Noch trije te gean

Jan Braaksma
By Jan Braaksma december 28, 2020 11:37

Noch trije te gean

Noch trije dagen dan is 2020 ek wer skiednis. In jier dat lang by my hingje bliuwe sil. Ik hie sels in hieleboel plannen…! Mar nei 12 maart 2020 hat it noait mear sa west sa it ea wie. De wrâld stiet op ‘e kop en wat ea gewoan wie is no net mear gewoan. Je binne hast bang fan jo eigen skaad. Dit mei net! Dit kin net! Je doarre hast net in winkel mear yn en je hawwe it gefoel dat der altyd in pear eagen nei je sjogge.

Omdat ik keatsleafhawwer bin fan de krún oant de lytse tean haw ik in minne simmer han. It keatsen wie it keatsen net mear. Noflik praat yn lytse romte dat mocht net mear. As ik linksom woe moast ik rjochtsom…altyd mar dy finger en dy oardel meter. Mar blykber jildt dat net foar in minske dy’t yn in oare widze lein hat. Dan kin wer alles dan jildt de oardel meter blykber net mear. Soks moat net te lang duorje want dan krije je in twadieling yn de maatskippij. Dan sette jo je skrap en gean der dwers tsjin yn. Dat sit ek wol wat yn my. Al dy baaskes foar ien dei…se komme my de noas út.

Nei de lêste slach yn Weidum haw ik de pinne net mear oanrekke. De wille dy’t der altyd wie is der net mear. De corona hinget my as in stien om’e nekke. It praat dat de oardel meter de nije noarm wurde sil…ik gean der der fan oer myn nekke.

Ik haw derom ek muoite om de wurden gelokkich dit en gelokkich dat út te sprekken. It wol gewoan net!

Miskien as straks it faksin syn wurk dien hat dat ik de wille fan it spultsje wer werom fine kin. Dan binne wy gau alles fergetten en sitte wy wer noflik sa’t it altyd wie rûnom de touwen. Want noch sa’n jier…dat kin de minske min hawwe mar it keatsen seker net.

Dochs winskje ik jimme in sûn 2021 ta en dat wy wer gean kinne sa’t wy altyd dien hawwe.

Jan Braaksma sr.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma december 28, 2020 11:37
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel