Wa helpt de froulju haadklasse út de brân?

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 9, 2020 13:30

Wa helpt de froulju haadklasse út de brân?

It like sa moai! Manlju en froulju soenen snein de 20ste septimber wer te set op de fjilden fan keatsferiening LKC Sonnenborgh. Stride om de Sulveren Aldehou. Mar de corona mei al syn foarskriften lit it net ta dat de manlju en froulju tagelyk op Sonnenborgh keatse kinne. Der is it fjild mei al syn beheining gewoan te lyts foar. No soe VVV Concordia yn it gat springe mar lang om let hawwe se de wedstriid werom jûn. Dus moat der wer in oare feriening opstean wêr’t de froulju ien fan harren lêste partijen fan it seizoen wol keatse kinne.

Hjirby in oprop oan de keatsferienings: wa helpt de froulju haadklasse út de brân. It is koart dei en jimme kinne no al skilje mei Tetman van der Meulen. Hy sit der klear foar! Maile mei fansels ek. Net allegearre tagelyk: ien is genoch!   

Jan Braaksma
By Jan Braaksma september 9, 2020 13:30
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Liefhebber

    Liefhebber

    15 partoer, it is net best foar Jacob Klaver. Kost een protte tiid foar de club en dan mar een…

    View Article
  • Sjoerd Hofstee

    Sjoerd Hofstee

    Wat niisskjirrich om te lêzen dat ik in tik mei de mûlpûde hawn ha soe. Jan, do en alle oare…

    View Article
  • Hh

    Hh

    Moai stikje Jan , stiet 1 flaterke yn ûs heit Roel Hoekstra is berne yn 1922 dus wie hy 41…

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel