Wat in dei sa’n Freule dei!

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 31, 2021 17:58

Wat in dei sa’n Freule dei!

Wat in dei sa’n Freuledei! Op woansdei 11 augustus sil opnij ien fan de moaiste keatspartijen op de kalinder ferkeatst wurde yn Wommels. De Freulepartij kin dit jier yn oanpaste foarm trochgean. Nei in tige beheinde partij yn 2020, binne wy bliid dat wy dit jier wer publyk by ús moaie evenemint wolkom hjitte meie. It publyk moat lykwols wol rekken hâlde mei de hjoeddeistige coronamaatregelen, en dat betsjut dat se yn oanrin nei de partij guon saken goed op oarde hawwe moatte.

QR-koade

Elk is wolkom op de Freulepartij, mar besikers moatte har wol oan inkele regels hâlde. Sa moat elk in identiteitsbewiis meinimme, om sjen te litten by de yngong. Ek is der in QR-koade nedich om te bewizen dat der in folledige faksinaasje plakfûn hat, of dat der in negative test ôfnaam is. Dizze test mei net âlder wêze as 24 oeren.

Kaartferkeap

It is dit jier ferplichte om in sitplak foar de partij te keapjen. Losse lânkaarten wurde dit jier net ferkocht. Wolle jo wis wêze fan in tagongsbewiis dan is it oan te rieden dit yn de foarferkeap te dwaan, wij meie mar in beheind tal sitplakken ferkeapje. Dit is online mooglik fia de webside www.defreulepartij.nl. Mochten net alle kaarten yn de foarferkeap ferkocht wurde dan kin der op de dei sels noch in kaart kocht wurde, ôfhinklik dus fan it beskikbere oantal kaarten.

Nettsjinsteande al dizze maatregelen binne wy as bestjoer derfan oertsjûge dat it in prachtige dei wurde sil. Wy hoopje jimme op 11 augustus te sjen op it keatsfjild yn Wommels.

It bestjoer fan de Freulepartij yn Wommels 

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 31, 2021 17:58
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel