Kweapraat
Related Articles
“Wêr bliuwt kweapraat”, haw ik de lêste wiken faak heard! Ja, wêr bliuwt kweapraat…! Ik haw it efkes besinke litten…Set ik der in streek ûnder, of haw ik de enerzjy noch om it wer op te pakken. Stek ik myn enerzjy der noch yn…Wol ik dit noch? Of is it wetter nei de see dragen.
Sjoch, it keatsen hat my in soad brocht mar ik bin der ek in soad troch kwytrekke. Dêr tinke je net oan as jo je jier yn jier út mei dit moaie spultsje dwaande hâlde! Ik wie tink ik in jier as fiif seis doe’t ik op in sneintemiddei in man mei in krânse om de nekke, op ‘e fyts oan kommen seach. “Dat is Hotze Schuil”, hearde ik myn heit sizzen. Ik stie mei him oan de ein fan de reed by ús hûs. Fierder kaam heit net want de fytser woe fan de bûten- nei de binnenbocht op de grutte dyk en doe gong it mis. Hy hie gjin rekken hâlden mei de greppel dy’t tusken de twa diken lâns rûn en hy sloech in slach oer de kop. Fan syn moaie fyts wie de foarfoarke stikken en de krâns lei yn ‘e berm. “Wat te lang sitten”, hearde ik heit sizzen. Wat dat dan ek mar betsjutte koe. Sa kaam ik foar it earst yn de kunde mei it keatsen.
It hat my feitlik nea wer loslitten. Myn âldste broer wûn de lytse preemje op de Freule en myn twadde broer koe ek in aardich baltsje slaan. Ik hie oare kwaliteiten tink ik dan. Alles witte wolle oer hoe’t it eartiids wie. Ik haw in geweldich soad opstutsen fan Doeke Sylstra oangeande it siferwurk en Jan Rodenhuis hat my it archivearjen bybrocht. In stoomkursus ûnder it motto “sa en net oars”. Mei de stôk joech hy it ritme oan. Dat wie miskien net altyd leuk, mar ik haw in soad fan him opstutsen. “Noait tefreden wêze”, sei hy en dat is my by bleaun. Noait tefreden wêze. Tûzen oeren en miskien wol folle mear foar it útsykjen en wol fyftjin tûzen oeren efter de typmasine…Doe kaam de kompjûter en doe moast alles wer op ‘e nij. Je kinne wol sizze dat it libben my tusken de fingers troch glipt is…Altyd en ivich dwaande mei it keatsen en alles bewarje wolle. Noait op fakânsje wolle, seker net as der keatst waard.
En as wy al ris op fakânsje giene: De map mei listen fan de PC mei en daliks yn de klûs fan it hotel as wy op it plak fan bestimmimg kommen wiene. It wiene (en binne) foar my de kroanjuwelen. Machtich moai spul haw ik krigen fan Jelle Dijkstra, soan fan Skelte Dijkstra, de grûnlizzer fan it hjoeddeistige keatsmuseum. Ik wie by him yn Harlinga om in belestingbiljet yn te fullen en ûnder de kofje helle hy de listen fan de PC út de kast. “Fine jo dat moai”? Moai?? Prachtich geweldich!! “Dan binne se foar jo”! Foar my wiene dy listen de haadpriis fan de steatslotterij. Guon wiene as nij! Ik beskôge it as it ‘erfskip fan de PC. Soks mei ek noait ferlern gean.
Listen dy’t ea yn ‘e hannen west hawwe fan Jan Bogtstra, Rients Pieter Koopmans om der mar in pear te neamen. Dêr moatte je noed foar stean. Doe’t de PC my lêsten frege oft sy op termyn dizze map hawwe meie hoefde ik der net sa lang oer nei te tinken. Wol ûnder betingst dat in oar dizze listen nea yn ‘e hannen krijt. Dêr koe de kommisje har wol yn fine! Al dy prachtige saken dy’t ik yn de lêste jierren sammele haw. Myn tank giet ek út nei al dy leafhawwers dy’t my wisten te finen. Al dat prachtige spul dat oan my tabetroud is. Want der is (en dat komt noch altyd foar) hiel wat troch de brievebus fan de doar fallen. Dêr tinke je oan as je wer ris op in twasprong stean fan wol of net trochgean mei wat je yn it libben sa dwaande hâlden hat. Dêrom haw ik foar mysels it beslút naam om der noch mar in pear jier oan ta te heakjen. It keatsen hie en hat krityske folgers nedich oft de bond dit no wol of net aardich fynt. Dus fan takom wike ôf wer nije kweapraat oer it wel en wee yn de wrâld dy’t keatsen hjit.
Klasse Jan , let dy der net troch oaren ûnder krije.Ik sjoch der mei uut.