Piet de Groot 1937-2021

Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 30, 2021 16:58

Piet de Groot 1937-2021

Freed 26 maart kaam der in ein oan it libben fan âld-earsteklasser Piet de Groot fan Frjentsjer. ‘Zo sterk en sportief en toch de strijd tegen de corona verloren’ stie der yn de kop fan de adfertynsje yn de Ljouwerter Krante.

It winnende partoer op de bond fan 1968. Flnr: Sikke Sikkema, Piet de Groot, Johan van Seijst en coach Wijtse Vlietstra. (Foto: LC).

k koe it fan ’e moarn ek haast net leauwe dat Piet der net mear wie. Piet wie dan wol 83 jier mar hy stie noch stiif mei beide fuotten yn de Fryske klaai. Ik kaam Piet geregeld tsjin as wy beide om boadskippen gongen. Piet wei in iepen en blier man en it petear gong fansels altyd oer it keatsen hoe lyts it ek wie. Piet wie fan de krun oan’t de lytse tean in op en top sportman. Net allinne it keatsen stie ticht by Piet mar ek wie der de leafde foar it fuotbal. Wa hie no ea tinken kinnen dat Piet belies jaan moast tsjin it firus dat Corona hjit. In oantal jierren lyn wie ik noch by Piet op besite oan de Noorderbleek yn Frjentsjer. As eare betoan oan Piet noch in kear it petear dat ik doe mei him hie.

Piet de Groot: “De minste keatsers binne de grutste leafhawwers”

Yn Frjentsjer oan de Noorderbleek oan de râne fan de Alvestêdenrûte moetsje ik âld-keatser Piet de Groot. De Groot wie jierrenlang de geblokte achterynse fan keatsferiening Jan Bogtstra dy’t yn alle silen mak wie. Piet wie in all-round sportman want njonken it keatsen koe hy him ek aardich rêde op it fuotbalfjild en boppedat stie hy syn mantsje by it reedriden.

Dêrnjonken wie hy ek noch belutsen by it opsetten fan keatstrainingen, wie jierrenlang trainer fan in oantal fuotbalklubs, hat krapoan fyftjin jier wurke foar de eardere FVB en is no noch altyd warber as scout by fuotbalklub Hearrenfean, de betelle organisaasje wol te ferstean. Je soenen je hast ôffreegje hat dizze man ek noch tiid hân foar syn deistich wurk as timmerman.

“Ja, dat koe der noch wol efkes tuskentroch. It wurk hat der noait ûnder te lijen hân. De sport hie myn leafde en wat je graach dogge kostet faak minder ynspanning as je foar mooglik hâlde. Fan myn sânde oant myn sânentritichste ha ik sels fuotballe. Sis mar krapoan tritich jier. Ho, dat hat noch in oantal jierren langer duorre want neidat ik ophâlden wie by Sportklub Frjentsjer ha ik dêrnei noch in oantal jierren fuotballe by Sportklub Froonacker dy’t op sneons spile. Ik hear dy man noch sizzen: ‘Wolsto sels noch meidwaan Piet?’ Ik sei ja, dat nivo kin ik noch wol oan. No, it binne der noch trije jierren wurden. Ik koe blykber moeilik ophâlde moast mar tinke.”

Mar it wie fansels net allinne it fuotbal wat Piet yn ’e besnijing hie ek it keatsen en it reedriden wienen syn grutte passy.

“Wy wennen oan de Ypeysingel op nûmer ien. Flakby wenne ek de pake fan Wijtse Vlietstra, wêr’t Wijtse in soad by oer de flier kaam. Myn buorjonkje wie Oepke Vellinga, in soan fan Valentijn Vellinga, dy’t ek noch wol foar Jan Bogtstra keatst hat. Wy keatsten altyd mei de ‘zachte’ bal. Wy keatsten in soad op ’e strjitte mar noch folle faker op it Sjûkelân dat in hoannestap fan ús ôflei. Efkes it brechje oer en dan wienen wy der al. Sjoch, dat wy keatsten wie op himsels net sa ferwûnderlik. Dêr wie ek folle minder as hjoeddedei. Keatse en fuotbalje dat wie der en dat dienen je dan ek.”

Do makkest pas namme as’t by de junioares komst te keatsen.

“Ja, dat kinst wol sizze. By de jonges ha ik fansels ek wol keatst mar myn ‘trochbraak’ komt yn de tiid fan de junioares. Ik ha noait op de Freule keatst. Wy hienen hjir yn Frjentsjer wol fjouwer partoer dy’t der gading oan makken om op ‘e Freule te keatsen. Twa partoer fan de CFK en twa fan Jan Bogtstra. Ja, sa gong dat eartiids. Wy moasten derom keatse. Yn it jier dat Edzer de Boer, Gerrit Herrema en Wop de Jong de Freule wûnen ferlear ik mei ús partoer yn ’e foarwedstriid. Ik wit it noch goed: it wie fiif earsten gelyk en fjouwer gelyk. It koe noch alle kanten út mar de lêste twa ballen krige ik op ‘e sokken. Ik ha de bal noait sjoen sa tsjuster wie it doe al. Spitich mar it is net oars. Je krije net altyd wat je ha wolle.”
Mar goed by de junioares komst mear yn byld. In 1956 pakst mei Siem Boorsma en Henk Seerden noch in lytse preemje op de Jong-Nederlân partij.

“Dat wie net gek fansels. Ik wie op myn bêst as ik in soad wurk fersette moast. Dat wie faak foarbêst op en achteryn. Henk Seerden wie mar in hiele gewoane foarynse dy’t mear woe as hy koe en it slimste wie ek noch dat hy tocht dat hy dat koe. As it efkes net woe dan woe Henk ek noch wol ris de foarbêst opslach oernimme. No, dat koe neat wurde want dat wienen allegear opgoaiers. Henk lei ek altyd op ‘e bealch. Dat kaam nei alle gedachten troch it follybal.’’

Yn 1959 kom ik dy foar it earst tsjin op de earste klasse. Op de útnoegingspartij fan Jan Bogtstra winst de lytse preemje mei Meindert van der Weerd en Sjoerd Tjeerdema. In jier letter op 6 augustus 1960 binne de krânsen foar jimme op de ferneamde ôfdielingswedstriid fan Jan Bogtstra.

“Ik keatste doe mei Sikke Bouwma en Henk Seerden. Dat wie moai fansels winne yn eigen stêd. Do koest Sikke Bouwma der wol by ha. As hy it op ’e heupen hie dan gong it mâl. It koe mei Sikke faak alle kanten út. Hy koe in partij foar dy winne mar likegoed ek ferlieze. It wienen yn dat ljocht aparte mannen.’’

Yn 1962 wurdst reserve-earsteklasser, yn 1966 makkest in stap omheech nei de earste klasse en in jier letter bist wer reserve-earsteklasser. Hoe koe dat want do siest faak yn ’e prizen. Wie it net by de earsteklasse dan wol by de twaddeklasse.

“No, dêr is wol in ferklearing foar. Njonken it keatsen wie ik ek altyd oan it fuotbaljen. Sportklub Frjentsjer hjitte yn dy tiid noch Freno, dy wol bekend. No, it fuotbaljen oerlape altyd it begjin fan it keatsseizoen. Freno hie yn dy jierren dat ik keatste in moaie ploech dy’t ek wol meidie om it kampioenskip. De belangen wienen faak dûbel. Mar dêr hie ik net allinne mei te krijen. Corrie Hoekstra, ús spits, keatste ek op de earsteklas wedstriden. Je moasten faak in kar meitsje fan keatse of fuotbalje. No, ik besocht it beide te dwaan.’’

Hie it keatsen der dan ek ûnder te lijen of foel dat wol wat ta?

“Dat soe kinnen ha mar dat is altyd praat efterôf. Ik wit wol dat Nanning Koekje (Nanning Staalstra red.) wol ris by my delkaam. ‘Do moast dy grutte bal ynwikselje foar dy lytse’, sei hy dan. Sjoch, hy hie der fansels wol wat doel oer.’’

Yn 1965 winst de priis yn Marsum en do wurdst ek noch kening fan de partij mar doe moast feitlik ek fuotbalje yn Noardwâlde. De jonges rekken dêr in bytsje op. Hoe siet dat presys?

“No, dat sil ik dy fertelle. By it begjin en de ein fan it seizoen joech dat wol ris wat gedoch. Sa ek by de wedstriid yn Marsum. Op de lêste training hienen de jonges my al frege hoe’t ik yn’ e list siet foar Marsum. In heech of leech nûmer en wa’t myn maten wienen. Want as ik der gau ôf wie dan koe ik mei nei Noardwâlde. No, de wedstriid begûn om alve oere. Ik hie nûmer 8 en Hotze Schuil en Foppe de Vries wienen myn maten. It wie in spannende partij dy’t nei de fiif earsten rûn. It waard fiif earsten gelyk en fjouwer gelyk. De bus mei de jonges fan it fuotbalalftal stie op ’e dyk tichtby it keatsfjild. As ik ferlear koe ik daliks ynstappe en op nei Noardwâlde. De sporttas hie ik der ek al foar ynrjochte. Oan de iene kant de fuotbalklean en oan de oare kant dat wat ik nedich hie foar it keatsen. No, by it wikseljen fan de opslach komt de Lange by my. ‘As’t dizze partij winne wolst Piet dan moat ik twa slaggen foaryn’. No sei ik: ‘Dat fyn ik bêst. Do moast mar efkes oerlizze mei Foppe’. No, dat koe wol. Hein Zijlstra en Evert Heeg woenen perfoarst Hotze mije mar dêrtroch koe ik der prachtich ûnderstappe en kletste beide ballen oer it kleedsje. By de lêste bal hearde ik dat de motor fan de bus start waard. Ja, je kinne net alles ha. Mar hawar wy pakten ek noch de priis, sis mar de gouden klokjes. Yn de finale koenen Wijtse Vlietstra, Henk Seerden en Piet IJsbrandy it net oprêde. Op 5-5 en 6-2 wie it dien mei de keapman. Sokke dingen bliuwe je wol by.”

Op de bond koe Frjentsjer ek altyd goed meikomme. It wie de tiid dat Harns, Baard en Ljouwert faak foarbêst opsloegen. Yn 1966 de lytse preemje, yn 1970 in fiifde priis en yn 1968 wienen jimme eltsenien de baas. Mei Johan van Seijst en Sikke Sikkema winne jimme dan fan Boalsert mei Sjouke de Boer, Meint Brunia en Fré Haanstra. Wat wienen Van Seijst en Sikkema foar maten?

“No, Johan van Seijst, de sokketrekker, wie in hiele bêste opslagger mar it wie myn man net. Ik fûn it in opstannich jonkje, freeslik fûleindich en min yn de kommunikaasje. De keatsen wienen altyd te lyts. Dêr wurde altyd de klam op lein. Je hienen it altyd dien. Johan mocht ek graach it blokje fan de keats sa lizze wat him it bêste útkaam. Altyd mei de foet it blokje fersette. Ik waard dêr faak strontsiik fan. Dat barde ek in kear yn Wergea op in frijeformaasjepartij. Ik keatste dy dei mei Jan Tamminga fan Bears en Jos van Wieren fan Marsum. Wy moasten tsjin Johan van Seijst, Tamme Velstra en Johannes Westra. Wer dat gedonder mei dy blokjes. Wy steurden ús dêr freeslik oan. Nei de lêste slach, wy wûnen dy partij, rekke de oars sa guodlike Jan Tamminga hielendal fan it sintrum. Hy fleach op Tamme ôf, pakte him by de bealch en kiperde him sa yn in betonbak. Dan te witten dat Tamme ek net in lytse jonge wie. Ja, doe rûn it Jan oer de skuon. Wat wol wer goed wie fan Johan wie it feest nei ôfrin fan de wedstriid yn Frjentsjer. Nei de winst op de bond hat hy der foar soarge dat der genôch bier nei Frjentsjer kommen is. Sjoch, syn heit hie in kroech yn Baard, dat sadwaande. Dat wie wol wer posityf fansels.

Ja, Sikke! Sikke wie foar my in lestige foarynse. Hy hie de ferfelende gewoante om nei ballen te rikken dy’t net foar him wienen. Dêr koe ik min tsjin. Nanning Koek sei wol ris: ‘Moast dy ljurk in klap yn ’e nekke jaan dan hâldt hy der wol mei op’. Koartsein, de kombinaasje Sikke en Piet koe wol mar wie út noch yn net ideaal.”

Do komst tolve kear út op de PC. Pakst yn 1965 in lytse
preemje mar wiest ek noch de man fan de eartiidse bouploech fan de PC.

“Jan, dat wienen noch ris tiden. Ik wurke by Boubedriuw Jellema yn Frjentsjer. Yn dy tiid wie it opbouwen fan de tribunes ús pakkie-an. Mei Johan Tange die ik dat. Sjoch, Henk van Breukelen, de man fan de hammer yn ‘e bûse en Arjen Jaarsma stienen foaroan, mar it wurk dat dienen wy. It is wol sa west dat der sa folle boumateriaal nei it Sjûkelân tôge waard dat it gewoane wurk by Jellema hast net trochgean koe. Noch efkes rôpen dan de mannen dan kinne wy moarn wol thús bliuwe. Do krijst net mear buizen en planken mei. Ja, dat wie in hiel gedoch. Wy dienen ek de kleden op ‘e tribune. Earst om in peal rolje, dan elk op in ljedder, en dan besykje dat kleed op ‘e tribune te krijen. It wie altyd in hiel gebealich dat kin ik dy sizze. Mar goed it wie myn wurk.

Ja, dan de PC fan 1965. In lytse preemje wêr’t ek noch wol mear yn sitten hie. Yn de heale finale moasten wy tsjin it partoer fan Hotze Schuil, Tamme Velstra en Durk Talsma. Ik keatste mei Pier de Groot fan Wergea en Jappie Visser fan Stiens. Wy kamen mei 4 om 2 achter. Kaam foaral omdat Pier efkes de kluts kwyt wie. Pier koe it brekke mar ek sa fjouwer bûten slaan. Mar goed, Pier hie de guit wer te pakken en wy komme op 4-4 en 6-6. Der leit in keats by de boppe oan ’e kant fan de Bogt. Hotze slacht op en ik slach dy bal heech út nei de kant fan ’e Bogt. Pier makket dêr in fout troch te fier nei foarren te rinnen. Hy is it blokje al foarby. No, by de boppe krijt de linkshandige Durk Talsma de bal te pakken en kin him mei rikken krekt noch keare. Omdat Pier te fier foar de keats stiet, giet de bal oer him hinne en ik bin in stap te let om de bal noch te pakken. Skande, ivich skande! It wie de brek yn ‘e partij. Sjoch, dan hie it 5 om 4 foar ús west. No wint it partoer fan Hein Zijlstra de PC. Hotze woe in keats, mar de mannen woenen it útmeitsje mei in boppeslach. Ien fan beide woe kening wurde.”

Yn de tiid dasto noch keatst begjinst ek al mei opsetten fan trainingen. Mei ûndermear Johan Jansen, Jouke Vlietstra, Henk Volbeda en Gerrit Okkinga wurdt de oanset jûn foar de hjoeddeiske trainingen.

“Kinst wol stelle ja. Der wie net folle. Wy ha kursussen folge mar wy ha ek in soad fan elkoar opstutsen. Ik krige doe de groepen 10 oant 13 en 14 oant 16 jier. Dêr sieten doe mannen by as Piet Jetze Faber, Sake Saakstra en Reinder Triemstra. Dat ha ik trije jier dien en doe waard it al rillegau it trainen fan fuotbalploegen. Sint Anne, sneons en sneins Sportklub Frjentsjer en vv Dronryp. Dêrnjonken ha ik ek noch 15 jier by de FVB, no distrikt Noard fan de KNVB, wurke. Ik fûn en fyn it noch altyd prachtich wurk om te dwaan.

Nei it trainen fan de KNKB waard ik ek noch frege troch de minsken fan it CFK. As ik harren jonges ek wol traine woe. No, wêrom net. Ik ha dat in tiidsje dien mar nei ferrin fan tiid wie ik yn ien kear fiif jonges út Tsjom kwyt. Ik snapte dat net en ha efkes frege hoe’t dat siet. No, om koart te gean: ik wie net fan it houtsje dus dat koe net! No, doe wie foar my de aardichheid der ôf. Wy prate dochs ek net oer grauw of fyn keatsen is it net?”
Troch dyn aktiviteiten yn it fuotbal bist ek scout wurden by Sportklub Hearrenfean is it net?

“Ja, mei Piet IJsbrandy bin ik no al jierren scout foar Hearrenfean. Dat foldocht poerbêst. Ik bin eartiids frege troch Foppe de Haan. Dêrfoar ha ik ek noch trije jier scout west by Cambuur. Dat wie de tiid fan Simon Kistemaker, Frits Korbach en Sandor Popovic. Machtich moaie tiid hân. Alle trije mannen wêr’t je wol mei laitsje koenen. Litte wy it der mar op hâlde!”

Keatsen, fuotbal en reedriden. Ik sjoch trije Alvestêdenkruskes dat is net mis.

“Ja, ik koe my goed rêde op ’e redens. Ik ha de tochten fan 1985, 1986 en 1997 allegearre útriden. Yn 1963 wie ik der ek by mar ik ha de tocht net útriden. It wie sa: wy hienen al de wrâld oan tochten riden doe’t de Alvestêdentocht der oan kaam. Sietse Vellinga en ik woenen dy tocht ek wol ride. Dus nei Ljouwert ta. Je hoechden doe net lid fan de feriening te wêzen om mei dwaan te kinnen. Kamen wy in man tsjin en dy fertelde ús dat wy in heech nûmer ha moasten want dan koenen wy op ‘e tiid starte. No dat slagge. Mar, o jonge wat wie dat in helletocht. Neare nacht, do seachst gjin han foar eagen. Op nei Weidum leinen wy al fjouwer kear op’ e kont. Doe nei Snits en Sleat. Op in bepaald stuit wie ik Sietse ek wer kwyt. No, dan mar roppe en roppe en ja hear dêr wie Sietse wer. Mar Sietse hie maleur en woe feitlik al net fierder. Gean do mar troch sei hy. No, dat wolle je perfoarst net mar ik ha it wol dien. Dus de Súdwesthoeke yn. By Hielpen oer de dyk klauterje en doe wer fierder. Dat wie alteast wol de bedoeling mar it is it net wurden. Ik seach neat mear en gong yn pleats fan foarút wer werom. Ik siet der yn ’e snie en dêr hear ik Sietse roppen. Hy wie der dus noch altyd mar foar beide wie it wol einde oefening. It koe gewoan net mear. No, seiden wy tsjinelkoar. Dan mar takom jier. No, dat hat 22 jier duorre.”

Do hast krapoan tweintich jier op it keatsfjild stien. Wat is dy dêrby it measte fan bybleaun. Bist noch altyd dy leafhawwer fan pak’ m beet sechtich jier lyn?

“Jan, lit ik it sa sizze. Ik mei noch graach by it keatsen komme. It keatsen fan hjoeddedei it net te fergelykjen mei it keatsen fan eartiids. Dat moatte wy ek net wolle. De sport ûntwikkelt him en dat is goed. Feit bliuwt wol dat de saaklikheid it fan de gesellichheid wûn hat. Dat muoit my. De wille dy’t wy eartiids hienen is der net mear. Hoefolle âld-keatsers sjogge je no noch op ‘e fjilden. Do kinst se op de fingers fan ien hân telle. Dat seit my genôch. Dat binne dan ek noait leafhawwers west. De wiere leafhawwer is faak de minste keatser, dy’t noch geregeld op de fjilden komt. Sjoch, ik wenje yn Frjentsjer en dat is eins de reden dat ik nei de PC gean. Om it keatsen hoech ik dat net mear te dwaan. Ik fyn it in deade boel mei fierstente folle regels. Mear as merkekeatsen is it net.”




Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 30, 2021 16:58
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel