Freulepartij siket noch ien partoer sadat de partij trochgean kin
Related Articles
De Freulepartij, de wichtichste keatspartij foar jonges tusken de 14 en 16 jier, moat der eins noch ien oanmelding by ha. “De teller stiet no op 31 partoeren dy’t ynteresse toand hawwe”, seit foarsitter Tjeerd Dijkstra. “We wolle graach nei de 32 ta. Dan kinne we fiif folsleine omlopen keatse.”
De bedoeling is dat de Freulepartij dit jier gewoan trochgiet, mar hielendal wis is dat noch net. Tjeerd Dijkstra: “We gean der wol foar, alle ljochten stean op grien. Mar we wolle graach dat der noch ien partoer bykomt. Fandêr dat we ferienings no oproppe om har te melden.”
Tagelyk mei fuotbal en follybal
De Freulepartij is gewoanwei op de earste of twadde woansdei fan augustus. Ofrûne woansdei hie de dei dus wêze moatten. Fanwegen it coronafirus is it dit jier útsteld nei sneon 19 septimber. Dijkstra: “Dat is ek de earste fuotbalsneon foar de jeugd, en it follybaljen begjint wer. Dus we wolle even hifkje om te sjen oft der genôch draachflak is.”
Ferienings hoege har pas foar heal septimber oan te melden, mar dochs wol Dijkstra no alfêst graach witte wa’t der meidogge. “It is in ynventarisaasje, it moat op tiid ynsichtlik wêze oft der genôch dielnimmers binne.”
De tiden feroarje. It is hieltyd dreger om in goed ôfdielingspartoer ôf te feardigjen.
Ferline jier diene der 41 partoeren mei oan de Freule, dat wie doe al minder as de jierren dêr foar. Dijkstra: “Ik ha doe ek sein: de tiden feroarje. It is hieltyd dreger om in goed ôfdielingspartoer ôf te feardigjen, ferieningen moatte hieltyd mear gearwurkje.”
Poadium foar it jongeskeatsen
En dit jier is de situaasje hielendal útsûnderlik, fanwege it coronafirus. Dochs wol it bestjoer fan de Freule wol graach dat de partij trochgiet. “We wolle graach dat poadium bliuwe foar it jongeskeatsen. En de prizen binne op itselde nivo as de ôfrûne jierren, dus we wolle ek dat der kwa dielnimmers genôch animo is”, seit de foarsitter mei klam. Dêrom dogge de Freule en de KNKB no nochris de oprop oan de ferienings om har te melden.
Fierder hopet Dijkstra dat der yn oanrin nei 19 septimber noch wat partijen bykomme foar de jonges. “Der binne noch wat iepen mominten. De aginda begjint wol in bytsje fol te rinnen, mar tusken no en 19 septimber binne der noch twa iepen plakken, dêr is noch gjin jongespartij. It soe it moaiste wêze dat dy der noch wol komme, sadat de jonges foar de Freule der ek al wat ynkomme kinne.” (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment