Frans Poppes 1941-2020

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 5, 2020 13:05

Frans Poppes 1941-2020

Woansdei 6 maaie 2020 kaam der dochs noch ûnferwachts in ein oan it libben fan Frans Poppes fan Frjentsjer. In dei yn it foar krige ik moarns berjocht dat it net goed komme soe mei Frans. Dêr skrok ik ôfgryslik fan. De lêste twa jier helle ik Frans alle wykeinen twa kear op fan hûs en brocht him nei ôfrin fan de keatspartijen wer thús. (Foto: Henk Bootsma).

Wy pasten elkoar wol omdat wy allebeide gek fan it spultsje wienen. Frans stie hiel oars yn it libben as ik sei de gek, mar dêrtroch gong it sa goed. As je dan it berjocht krije dat it ein der hast is, dan brekt it klamme swit je dochs út. Tiisdeitemiddei bin ik noch by Frans del west.

Frans wie hiel iepen en syn beslút om út it libben te stappen hie hy rom yn it foar makke. Frans hie wat ûnder de lea wêr’t de hjoeddeiske medyske wrâld noch gjin antwurd op hat. Foar Frans Poppes wie it doe dúdlik: “Ik hew un prachtich leven hat, maar hier houd ut op.”

“Spitich Jan, ik had noch graach met dy naar ut kaatsen gaan, maar dat sil him niet meer wurde.”
Doe’t ik wer op hûs ta sette gongen myn tinzen út nei de twa jier dat ik Frans moarns ophelle en nei ôfrin wer thús brocht. Rom 80 partijen hawwe wy mei syn twaën besocht. Wy koenen it wol pratende hâlde. Ien kear stienen wy by in fjild mar it keatsen wie in tsien kilometer fierder sa die bliken.” Ach” sei Frans dan, “mut kinne Jan”!

Frans Poppes wie in leafhawwer yn ieren en sinen. Frans wie in sportgek. Fuotbal en keatsen wiene syn passy. Dêrneist wie Frans in ‘randonneur’ dat is Frânsk foar wielertoerist. Frans hat de alvestêdentocht op de fyts 57 kear riden. 25 kear hat hy dizze tocht ek rûn. Fierder draaide hy syn hân net om foar de toertocht Brussel-Parijs-Brussel. 600 kilometer sûnder grutte pauzes.

Sneontemoarns om tsien oere fuort en sneintemiddeis op tiid werom wêze. Foar Frans wie dat dien wurk. Twa kear hat hy dat dien. Amsterdam-Maastricht-Amsterdam paste Frans ek wol: Fjouwer kear wie hy dielnimmer oan dizze tocht. Mei al it oare fytsen hat Frans in lytse 200.000 kilometer op de fyts sitten. Dat hy noch tiid hie foar oare saken wol jo dan hast net oan. Mar dat wie wol sa. It grutste part fan Frans syn libben hat him ôfspile op de keatsfjilden.

Hoewol’t Frans sels noait in keatsbal oanrekke hat, wie hy wei fan it spultsje. Doe’t syn heit ferstoar wie Frans de man fan it bedriuwskeatsen yn Frjentsjer dat doe bloeide as nea earder. Der dienen yn dy tiid wol sechtich of sântich partoer oan mei. Wy prate dan oer de jierren 60 en sântich. Moatte je no noch ris om komme.

Frans hat mear as tweintich jier in sit hân yn it bestjoer fan Jan Bogtstra. Nee, foarsitter, siktaris of ponghâlder woe Frans perfoarst net wurde. Mar al it oare wurk wie him wol tabetroud. Frans wie in super frijwilliger mei in eigen miening. It wie sa en net oars! Foar de PC hat Frans ek jierren yn it spier west. Njonken al it wurk, wie hy ek de man fan it hisen fan de flagge op de PC. Silliger Ulbe Hannema hie Frans der eartiids foar frege en Jan van der Meij naam dat oer.

Frans wie in wichtige skeakel yn it gehiel. As Frans de flagge nei de taspraak fan de foarsitter net hise soe, dan koe de PC ommers net begjinne. Yn 2015 waard Frans foar al syn krewearjen troch de kening fereare mei in lintsje. Jierren wie it syn frou Ducky dy’t mei Frans nei it keatsen gong. Beide wienen gek fan it spultsje. Doe’t Ducky yn 2017 ferstoar wie dat in geweldige klap foar Frans. Frans wie it stjoer yn it libben kwyt.

Op wei nei de partijen spruts hy der wol ris oer. Frans hie gauris it idee dat it allegearre mist om him hinne wie. Dat it ljocht fan de dei mar net trochbrekke woe.

Gelokkich sei hy dan: “Ik bin sportliefhebber. Kin uren naar de TV kieke. Maakt mij dan niet út wat voor sport ut is.” Dat miste Frans no ek bot. Gjin keatsen, gjin fuotbal, gjin sport. Allinne mar praat oer Corona! As je dan sa slim siik binne is dat wol it lêste wêr’t je nei sjen wolle.

De lêste wiken binne net de maklikste west yn it libben fan Frans Poppes. In libben dat yn it teken stie fan de sport. Gek wie Frans fan it spultsje. Wat koe hy genietsje fan Taeke en Tjisse! “Mooi dat wy dat nog met make kinne Jan”, sei hy ferline jier noch tsjin my. ”Ik hoop dat Taeke ut nog even volhoud. Su moai weze Jan. Wat sil Reinder dan blij weze.”

Woansdei 6 maaie kaam der in ein oan it libben fan in superfrijwilliger en boppeal in bysûndere man: Frans Poppes. Hy bepaalde sels de ein fan syn libben. En ek dat past by Frans. Ik sil him misse as it keatsen wer begjint.

Jan Braaksma sr.

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 5, 2020 13:05
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel