PC 2020 wordt verkaatst op 30 september

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 20, 2020 14:04

PC 2020 wordt verkaatst op 30 september

De 167e PC dy’t ferkeatst wurde soe op woansdei 29 july is fanwege de corona maatregels ferpleatst nei woansdei 30 septimber. Dat hat de PC tiisdeitejûn bekind makke. Minister presidint Rutte hie de nije maatregels amper oankundige of de PC makke it útstel al bekind.

PC foarsitter Ids Hellinga: “Wy seagen dit al betiid oankommen. Wy hienen in oantal senario’s klear lizzen. Dit is ús ‘plan B’. We hawwe de fergunning ek earder oanfrege en dêrby ek al de datum fan 30 septimber neamd. Mar it is foarlopich fansels net mear as in datum. It kin wêze dat der yn july noch maatregels komme. Dat kinne wy net oersjen. Mar it moat net sa wêze dat wy ús yn novimber foar de harses slaan as wy de PC net organisearre hawwe en it hie yn septimber wol kinnen.

Boppedat: Wy binne oan ús publyk en de keatsers ferplichte om der alles oan te dwaan de PC te keatsen.”

In PC keatse sûnder publyk is foar de kommisje gjin opsje.

Hellinga: “Dêr hawwe wy noch gjin tsien sekonden oer praat. Gjin publyk betsjut gjin PC.”
De kaartferkeap sil yn it nije senario begjinne rûn 1 augustus. Hellinga: “Dat is foar ús de datum fan ‘go or no go’. Dat hat ek te meitsjen mei ús leveransiers, werûnder de triubunebouwers. Twa moannen hawwe wy nedich om alles yn kalk en semint te krijen.” Ek de PC giet ûnwisse tiden yn de mjitte. Hellinga: “We hawwe noch in heal jier, dus dat jout mooglikheden. Oan de oare kant: It is net in lullich firuske it kin alle kanten op. De oersichten fan de oerheid op tiisdei 21 april jouwe moed. Mar we sille sjen wat der fan komt. Wy hawwe it skema fan Rutte net.”

De Freule partij
De belangrykste keatspartij foar jonges fan 14 oan’t en mei 16 jier, de Freule Partij, stie foar woansdei 5 augustus yn de aginda. Ek dy partij kin op dy datum net troch gean. Yn tsjinstelling ta de PC hat de Stifting Freule Partij net in senario klear lizzen foar in alternative datum. Foarsitter fan de Stifting Tjeerd Dijkstra: “Wy hawwe ôfpraat dat wy omstreeks 1 july sjen soenen wat we dwaan soenen. Dat wie de úterste beslisdatum. Wy hawwe likernôch twa moanne nedich om de Freule Partij te organisearjen. No’t we witte dat der oan’t 1 septimber gjin Freule Partij organisearre wurde kin, sille wy yn petear mei de feilichheids regio Súd West Fryslân, it keatsbûn KNKB en de keatsferiening Wommels. Wy sille op koarte termyn mei dy partijen om de tafel en ik ferwachtsje dat wy binnen twa wiken wol in beslissing bekind meitsje kinne.”

Yn tsjinstelling ta de PC slút de Freule Partij it keatsen sûnder publyk net út. Dijkstra: “De Freule is der benammen foar de jongeskeatsers. Fansels witte wy ek wol dat de entûraazje fan belang is, mar wy binne der minder útsprutsen yn as de PC. Foar ús is in oare ynfulling besprekber. Sûnder publyk keatse is ien fan de opsjes. En dan gean we hielendal út fan it belang fan de keatsers. In jongeskeatser hat mar in pear jier de gelegenheid om de Freule Partij te winnen.” De Freule Partij yn septimber keatse is ek foar syn organisaasje in opsje, sa seit Dijkstra. “Ja dat is seker in opsje. We hâlde se allegear iepen. Mar ien ding is ûnbesprekber: Wy sille net in maksimum stelle oan it oantal partoeren dat meidwaan kin. Wat dat punt oanbelanget is it alles of neat.”

It keatsbûn KNKB
It keatsbûn KNKB soe it keatsseizoen foar haadklassers begjinne sillen op 20 juny yn Balk. Dat giet troch de nije maatregels nei alle gedachten net troch. Bûnsdirekteur Marco Hoekstra is noch wat oan de foarsichtige kant mei syn reaksje. “Wy sille der woansdei mei it haadbestjoer oer teset. Dan sille wy ek kontakt sykje mei de sportkoepel NOC*NSF om te sjen wat der nog mogelik is. Ik soe it wol moai fine as wy foar de jongerein noch wat organisearje kinne, mar oft dat kin is noch mar de fraach. Wy hoopje woansdei mei in definitive reaksje te kommen.”

Geert van Tuinen
By Geert van Tuinen april 20, 2020 14:04
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel