Harmke Siegersma, Margriet Bakker en Tineke Dijkstra hâlde op mei keatsen
Gerelateerde Artikelen
- Wedstrijdlijst Minnertsga heren hoofdklasse vrije formatie woensdag 17 juli 2024 0
- Eerste krans op de hoofdklas voor Elske van Straten samen met Iris Oosterbaan en Manon Scheepstra tijdens door elkaar loten bij Kaatvereniging “Thomas Prins” in Peasens Moddergat 0
- Wedstrijdlijst Harlingen dames hoofdklasse d.e.l. zaterdag 13 augustus 2022 0
Harmke Siegersma, Margriet Bakker en Tineke Dijkstra hâlde, om ferskillende redenen, oan de ein fan dit seizoen op mei keatsen. Louise Krol wurdt de nije foarynse by it partoer fan Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia, dat sneon de haadklassewedstriid yn Burchwert wûn.
“It is wol goed sa, der binne mear dingen as keatsen yn it libben”, seit Harmke Siegersma. Se wûn de Jong- Famme partij, sân kear de bond foar froulju en wie twadde op de Frouljus-PC. Se wûn ek ferskate ynternasjonale toernoaien Wallball.
Margriet Bakker (29) nimt fanwegen blessueres ôfskied. “It is benammen toch myn knibbel dat ik besluten ha om op te hâlden en de nocht is der ek in bytsje ôf.” Jierren lyn waard se operearre, mar se hat net it folle fertrouwen yn it gewricht en se hat ek noch lêst fan de ljisk.
Tineke Dijkstra wurdt mem en hâldt dêrom op mei keatsen. (Bron: Omrop Fryslân).









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie