Kaatsen.nl wer online!
Related Articles
De tiid hâldt gjin skoft mar it hat my lang genoch duorre dat de site kaatsen.nl net mear berikber wie. It wie foar de fjirde kear dat hackers de site út de loft helle hawwe en dizze kear wie it echt rekke. De oanbieder Ziggo yn dit gefal koe net oars of de site bûten wurking stelle. Je wolle net in dei sûnder mar bytiden keart de wal it skip. De site is no oars fan opset mar is noch lang net klear. Efter de oare site sit sa’n stik argyf en dat moat geandewei wer oan jekke wurde oan de nije site mar dat kost tiid en tiid hawwe wy faak net.
Mar goed it begjin is der en jimme as besiker en lêzer sille der oan wenne moatte en ik sels fansels ek. Ik kin op stuit net alles dwaan sa’t ik it yn de holle haw. Ik haw der nachten net fan sliepe kinnen want sa woe ik nei eindigje. Mar de wil is der om hjir ek wer wat moais fan te meitsjen. It keatsen sit en siet yn swier waar en dat selfde wie fan tapassing op de site kaatsen.nl en dat allegearre troch saken wêr’t jo sels gjin ynbring yn hawwe.
Goeie Jan, de site sjocht er wer goed út. Allinich tryst dat it earste berjocht oer Robert gjit. Wie in moaie maat om mei te keatsen. Jammer
Een mooie website Jan.
Ik heb het gemist.
Iedere dag weer even kijken
Succes gewenst.
En denk om de “indringers”.
Hoe is het mogelijk dat direkteur Hoekstra en
H.B.-lid Kuperus met vakantie zijn gegaan.
Juist nu er weer meer mogelijkheden zijn.
Het verbaast mij ook dat Geert van Tuinen en Jan Braaksma door de voorzitter van het H.B.”in de ban” zijn gedaan.
Het vrije woord moet al plaatsvinden.
Overdenk het maar eens!
.