Wat in dei sa’n Freule dei!
Gerelateerde Artikelen
Wat in dei sa’n Freuledei! Op woansdei 11 augustus sil opnij ien fan de moaiste keatspartijen op de kalinder ferkeatst wurde yn Wommels. De Freulepartij kin dit jier yn oanpaste foarm trochgean. Nei in tige beheinde partij yn 2020, binne wy bliid dat wy dit jier wer publyk by ús moaie evenemint wolkom hjitte meie. It publyk moat lykwols wol rekken hâlde mei de hjoeddeistige coronamaatregelen, en dat betsjut dat se yn oanrin nei de partij guon saken goed op oarde hawwe moatte.
QR-koade
Elk is wolkom op de Freulepartij, mar besikers moatte har wol oan inkele regels hâlde. Sa moat elk in identiteitsbewiis meinimme, om sjen te litten by de yngong. Ek is der in QR-koade nedich om te bewizen dat der in folledige faksinaasje plakfûn hat, of dat der in negative test ôfnaam is. Dizze test mei net âlder wêze as 24 oeren.
Kaartferkeap
It is dit jier ferplichte om in sitplak foar de partij te keapjen. Losse lânkaarten wurde dit jier net ferkocht. Wolle jo wis wêze fan in tagongsbewiis dan is it oan te rieden dit yn de foarferkeap te dwaan, wij meie mar in beheind tal sitplakken ferkeapje. Dit is online mooglik fia de webside www.defreulepartij.nl. Mochten net alle kaarten yn de foarferkeap ferkocht wurde dan kin der op de dei sels noch in kaart kocht wurde, ôfhinklik dus fan it beskikbere oantal kaarten.
Nettsjinsteande al dizze maatregelen binne wy as bestjoer derfan oertsjûge dat it in prachtige dei wurde sil. Wy hoopje jimme op 11 augustus te sjen op it keatsfjild yn Wommels.
It bestjoer fan de Freulepartij yn Wommels
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie