Hoe no fierder
Gerelateerde Artikelen
Oefrûne sneon en snein stie it Menamer keatswykein op it programma. In fêst ûnderdiel fan de simmer as der wer wiidweidich keatst waard…Waard, mar no leit alles stil. Ek it keatsen dat al goed fyftich jier in grut part fan myn libben beslacht. Wa hie ea tinke kinnen dat der nei de oarloch fan 40-45 noch ris in seizoen net mear keatst wurde soe. Jo tinzen gean dan werom nei hoe’t it west hie as de Corona krisis der net west wie. (Foto: Henk Bootsma).
Partoer Van der Bos oerlibbet de krisis wol. De rest ek?
“Oant takom jier dan binne wy der allegear wer”. Myn maat Klaas Postma, Johan van Buurken, freon Frans Poppes, de leafhawwers Foppe en Wijtske, Hessel en Jantsje, Paulus en Baukje, Reinder en Fré. En fansels ien dy’t nea ûntbrekt: Johannes Brandsma. It wie dochs in útmakke saak. De winter sjen te oerlibjen en dan der yn 2020 wer plat foar. Sa giet it al mear as fyftich jier.
Nei it keatsen gean wie ‘a way of life’ wurden. It hat my in hiel soad brocht, mar it hat ek groeden efter litten. Mar dit jier is alles oars. Wat gewoan wie is ynienen net mear gewoan. Dat fret oan de minske en dat fret ek oan my. Ik wol my der net by del lizze dat in hân jaan noait mear kin of mei. Dat wy net mear noflik efkes byprate kinnen sûnder dat der wer sa’n opfokte baas foar ien dei je der op wiist dat je de oardel meter wol yn acht nimme moatte. Deasiik wurd ik derfan.
Myn boek is al net sa dik mear en de lêste haadstikken wol ik sels wol de kleur jaan sa’t ik dy yn de holle haw. Dêr haw ik gjin oppasser foar nedich. Dêr heart de besite oan keatspartijen ek by. In libben sûnder keatsen kin ik my net foarstelle. Mar it fret net allinne oan my, mar oan al dy leafhawwers dy’t eltse sneon en snein op de fjilden te finen binne.
It wie dit jier al oars west. Twa jier lang hie ik Frans Poppes yn de auto op wei nei it keatsen. Dat hie dit jier ek grif wer sillen mar in slimme sykte hie oare plannen mei Frans. Net mear om goed kertier foar tsienen by Frans wêze. Frans siet yn njoggen fan de tsien kear al klear yn de stoel foar it rút as ik del kaam. Efkes in toeterke en dan koe de dei wer begjinne. Frans hie noait folle drokte. As hy de pet mar by him hie. Dy moast wol mei.
Underweis hienen wy it der dan oer hoe’t de dei ferrinne soe. Frans mocht graach nei Taeke fan Reinder sjen. “Hij het ut slagje fan Reinder, mar ut aard fan Fré. Dan kinne je ver komme Jan”. Ach, wat hope hy dat Tjisse ek ea de PC ris winne soe. “Ik hoop dat noch met te maken Jan”, sei hy faak as wy wer op hûs ta setten. Mar ek it keatsen by de froulju wie foar Frans gjin straf om by te wêzen. Frans seach ek wol dat der mar in hantsjefol froulju binne dy’t foarbest opslaan.
“Ut is dun Jan, o, o wat is ut dun”. It ‘meiske fan Scheepstra’ fûn hy fierwei de bêste mar hy mocht ek graach nei de Sybrandijs en opslachkanon Ilse Tuinenga sjen.”Die kan su met doen by de mannen Jan”. Hoe faak haw ik dat net heard. As ik no by it hûs fan Frans del kom is it oars. Net mear efkes de hân omheech…it is foarby!
It is no ofwachtsjen oft der dit jier noch keatst wurde sil. It bûn hat nei myn betinken te gau it slot op de partijen set. Wy binne noch mar ein maaie en de moannen juny, july en augustus lizze noch foar ús, mar as it bliuwt sa’t it no is, dan wurdt der noait earder as 1 septimber wer tsjin in bal slein. Mar as je no om je hinne sjogge en it nijs wat folgje, dan kinne je der dochs net ûnderút dat it de goeie kant wer út giet mei it Coronafirus.
It tal minsken dy’t noch op de IC lizze wurdt hieltyd lytser en je moatte de eagen ek net slute om te witten dat straks de terrassen en al dy oare saken wer iepen gean. Fansels de bond hâldt him oan wat it regear foarskriuwt, mar je moatte net benaud wurde fan je eigen skaad. Ik nim oan dat it HB en de bûnsdirekteur ek noch wol ris bûten komme en dan moatte se dochs ek sjen dat it keatsen op dit stuit minder gefaarlik is as efkes boadskipje by de Jumbo of oare grutte supermerken.
Om mar te swijen fan in loopke troch de bosken fan Fryslân. Dan hawwe wy it mar net oer de kloften minsken dy’t op de boaten stean dy’t nei de eilannen gean. Dêr hawwe se fan de oardel meter noch nea heard. Mar it falt ek wol wer wat ta. Ik haw it sels meimakke earne yn in sikenhûs wêr’t troch de oerheid tenten del set wienen dy’t de romte ynnamen wêr’t in fuotbalfjild de hik fan krije soe.
Doe’t ik oanriden kaam tocht ik: ‘Ik moat it my mar oer my hinne komme litte dy drokte’. No, om de wierheid te sizzen: Ik wie hast allinne. De suster dy’t ik trof wie it wol mei my iens. Der wie genôch tiid foar in praatsje. De minske wurdt ek bang praat haw ik bytiden de yndruk. Je moatte wach bliuwe, mar it kin ek te gek.
Sjoch, dat ik net nei it keatsen kin is oan’t dêr oan ta, mar it is folle mear. In jier stilstân soe in ramp wêze kinne foar de keatsers. Fan jong ta âld. Mar ek foar de bond. Want hoefolle keatsers hâlde der nei in jier net keatsen mei op. Sjoch, it partoer fan Gert-Anne van der Bos sil der altyd stean. Ik tink dat se noch fanatiker wurde om de skea hjoed of moarn yn te heljen. Mar dy ‘drive’ is der lang net by eltsenien fan it keatspeleton. Hja dy’t bygelyks alles al ris wûn hawwe, soenen der samar in punt efter sette kinne. Dat jildt sawol foar de manlju, de froulju as de jeugd.
Ik wit dat in grutte groep der oant no ta net folle oan dien hat kwa training. Feitlik kin gjin ien sporter in jier misse. Freechje dat mar oan in topper as Rinse Bleeker. Hoe dreech it is om nei in jier net keatsen werom te kommem op it nivo dat je wend wienen.
Mar der is mear. Wat dogge de leden fan it keatsbûn? Wurde der massaal betankjes maild nei de bond? It soe samar kinne omdat it libben ek folle djoerder wurden is troch dizze krisis. Ik bin der wis fan dat de acht tûzen leden tichter by is as werom nei de tsien tûzen. Wat dogge de sponsors? Kin de bond dan noch altyd dy (te) grutte broek ophâlde? By bepaalde fuotbalklups moat der al personiel út no’t der net mear fuotballe wurdt. Ik hoopje it net, mar de beammen groeie by de bond seker net ta yn de wolken.
Wa hie dit ea tinke kinnen. Ik hoopje dat der foar 1 septimber wer keatst wurde kin. It keatsen is in ûnderdiel fan it Frysk wêzen. It heart by Fryslân en it mei nea ferlern gean. Dat sil ek wol net omdat it nei de oarloch nei twa jier stil stean ek wer opstien is, mar dizze kear is it wol oars. Hjoeddedei draait it dochs mear om de sinten en as dy der net mear binne dat is in net twa minuten foar tolven, mar dan is it al kertier oer tolven.
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie