Ferskate keatsferieningen sjogge ôf fan haadklassepartij: KNKB komt byinoar
Related Articles
It liket der op dat der in soad keatsferieningen binne dy’t ôfsjogge fan de organisaasje fan in haadklassepartij. Keatsbûn KNKB hat moandei in bywurke aginda publisearre en dêr docht út bliken dat nei Minnertsgea ek de haadklassepartijen yn Makkum (18 july), Seisbierrum (25 july), Arum (26 july) en Wytmarsum (2 augustus), Kimswert (16 augustus) en Bitgum (23 augustus) net trochgean. De ferieningen sjogge it mei de jildende foarskriften net sitten om dy partijen te organisearjen.
LKC Sonnenborgh, dêr’t snein noch keatst is troch fjouwer partoeren, sil nei alle gedachten moandeitejûn in beslissing nimme oer de organisaasje fan de Rengerspartij op snein 19 july.
Teloarstelling
De KNKB is teloarsteld oer it frij grutte tal ôfmeldingen. It haadbestjoer komt moandeitejûn byinoar om de aktuele situaasje te bepraten. Dan wurdt miskien ek dúdlik hokker ferieningen dy’t foar 11 july op de aginda stiene, ree binne om in datum yn te foljen dy’t no frij komt. It is op dit stuit noch net dúdlik hoefolle keatsferieningen in haadklassepartij oernimme wolle.
De Frouljus PC is op de aginda ferpleatst fan 9 augustus nei snein 27 septimber.
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment