Kweapraat (2026) 21
Gerelateerde Artikelen
Hjoed op Sonnenborgh waard ôfskie nommen fan keatsers en fan it seizoen 2026. It wie it seizoen fan Tjisse, Tjisse en nochris Tjisse. It iene rekord nei it oare waard ferbettere en Tjisse sit no heech sis mar hiel heech op apenrots fan it keatsen. Mar ik wol der wol wat oan tajekje. It liket no krekt as yn de jierren der foar der mar wat oan prutst is op de Fryske keatsfjilden. No ik wit wol better want ik haw mear geweldige keatsers sjoen yn de tiidrek fan pak ‘em beet 65 jier. Fan Hotze Schuil, Jehannes Stavinga, Rienk de Groot, De Van Wierens, Tamme Velstra, Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en net te ferjitten Jehannes Brandsma. Dit mei ien grut ferskil dat der doe folle mear goeie keatsers wienen dan yn dizze tiid dat Tjisse Steenstra foar baas opslacht. Yn alle tiden binne der twa of trije toppartoeren west dy’t yn de blaue trein sieten mar der efter sieten ek genôch partoeren dy it ek gewoan winne koenen en dat is hjoeddedei net mear sa. Tjisse hat no syn eigen keningryk.
Hjoed kaam der ek in ein oan de keatskarrière fan Remmelt Bouma, Menno van Zwieten en Erwin Zijlstra. Alle trije mannen hawwe in reden om te stopjen mei it keatsen mar foar my hienen se noch wol efkes troch gean mochten want it is wol in oanslach op it hjoeddeiske peloton. It is tin…hiel tin. By de froulju kin der hast in streek troch en by de manlju sil der ek wat barre moatte. De list telde hjoed yn Ljouwert 30 nammen mar it wie dochs wer ‘hangen en wurgen’om de list fol te krijen. Wat trouwens in ferskil mei de ôfrûne wike doe’t de froulju op besite wienen. Dat dogge je in sporter dochs net oan. Ik fyn it noch altyd beskamsum sa’t der mei de froulju ôfweeft is. Je dogge it goed of je litte de partij de partij. Ek it ferskil yn prizenjild. Allinne de keningspriis fan Johan Sipma siet al rom boppe de tûzend euro. Mar ja alles wurdt wol betelle troch KNKB sponsor Oranjewâld. Sjoch dan binne je altyd spekkeaper. Hawwe je gewoan mazzel dat je de lêste partij fan it jier binne en dat it de Aldehoupartij is. Mar de echte ‘grandeur’is fier fuort en sil ek nea wer komme. It sil wol mei de tiid te krijen hawwe. De jierren 60 oant te mei 90 komme nea wer werom. Bliid dat ik dy tiid mei makke haw.
Ik seach Coos fanemiddei ek wer efkes del kommen. Eartiids wie it altyd sa dat de foarman fan de bond ek altyd efkes in besite brocht oan de parse. Dy tiid leit fier efter ús. Coos hat muoite mei in krityske parse en giet leafer in blokje om as hy op besite moat by de parse. Ja, dy’t Coos yn ‘e wattten lizze der komt hy graach op besite mar lûd jaan op krityske fragen dy giet ús warbere Coos leaver út de wei. Mar Coos wit ek: al is de leugen nog zo snel de waarheid achterhaald hem wel. Dat sil by Coos net oars wêze! Mei it wetter by de dokter komme kin lêstich wêze mar ek Coos ûntkomt der net oan. Graach útlis fan de opfretten 174.800 euro!
Oant in oare kear!








Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie