Minnertsgea
Related Articles
Ek Keatsferiening Minnertsgea sil gearkomme oer de nije situaasje, seit foarsitter Jacob Wassenaar. Minnertsgea soe itselde systeem tapasse as de PC en soe syn haadklasse partij (foar manlju én froulju) op woansdei 21 july ek draaie mei folle bak publyk. Sels mei in feesttinte mei live muzyk.
Dat lêste mei net mear ûnder de nije regels. Mar fierder hopet Minnertsgea de partij dochs te organisearjen sa as it betocht is. Wassenaar: “Wy hawwe in hiele romme akkommodaasje. Wy soene ek noch it fuotbalfjild der by brûke kinne. Dan hawwe wy noch mear romte. Mar wy sille takom moandei om tafel en dan sille wy sjen wat der mooglik is.” (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment