Werom sjen nei 2020 (diel twa)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma oktober 12, 2020 21:23

Werom sjen nei 2020 (diel twa)

Snein de 27ste septimber 2020 foel by de froulju de lêste slach fan it seizoen 2020. In lyts tredde part fan de yn it foar fêststelde list koe mar troch gean. Dat hienen der wol in pear mear wêze kinnen, mar om reden dat de froulju beslist ek noch in frij wykein hawwe moasten bleau de teller stean op mar alve wedstriden.

Dêr traine je dan trije oant fjouwer moannen foar. It wie ek in seizoen wêr’t de partoeren fan Nynke Sijbrandij en Ilse Tuinenga it wer foar it sizzen hienen. Nynke Sijbrandij-en-dy stienen fiif kear foaroan by de priisútrikking  wêrfan’t de partij yn Weidum wol de wichtigste wie. De formaasje fan Ilse Tuinenga kaam ta trije earste prizen. Tineke Dijkstra c.s. pakte nettsjinsteande de slimme blessuere fan Sandra Hofstra twa kear de priis en partoer Anna-Brecht Bruinsma wie yn Burchwert de bêste.

Foar de partoeren fan Roelie Kroondijk en Annet de Haan wienen de krommels mei in lytse preemje. Sjoen de ferhâldingen yn it keatspeleton waard it dit jier ek wer dúdlik dat der feitlik mar trije, heechút fjouwer, partoeren binne dy’t it predikaat haadklasse fertsjinje. Miskien is it in idee om werom te gean nei heechút seis partoer want foar de oare partoeren falt der al jierren neat te heljen. Je moatte wol in grutte leafhawwer wêze om alle wiken wer nei de fjilden te gean en dan te witten dat der neat te heljen falt. Mei seis partoer komt der mear kompetysje en it oantal kearen dat der keatst wurde kin bliuwt gelyk. Twa pûltsje fan trije en de winners dêrfan keatse de finale en de nûmers twa keatse om de lytse preeemje. It is it besykjen wurdich want as je sa troch gean yn dizze foarm, dan binne je der wis fan dat it op termyn ‘einde oefening’ is.

As je nei de list sjogge fan de 44ste Frouljus-PC wurdt dúdlik dat der mar ien of twa ljochtpuntsjes wienen te witten it partoer fan Wybrig Bakker, Fiera de Vries en Corrie Kroondyk en dat fan de keatssters Annet de Haan en Lotte Delgrosso. Foaral it partoer fan Wybrig Bakker hat my gâns foldien en as hja de groei trochsette dan kinne se yn 2021 mei dwaan om de prizen. Oan de top komme is in swiere gong mar it binne wol de iennigste ljochtpuntsjes by it frouljus keatsen. Troch de Corona moat ek noch mar ôfwachte wurde oft der net gatten falle yn it hjoeddeiske keatspeleton. As der yn 2021 wer net folle keatst wurdt, dan soe dat in ramp wêze kinne foar it frouljuskeatsen. Wa fan de froulju wol twa jier om de nocht traine en hast net keatse? De tiid sil it leare!

Dat is allegear foar de takomst. Feit is wol dat it klassemint dit jier wûn is troch  Margriet Bakker en Ilse Tuinenga mei elk 23 punten. Dat hienen der nei alle gedachte noch wol in pear mear wêze kinnen as Sjanet Wijnia it seizoen ôfmakke hie. Mar sy keas foar it follybal. Hoewol’t Imke van der Leest hiel aardich har plakje skjin makke hat wie wol dúdlik dat hja ritme miste. Boppedat komt Margriet Bakker folle better út de ferve as foarynse. Dat kaam benammen yn Weidum ta utering doe hja efteryn dúdlik muoite hie om goed ûnder de bal te kommen. Te faak liet hja de kwea te folle los mei as gefolch dat sawol Wybrig Bakker as Nynke Sijbrandij har efteryn gauris te pakken hie. Dat it partoer yn de heale finale krekt droech oer de sleat kaam tsjin Wybrig Bakker-en-dy hie mear mei gelok dan mei wiisheid te krijen. Ek yn de finale skeat it perk Van der Leest-Bakker fier te koart.

Partoer Nynke Sijbrandij eindige dan wol as twadde mar hja pakten dochs fiif kear de hage werûnder de winst op de Frouljus-PC. Ek sy hienen der tsjin de frijút keatsende Annette de Haan  samar ôf kinnen. Yn sa’n partij falt en stiet it faak mei ien slachje dat jo kant wol of net útfalt. Dat de formaasje wol in potsje keatse kin lieten se sjen yn de finale wêryn’t Ilse Tuinenga .c.s. gjin poat oan de grûn krigen omdat it fierstente folle fan opslagger Ilse Tuinenga komme moast.

De formaasje fan Tineke Dijkstra krige yn Wommels in opdonder doe’t Sandra Hofstra belies jaan moast troch in earnstige knibbelblessuere. Hoewol der oppere waard dat it seizoen foarby wie, hat Marte Altenburg der dochs foar soarge dat it partoer noch hiel bêst meidwaan koe. Marte hat it partoer gewoan better makke. Hja hat en hie net it druistige fan Sandra en dat die yn Berltsum en Frjentsjer fertuten mei in moaie oerwinning. Op de Frouljus-PC hie der ek folle mear yn sitten mar doe rekke Louise Krol nei fiif earsten gelyk efkes it paad bjuster. Te folle spanning? Wa sil it sizze, mar der hie mear yn sitten. Foar 2021 hawwe Tineke en Louise steld mei Harmke Siegersma. Betsjut wol dat Louise wol in plakje yn de krite opskowe moat. Ofwachtsje hoe’t soks útfalle sil.

Spitich fyn ik dat Marte de mof no foargoed yn de wylgen hongen hat. Mei sa’n bytsje traine sa goed keatse seit net alles mar wol in hiele soad hoe’t sy yn it keatsen stiet. Keatse mei de kop neame je soks. Foaral keatsen lizze en as it kin de bal oer it kleedsje slaan. Der binne net sa folle dy’t dat sa tûk kinne. De measte keatssters hawwe allinne mar each foar de boppe en dêrom wurdt der ek sa’n almachtich soad kwea slein.

Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma kamen yn Burchwert as bêste partoer út de bus. It like der doe op dat hja goed meikomme koenen mei de grutte tenoaren mar nei de preemje yn Frjentsjer gong it flamke út. Op de Frouljus-PC koenen se gjin dûk yn in pakje bûter slaan.

Pakten dizze fjouwer partoeren hast alle prizen, foar Sietske Okkema har partoer wiene der noch twa preemjes. Yn Moarre hie dat noch wol mear wêze kinnen mar hja wienen gewoan net konstant genôch. Dat kaam foaral ta útering op de lêste partij fan it seizoen. It keatsen die doe sear oan de eagen.

Foar de formaasjes fan Roelie Kroondijk en Annet de Haan wie der noch ien lytse preemje. Ik tink dan altyd: Je moatte wol leafhawwer wêze om der alle kearen hast wis fan te wêzen dat it ek dizze kear wer beheind bliuwe sil ta ien omloopke. Miskien is it hjir ek in idee om werom te gean nei seis partoer en de nûmers sân en acht útkomme te litten op de earste klas wedstriden. Je krije miskien mear striid yn de haadklasse en de nûmers sân en acht hawwe folle mear kâns yn de earste klasse.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma oktober 12, 2020 21:23
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel