Hendrik Gjaltema 1933-2021

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 23, 2021 11:50

Hendrik Gjaltema 1933-2021

Yn de adfertinsje yn de Ljouwerter krante stie: ‘Trije spul is út’. Better hie Hendrik Gjaltema net omskreaun wurde kinnen. Hendrik syn hiele libben stie yn it teken fan keatsen. As ik him tsjin kaam, dan gong it daliks oer it keatsen dat hy sa leaf hie. Hendrik wie in apart man yn dy sin dat syn miening meastal dûbel telde. As der 55+ keatsen wie, dan kaam hy faak efkes del. In pear wurden, de list, en dan sette hy wer op hûs ta.

Hendrik waard berne op 6 augustus 1933 yn Peins. Mar  al rillegau kaam hy te set yn Skalsum. It wie ek it plak wêr’t it keatsen op ‘e buorren him te pakken krige. Hendrik wie der sljocht fan. Ien fan syn hichtepunten yn it keatsen wie wol de winst op de Freule Partij fan 1950. Net foar Skalsum mar oar Peins. Dêr keatsten doe ek Evert Faber en Pieter Boonstra. In knappe tredde maat wie noait wei fansels en sa kamen se út by Hendrik Gjaltema.  It koe eins net want Hendrik wenne yn Skalsum. Mar goed, der waard in mouwe oan past en Hendrik ferhuze nei pake en beppe yn Peins en koe sa mei dwaan oan de Freule fan 1950. Hendrik is dan 17 jier âld. It ferhúzjen nei pake en beppe hat fertuten dien want de priis is dy dei foar Peins en Hendrik waard ek noch útroppen ta kening fan de dei en krige foar syn keningskip in sulveren dollar. Hendrik soe ek de lêste kening fan de Freule wêze want dêrnei is der nea wer in kening west. Hendrik wie der mar wat grutsk op.  Hendrik wie in ridlike twaddeklasser en kaam geregeld mei in priis thús. Nei syn aktive keatserskarrière waard Hendrik yn 1966 skiedsrjochter by de KNKB. Tsien jier lang hat hy dat dien mar it lieden fan de PC wie in brêge te fier, wat hy o sa spitich fûn hat. Snein 15 augustus 2021 kaam der dochs noch hommels in ein oan it libben fan in markant man. Hendrik Gjaltema mocht 88 jier wurde!   (Foto: Keatsmuseum). 

 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 23, 2021 11:50
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel