Bûnspartij foar senioaren hat syn langste tiid han
Related Articles
Dat kinne je wol opmeitsje as je it tal oanjeftes sjogge foar sneon yn Tsjom. Mar 42 ôfdielingen hawwe harren foar dizze wedstriid op jûn werfan ek noch acht dûbele. Sjirk de Wal fan de Ryp komt sels mei trije partoer. Hat ek neat mear te krijen mei de status fan dizze klassieker. Want dat is it allang net mear sûnt der mear as ien partoer fan in ôfdieling dielnimme mei. It unyke karakter is fuort. Eartiids wienen der foarwedstriden om út te meitsjen wa’t nei de bûnspartij mocht. Der waard om striden. No giet it net mear om de kwaliteit mar om de kwantiteit. De dielname is hurd nei ûnderen dondere. By it 100-jierig bestean fan de bond telde de list noch 85 partoer en yn 2000 wienen dat der noch 75. Ea wienen der in kear 88 partoer. Yn 2010 stie de teller op 70 en yn 2019 by de lêste bondswedstriid telde de list noch 69 partoeren mei 14 dûbele ôfdielingen. No anno 2021 stean der noch 34 fan de rom 110 oansluten ferienings op de list foar sneon yn Tsjom. In tredde part komt noch opdraven. De rest leauwt it wol. Blykber hat it gros fan de keatsers neat mear mei dizze wedstriid. Dat jout wat oan! Ek dizze klassieker hat syn langste tiid han. Dizze tiid hat syn eigen spulregels en hat neat mei it ferline!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment