Bûnspartij foar senioaren hat syn langste tiid han

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 30, 2021 21:31

Bûnspartij foar senioaren hat syn langste tiid han

Dat kinne je wol opmeitsje as je it tal oanjeftes sjogge foar sneon yn Tsjom. Mar 42 ôfdielingen hawwe harren foar dizze wedstriid op jûn werfan ek noch acht dûbele. Sjirk de Wal fan de Ryp komt sels mei trije partoer. Hat ek neat mear te krijen mei de status fan dizze klassieker. Want dat is it allang net mear sûnt der mear as ien partoer fan in ôfdieling dielnimme mei. It unyke karakter is fuort. Eartiids wienen der foarwedstriden om út te meitsjen wa’t nei de bûnspartij mocht. Der waard om striden. No giet it net mear om de kwaliteit mar om de kwantiteit. De dielname is hurd nei ûnderen dondere. By it 100-jierig bestean fan de bond telde de list noch 85 partoer en yn 2000 wienen dat der noch 75. Ea wienen der in kear 88 partoer. Yn 2010 stie de teller op 70 en yn 2019 by de lêste bondswedstriid telde de list noch 69 partoeren mei 14 dûbele ôfdielingen. No anno 2021 stean der noch 34 fan de rom 110 oansluten ferienings op de list foar sneon yn Tsjom. In tredde part komt noch opdraven. De rest leauwt it wol. Blykber hat it gros fan de keatsers neat mear mei dizze wedstriid. Dat jout wat oan! Ek dizze  klassieker hat syn langste tiid han.  Dizze tiid hat syn eigen spulregels en hat neat mei it ferline!

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 30, 2021 21:31
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel