Kweapraat 2026 (17)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 23, 2026 21:04

Kweapraat 2026 (17)

It wie dizze wike wer in soad drokte yn it hinnehok. Ik kaam hannen en eagen en earen te koart. It begun al yn Kimswert fan ôfrûne snein. De Jan Timmer partij waard ferrassend wûn troch Marten Bergsma, Rick Minnesma en Erwin Zijlstra. Neat mis mei mar oan de ein fan de partij doe’t ik al op wei wie nei hûs hearde ik dat Marten Bergsma mei de Jan Timmer keningsbeker nei hûs gongen wie. No dat wie wol it lêste wêr’t ik rekken mei halden hie. Net om Marten mar kening wie gewoan in brêge te fier. Yn de ranking foar kening stie foar my Erwin Zijlstra op it earste plak en Rick Minnesma op plak twa. Marten kaam as ik de punten njonken elkoar lei op it tredde plak.

De keningskommisje siet der dus wer ris in kear fier njonken. It is net de earste kear trouwens dat it mis giet yn Kimswert. Ik haw it sels meimakke dat der tweintich punten jûn waarden foar de trije keatsers en it is al jierren sa dat wy net fierder gean dan 18 punten foar de trije keatsers. Dizze kommisje hat dus ek net sjoen dat freon Minnesma yn de finale al 26 punten makke hie yn de plus en fjouwer yn de min. Dan lit ik it mar efkes lizze wat de oare omlopen oan giet. Sjoch Marten kin der neat oan dwaan mar as je as feriening in keningspriis beskikber stelle moatte der ek minsken wêze dy’t der in bytsje doel oer hawwe. Sa net  hâldt der dan daliks mar mei op. Sa’t it snein yn Kimswert gong raast oan de protters.

De Frouljus-PC wie woansdei jierdei. De 50 streekjes waarden oantikke. Dat is moai foar in wedstriid dy’t glâns jûn hat oan it frouljus keatsen. Mar de wedstriid is ek wer samar in wedstriid. It tilt yn Weidum ek op fan de emoasjes foaral as it net giet sa’t de goegemeente tocht hie. Yn gewoane wedstriden kinne je de leafhawwers by it frouljus keatsen op de fingers fan ien han telle mar yn Weidum reitsje de dyken en it lân fol mei auto’s fan leafhawwers dy’t neat fan de Frouljus-PC misse wolle. Hawwe se dan wat mei it frouljus keatsen? No, nee mar Weidum der kin ik net misse. Witte se wa’t de favorieten binne en wa’t mei dogge? No, nee mar moat dat dan. Nee, hear mar it hat dus neat mei keatsen te meitsjen. It giet krekt as by de PC…je moatte der west hawwe en it bier smakket yn Weidum ek altyd poerbêst.; Dat is it dus de gesellichheid der giet it om en it keatsen komt hjir ek dûdlik op it twadde plak.

Mar yn Weidum gongen de emoasjes heech hiel heech. Foaral yn de partij tusken de Sminken en it favoriete partoer fan Louise Krol. Ik stie der by en ik wist feitlik net wat my oer kaam. Ik fielde de spanning en de emoasje yn it kamp fan Louise Krol. Ik hearde harren tinken…flokken en bearen. Keatsen is folle mear as trije spul út. It leit yn in goed oere alles bleat wat der spilet op it fjild en yn de klaaiboks. Ik haw my der oer fernuvere dat it keatsen safolle opropt. Foaral as je net winne mar en yn it foar eltsenien dat wol ferwacht fan de keatser.

O o wat jout dat in gedoch. Der wurdt socht om de swarte pyt. Ja, fansels der is altyd ien dy’t de skuld hawwe moat. As it de keatser net is dan is it wol de coach of de heit of de mem dy’t op in ferkeard momint wat sein hat en dat hat hja op de ferkearde foet setten. Ynienen is der neat mear goed en keatsen is in rot spultsje. Je kinne better wat oars betinke en dwaan. Mar ik tink dan faak werom oan de wurden fan Hotze Schuil fan Harns. In grut keatser dy’t skepnetten fol wûn hat mar ek ferlear en faak op wedstriden dy’t hy graach wûn hie lykas de PC. 26 kear met daan Braaksma. 23 kear war ik ien fan de favorieten ston 13 kear yn in finale mar ik he de PC mar ses kear wonen. Sa is it en net oars. By partoer Louise Krol woe de geast net wat de earm woe en dat by alle trije keatsers. By partoer Larissa Smink gong it al nei twa slagen mis. Je falle tal kearen en dan giet goed mar op de wichtigste wedstriid fan it jier stean je nei twa slagen al oan de kant. Dat is ek keatsen. Dat is ek it moaie der fan…dat fyn ik.

As it feest der is dan witte je dat de froulju wer om harren hinne sjogge. Wa keatst mei wa. It is in spel en wa nimt it foartou. Wa wurdt der better fan en wa moat belis jaan. Gerde en Annet gean fierder mei Jeska dy’t net mear past by Louise en Sjanet. Ik snap dat wol. Is ek net maklik om mei sokke grutte tenoaren op arbeidzje te moatten. Jeska giet en Senne komt. Tink wol dat it passe sil by beide partoeren. Oer goed 350 dagen witte wy as it by beide in goeie kar west hat.

Kom noch efkes werom op it feit dat der ien oppakt waard op de Frouljus-PC. Bart noait mar as soks wol bart dan moatte wy der as parse wol lûd oer jaan. Alles wat ommers ofwiekt fan it gewoane is nijs. Sa is it my altyd foarhalden. De Omrop liet pak ‘em beet 10 sekonden sjen dat der ien persoan troch de sterke earm meinommen waard. No, dat wie it dan ek. Neat mis mei tink ik dan. Stean der net iens mear by stil mar hear dan de foarfrou fan de Frouljus-PC har nochal  ôfsetten hat tsjin de berjochtjouwing fan de Omrop. Sels hie hja it net iens sjoen en dan gean je of op de appkes en mailtsje fan tredden. Dan tink ik yn wat foar tiid leef je dan. Ofgean op in oar moatte je noait dwaan want dan slaan je gauris de planke mis.

Oant in oare kear!           

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 23, 2026 21:04
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel