PC-idé: Grutte skermen op sân keatsfjilden?

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 16, 2021 11:11

PC-idé: Grutte skermen op sân keatsfjilden?

Myn buorman wurket bij Faber audivisuals yn Sint Anne. Ik wist dat net, mar dat bedriuw is werklik in wrâldspiler op de merk fan lûd en ljocht. Sy dogge ek it kommend sjongfestival, ek ynternasionaal. Henk kin dêr moai oer fertelle.

Jûns lit ik syn ferhaal yn my omgean en ik tink oan de PC. “Der komt dit jier in PC,” sei de PC, mar hoe? Ik krij in idé. Ik mail it nei Ids Hellinga.

Hoi Ids

Goed mei dy? Dat hoop ik!

“De PC giet troch,” seidest in skoftke lyn.  En jim hawwe ferskate scenario’s úttocht. Miskyn dit ek al. Dan delete.

Stel, jim hawwe fanwege corona mar plak foar 5.000 minsken. Dan moat der noch plak regele wurde foar sa’n 5.000-7.000 minsken. Dat is 7 x 1.000.

Yn 7 doarpen / stêdden sette de faklju fan Faber Sint Anna in frachtauto mei ledskermen. Hiel grut. Omrop Fryslân makket de bylden – moarns betiid ek al, fan de resepsje – en Faber soarget dat dy op dy 7 fjilden komme. De pleatslike keatsferiening hoecht inkel foar 1.000 sitplakken te soargjen, Of, at ik te optimistysk bin, foar 500.

Op it Sjûkelan stiet ek in frachtauto mei ledskermen. Op dat skerm is it publyk op alle dy oare fjilden te sjen. Binne se der toch noch by!

Ik wit net hoe ’t it sit mei it lûd. Miskyn komt it applaus fan de oare fjilden letter binnen op it Sjûkelân.Sil miskyn even wennen wêze. En, it liket my reedlik dat de minsken op de “bijfjilden” wat minder betelje foar in kaartsje.

Sjoch mar at jim hjir wat mei kinne. En oars – mar dat sei ‘k al – delete.

Hoe dan ek: sukses!

Ids mailt flot werom.

Goeie Ate!

Der sitte wol wat heaken en oezen oan, mar it is in geweldich idé!  

Dat fyn k altyd moai oan Ids, dat hy yn mogelikheden tinkt en net yn beswieren. It blykt, de PC hie sels ek in idé wat hjir wat op liket:

Wy hawwe it plan yn ús om gean litten om fan de Foarstrjitte ien grutte húskeamer te meitsjen, mei skermen, etc. Mar om sa de doarpen der by te belûken hat ek al wat.
Probleem is dat we op dit stuit eins noch neat witte oer wat kin en net kin op 4 augustus.
Tige tank Ate, ‘k stjoer it troch nei de oare mannen!
Mei groetnis,
Ids

Ik mail:

Moai datst sa entoesiast reagearst. En de Foarstrjitte as húskeamer: ek fantastysk fansels! En dan de minsken freegje om in âlde steande skemerlamp mei te nimmen? Dan hast jûns ek in prachtige feestferljochting.

Ik sjoch my wol sitten by in grut skerm yn – bygelyks – Weidum, Bitgum, Dokkum, Ljouwert, Dronryp, Hârns of Arum. Of ûnder in skemerlamp op de Foarstrjitte. It wurdt let dan. (Tekst: Ate de Jong).

Jan Braaksma
By Jan Braaksma mei 16, 2021 11:11
Write a comment

3 Comments

  1. Sjoerd Hofstee mei 16, 12:25

    Prachtig idee Ate!
    As dit plan wurkelikheid wurde kin en ‘moat’, mei de PC ús yn Reduzum wol benaderje. Wy tinke graach mei yn moochlikheden…

    Reply to this comment
  2. Ate de Jong mei 17, 19:22

    De PC wit dy dan grif te finen Sjoerd!

    Reply to this comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel