oer skreaun wurdt troch de bond. As je dan lêze dat Sander de Rouwe fan de provinsje seit dat it keatsen de topsport status hawwe moat dan sakket my de broek ôf. It soe fansels gjin gek idee wêze dat sa’n man wat faker nei de fjilden komt, want as hy dat die dan soe hy sjen dat it keatsen yn de top hast oan de soerstof moat. Topsport…. lit my net laitsje. De toppers sille der faaks in soad foar dwaan mar dêr sjoch ik en mei my oare leafhawwers, te min fan werom.

Yn de haadklasse manlju binne der heechút fjouwer partoer dy’t om bar foar bêst opslaan kinne en by de froulju binne der mar seis froulju dy’t dat predikaat fertsjinje. De rest by de froulju is listfulling. De beide toppartoeren krije faak net mear as ien of twa earsten tsjin op wei nei de finale. Dat is net leuk foar dy toppers, mar is ek net leuk foar al dy froulju dy’t langer wurk hawwe om harren te ferstrûpen dan dat sy op it keatsfjild stean. Mar datselde is fan tapassing op it flaggeskip fan de KNKB. Partijen fan 25 minuten is mear regel as útsûndering. Seisbierrum en Wytmarsum wienen der moaie foarbylden fan. Dus praat no noait mear oer keatsen as topsport want dan giet de broek daliks wer op ‘e knibbels. Ek it ferhaal fan Pieter Breuker oer de spatskermen yn de moffen. Fansels sil der wol ris in keatser west hawwe dy in stikje fan it spatskerm yn de mof hie, mar die koenen je op de fingers fan ien hân telle. Der wienen mar in pear dy’t goed mei de Belgyske mof út de fuotten koenen wêrfan’t Tjisse Wallendal de útsûndering wie.

Dyselde Wallendal presentearre yn 2012 in grut rapport hoe’t je as organisaasje it keatsen wer in kontsje jaan koenen. 5000 leafhawwers binne fragen steld en der kaam in rapport dat it besjen beslist lije mocht. Is der ek wat mei dien freegje je dan ôf? No, nee sei Tjisse snein tsjin my. Under it bewâld fan Sipke Saakstra en Wigle Sinnema is it yn in laad smiten. Sa’n djip laad,  dat net ien it ea werom fûn hat. Jaa, dêr binne de beliedsmakkers fan de bond hiel goed yn. Goeie dingen sa fier fuort stopje dat net ien der wer op werom komt of komme sil. Petsje ôf foar sokke mannen! Je kinne ek stelle dat se der gjin bliksem fan snappe. Se binne der, mar de leafde foar it spultsje is fier te sykjen. Nee, sjoch dan nei de mannen fan de PC. Dy dogge der alles oan om it keatsen in kontsje te jaan. Se sette har al jierren yn foar it jeugd en junioaren keatsen. Dat is moai mar de bond soe it foartouw nimme moatte. Mar ek by saken sa as it PC-Kafee wêryn’t it keatsen iten en dronken wurdt, moatte je de HB-leden mei in ljochtsje sykje. Se binne der noait. Je kinne ek stelle dat it passanten binne dy’t feitlik neat mei it keatsen hawwe.

Hienen se dat wol dan wie dat gedrocht fan in Ranking allang op in sydspoar setten. Wat ea bedoeld wie as in middel is no ta doel makke. It is yn myn eagen de grutste stommiteit dy’t it keatsen yn it hert rekket. En mar folhâlde dat dit it is. Hoe fier binne je dan fan hûs! Freegje mar oan de mannen fan Simon Zijlstra-en-dy hoe’t dy de ranking yn 2021 belibbe hawwe. Ferplicht meidwaan moatte oan de haadklasse, der net ree foar wêze en dan de wedstriid fan it jier misse omdat je op de haadklasse wêr’t je neat te sizzen hawwe te min punten skoare. Ien kear winne yn de twadde klasse en je stean hast mei ien foet op it Sjukelân.

Lies yn de krante en hearde op de radio by Omrop Fryslân dat der noch sa folle kaarten oer wienen foar sawol de PC as de Freule. Dat is net frjemd. De oarsaak is dochs dúdlik: de corona! De leafhawwer wol net twongen wurde om in nije tillefoan keapje te moatten foar in besite oan de PC. Al dat gedoch om dy app op de tillefoan te krijen. Je wurde der dochs net goed fan. Hoefolle leafhawwers bin ik al net tsjin kaam op de fjilden dy’t woansdei net nei Frjentsjer komme. Se fiele har slachtoffer fan it systeem dat corona hjit. Spitich mar ik snap it wol.

Fansels bin ik yn Seisbierrum en Wytmarsum west. Yn Seisbierrum wie it de wyn dy’t it keatsen foar de manlju haast ûnmooglik makke. It reinde bûtenslaggen en it spul wie striemin. Mar rap ferjitte! Wat sa njonkenlytsen wol opfalt is it feit dat foar de parse hieltyd minder romte makke wurdt op de keatsfjilden. Ik skarrelje no goed 50 jier by eltse wedstriid om, mar it wurdt der net better op.  In fatsoenlike stoel (it leafst ien wêr’t de leuning net drek ôfbrekt), in taffeltsje om te skriuwen; in oerkaping om je wurk by rein dochs noch in bytsje drûch dwaan te kinnen: It ûntbrekt hieltyd faker oan in tal basis foarsjennings foar de parse. Ek dit  jout oan dat it keatsen yn al syn dwaan en litten yn de delgong sit. Mar as de parse net mear komt dan ferfalt it keatsen ta in ‘veredelde ledenwedstriid’. Je sjogge it no al! Yn Seisbierrum gjin Frysk Deiblêd en gjin Ljouwerter krante. De lêste is der sneons al noait mear by. Moai ek dat Henk Hempenius noch altyd by it frouljus keatsen komt om der ferslach fan te dwaan. Oars wie dat ek dien wurk.

 

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 2, 2021 14:39
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel