Durk Talsma: de sterke iik hat belies jaan moatten!
Gerelateerde Artikelen
De schrik sloech mei tongersdei om it hert doe’t ik lies dat âld-top keatser Durk Talsma belies jaan moatten hie. Dat koe dochs net. Op ‘e resepsje fan de lêste PC hie ik him noch sitten sjoen met syn maten fan doe Sake Saakstra en Piet Jetse Faber winners fan de PC fan 50 jier lyn. Foar my wie Durk dy sterke beam der jierren yn it efterperk dy’t altyd alles op ‘e bealch kriege en der goed mei of weefde. Freon Jan Bantema mailde my en hy hie it oer in keatser fan granyt.
Beide wiene wy ferbjustere dat ien fan ús helden der net mear wie. Ik koe Durk al hast myn hiele libben. Ik kaam Durk foar it earst tsjin by in jonges partij yn Seisbierrum. Durk keatste doe foar Weidum mei Oebele Anema en Andries de Jong. Dat wie in baas partoer mar Ljouwert mei Daan Scheepstra, Siep van der Meulen en Jehannes Westra wie in brêge te fier mar doe wie al rillegau dúdlik dat Durk in fin mear hie as in bears.
As jonkje fan tsien pakte hy syn earste keatsmedaile doe’t hy de keatskompetysje fan Nije Kriich fan Weidum wûn. It soe it begjin wêze fan in prachtige keatskarrière. De Freule gong syn noas foarby mar klassiekers as de Jong Nederlân, Bûns partij en PC waarden troch Durk wûn. De PC fan 1970 waard sels beklonken mei it keningskip. Dat wie foar Durk in stikje bûter yn ‘e brij. Durk wie net allinne in geweldige keatser mar boppeal in grut leafhawwer fan it spultsje. Mar der wie mear.
Jierrenlang fan 1967 oant 1976 wie hy lid fan de Jeu de Pelote ploech en net sûnder sukses. Njonken de fjouwer earste prizen kamen se noch ris mei seis kear in lytse preemje thús. It wie dan ek net ferwunderlik dat Durk jierren neidat hy sels stopt wie as keatser coach en trainer waard fan de Fryske Jeu de Pelote ploech. Boppedat hat hy jierrenlang foarsitter west fan kv Nije Kriich. Ik moette him dan op de lede byienkomsten fan de keatsbûn Durk as foarsitter en ik as stikje skriuwer.
As hy my seach dan koe Durk stevich út de hoeke komme. Hy seach leaver dat de parse bûten de doar halden waard. Letter kaam hy der faak op werom as ik yn petear my him wie. Dat wie doe…wy libje no yn in oare tiid wêr’t alles ûnder de pet halden wurdt. Ik rekkene op dy en Geert. Dat wie Durk ek. In geweldige leafhawwer, in keatser mei granyt yn it skouder mar ek in man mei in soad emoasje as it oer it keatsen gong. Wat wie der wies mei syn grutte mei prizen behongen medaillekast yn de Ferdinand Bol strjitte yn Ljouwert. Hy skeat fol as wy it der tegearre oerhienen. Hoe komt it mei alles …Wy wisten beide dat it libben eindich is mar toch it liet him nea los. No, de 3de septimber hat de Durk de holle hommels del lein. Dat docht sear…ferrekte sear!








Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie