Kweapraat 2

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 19, 2021 09:29

Kweapraat 2

Wy sitte op dit stuit yn de heechsimmer fan it keatsen. Alle dagen is der wol in partij as je de aginda fan de bond leauwe meie. Mar geregeld docht ek bliken dat der dan  somtiden mar ien oanjefte is. Wat is de sin der dan fan. Wa’t it wit mei it sizze. Ofrûne wike wienen der wer tal fan partijen dy’t fan de aginda ôfhelle binne omdat der net genôch leafhawwers wienen. Wat ek opfalt is dat guon keatsers har rap werom lûke fan in trochinoarlotterspartij. Sa as yn Sint Anne. Dêr bleaunen fan de tsien partoeren mar njoggen oer. Dan tink ik: Wolle de keatsers dit noch wol! Mar ja,  as de bond de eachkleppen op hâldt, dan sil it wol noait oars wurde. Datselde kin sein wurde fan de ranking. Wat ea bedoeld wie as in middel,  is no ferwurden ta in doel! As foarbyld nim ik mar it partoer fan Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. As it in bytsje tsjin sit dan kosset de oerwinning ferliden jier yn Mantgum har miskien wol de kop foar dielname oan de PC dit jier. Yn Mantgum hawwe de mannen een karre fol punten fertsjinne en dy punten hingje har straks oan de ein fan de rit as in stien om ‘e nekke. Ik seach dizze wike nei de ranking en seach it partoer fan Tjeerd Andringa, Hijlke Bruinsma en Jacob Wassenaar op plak 15 stean….Sjoch, net om dy mannen hear, mar dan is der dochs wat mis!

Mar goed, op de Rengers waard Menno van Zwieten kening fan de partij en dat is tige knap fan dizze ‘mankearde’ efterynse. Menno docht it boppe ferwachting hiel knap yn it efterperk. Dat koe snein net sein wurde fan  it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Sa moai yn de list en dat ek noch wol op de ferneamde Rengers.  De mannen moatte by it sjen fan de lotting hast efteroer slein wêze. Moaier koe it net! Allegear earsteklas partoeren om har hinne. Plakje yn de finale wie al klear. Sa moatte de mannen tocht hawwe, oars kin ik net begripe wat ik sels mei eigen eagen sjoen haw. As ik der sels net west wie dan hie ik it hast net leauwe kinnen. It kin net oars as de mannen hawwe de tsjinstanner swier ûnderskat. Se tochten oan in ‘eitje’ mar it waard in swiere befalling. Van der Bos hie hast noait ien der yn en Triemstra en Zijlstra sloegen allinne mar gatten yn de loft. Ik fûn it beskamsum en mei my noch folle mear. Hoe kinne je je sa fergaloppearje? Se dogge ek al in moai skjoft mei no! Yn Makkum keatste Van der Bos geweldich en no hie hy al fjouwer missers yn it earste earst. Yn Minnertsgea kinne se sjen litte dat dit in fersin wie!

Mar it wie matich, hiel matich wat it handsje fol publyk op Sonnenborgh te sjen krige. Bepaalde partijen dienen sear oan de eagen. It wie faak in parody op it keatsen. Partijen fan 29 missers, dat heart net sa. Je binne dochs haadklasser! Mar der wie ien gelok:  It wie moai waar! Boppedat hienen wy no wer in oare winner! Mei noch fiif partijen foar de PC te gean kin it alle kanten út. Wa’t it wit mei it sizze!

Ferline wike haw ik it al efkes by de kop hân:  De Corona app! Freonen, as jim in besite bringe wolle oan de PC dan soe ik no alfêst mar begjinne mei it binnen heljen fan de Corona –app,  want oars soe dat wol ris op in grutte teloarstelling útdraaie kinne. Ik haw der ûnderfining mei! Ik bin der fan ôfrûne woansdei mei dwaande west.  Ik wie prikt troch de hûsdokter. Dan begjint it! It RIVM seit: “U bent niet bekend bij ons”. Dus ik wer werom nei de hûsdokter! Dy seit: “Jo binne faksinearre en jo binne oanmeld by it RIVM”. Ik wer nei hûs. Jûns sjocht myn soan nei oft ik oanmeld bin! Nee, dus! Wer in dei foarby. Moarns betiid mar wer persoanlik nei de húsdokter praktyk! “Moet vandaag lukken…zo niet dan moeten wij een andere truc verzinnen”.  Ik jûns wer sjen! No, nee dus. Sjoch, dan wurdt it bloed tin! Ik moat my ynhâlde,  mar gean freed wer nei de praktyk. Stean al om healwei achten foar de doar. Se sjogge my fan fier oankommen… “Dêr is hy wer:  Dy man fan de app”. Je sjogge se tinken.  Ik lis it nochris út…sis dat ik dy app nedich haw oars kom ik miskien net by guon keatspartijen. Ik  stel in fles jenever beskikber foar har of him dy’t my frij baan jout.

Dan, om alve oere,  sjoch ik op myn Ipad…Ik haw myn app!! Ik printsje him daliks. Stel dat hy wer útnaait. Ja, wit ik folle! Om fan alle gedoch of te wêzen skaf ik my sa’n nijmoadrige telefoan oan. Sa nij dat der sels gjin hoeske foar is. Mar no komt it: RIVM lit witte dat de app pas op 27 july ynstalearre wurde kin. In moanne nei myn lêste faksin. Myn soan krijt op woansdei om 9 oere syn twadde faksin op it TT terrein yn Assen. In oere letter hat hy syn app…net ien mar wol trije!

Wy libje dochs yn in frjemde wrâld wêr’t foar de ien oare regels binne as foar de oar! It keatsen is der gjin útsûndering op!

Oant oare wike!       

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 19, 2021 09:29
Write a comment

3 Comments

  1. Pieter van Althuis juli 19, 16:00

    Ik fien al jirren dat de ranking net klopt… IT hiele Ier trochtelle docht mear rocht oan de minsken, lees keatsers, dyt alle wiiken fourtgean te keatsen. Twadde klas levert yn ferhading t measte op, omdat yn haadklasse t dreech is omloop te winnen… Enfin der is al jaren tefolle discussie oer, dat seit EK wat.

    Reply to this comment
  2. Pieter Klaas Goodijk juli 20, 07:49

    Pieter van Althuis heeft volkomen gelijk.
    De ranking is overbodig.
    Met een gedegen T.C. kan je alles in de juiste banen leiden.
    Dus…….Stoppen er mee!

    Reply to this comment
  3. Johan Weerstra Workum juli 24, 16:27

    Stop met de ranking. Een TC waarvan de leden geen enkele relatie hebben met een kaatser uit de 2e, 1e en hoofdklasse kan het beterer beoordelen dan wat de resultaten van de huidige ranking zijn. Dus HB stop er volgend seizoen mee!!

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Sieds Rienks

    Sieds Rienks

    Taeke Troelstraweg heeft de Oldehovedag 7x gewonnen en niet 6x zoals vermeld werd. Hij staat achter Sjouke Helfrich en Taede…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Oars as Jan Braaksma yn syn Kweapraat fan 0408 tinkt, wienen ekstremen yn it bedroch mei de nap ûnder alle…

    View Article
  • Pieter Breuker

    Pieter Breuker

    Yn syn lêste Kweapraat komt Jan Braaksma op myn opmerkingen oer de nap. No gong it my dêrby net sasear…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel