Tjisse Steenstra giet nei oar partoer
Gerelateerde Artikelen
Keatser Tjisse Steenstra keatst takom seizoen net mear mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra.
De Bitgumer achterynse wurdt opslagger by Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Hy wurdt de ferfanger fan Menno van Zwieten.
Steenstra kiest derfoar om opslagger te wurden ynstee fan achterynse en fynt yn Hiemstra en Wassenaar maten dy’t de lêste PC yn 2019 wûn hawwe .
Tjisse Steenstra hat trije jier keatst mei Van der Bos en Triemstra. De formaasje wie tige súksesfol. Sy hawwe yn totaal 34 oerwinnings boekt. De eearste wie op 22 maaie yn Sint Anne. De lêste op 12 july fan dit jier yn Boalsert.
Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra bliuwe by elkoar. Sy krije Erwin Zijlstra as achterynse.
Menno van Zwieten wikselt ek fan funksje. Hy wurdt perkspiler en sil takom jier keatse mei Enno Kingma en Kees van der Schoot.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie