Kweapraat 2025 (16)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 16, 2026 21:25

Kweapraat 2025 (16)

Der waard dit wiekein wer foar bêst opslein mei wedstriden rûnom yn de provinsje. Ik wie yn Kimswert wêr’t ea kloften leafhawwers rûnom de touwen stienen. Oantallen fan in dikke 700 der skrokken se yn Kimswert net fan en 45 jier lyn wie dat ek sa. Werom ik dat wit…ik wie ien fan harren. Dat wie op it âlde fjild yn it doarp. No, is dat net mear. Gelokkich set de nije generaasje harren wer yn om it keatsen yn Kimswert te hâlden. Ja, dan oer it keatsen fansels.

In pear partijen sprongen der út op de Jan Timmer partij. Fansels de partij tusken partoer Van Zwieten en dat fan Johan Sipma mei de lêste yn de haadrol. Sipma sloeg geweldich op en de krite fan Minnesma en Steenstra koe hjoed it goeie antwurd dan ek net fine op syn opslach. Ien misser tsjin sa’n perk dan dogge je it geweldich. In partij weryn it ek 5 kear seis gelyk waard en weryn Sipma-en-dy mei 4-0 en 6-6 foar kamen. Trije kear op seis gelyk waard it earst pakt en dat docht de tsjinstanner sear wa’t je ek binne. It waard dernei noch 4 om 2 en 5 om 4 mar mear siet der foar Van Zwieten-en-dy hjoed yn Kimswert ek net yn. Tjisse Steenstra kin in soad mar ek wer net alles. Op 5-4 en 6-4 wie de aksje fan Gabe-Jan op ‘e boppe om yn te lijsten.

In omloop fierder wie Rick Minnesma alwer fan de partij no as ynfaller foar Martijn Olijnsma dy’t yn 2017 ôfskie fan it keatsen nommen hie mar no drok is mei training jaan. As ynfaller foar Hessel Postma dy’t dit seizoen net mear yn aksje komt op de keatsfjilden die Martijn it treflik op de wedstriid yn Dokkum mei in twadde priis mar yn Kimswert waard hy te faveure foar Rick ynwiksele doe’t it om’de prizen gong. Fansels it mei en der is ek neat mis mei mar it die my sear doe’t ik Martijn mei de tas op it skouder it keatsfjild ferlitten seach doe’t Marten en Erwin keatsten yn de striid om de preemje of neat. It mei mar der is ek alles mei sein.

It wie ek wer de wedstriid fan Sipma. Hy keatste de wedstriid fan syn libben mar waard dochs ek wer de slemiel fan de dei. By 5-5 en 2-6 twa geweldige sitballen pleatse en dan op 5-5 en 6-6 de bal krekt kwea op slaan.

Der waard net allinne bytiden goed keatst mar der wie ek it nedige gedoch op en rûnom it fjild. Henk van der Zee wie hjoed de skiedsrjochter en Henk hie gauris wat keatsers yn de nekke dy’t it net mei syn beslissings iens wienen. Dat kin en dat mei mar ik set myn fraachtekens by soks. Werom altyd yn petear gean mei de keatsers as je in beslissing nommen hawwe. Je komme der nea op werom en werom dan dat geeamel nei de tyd. Je nimme in beslissing en der mei út. Hjoed moast Henk alwer in giele kaart lûke en it is net de earste kear. Is net nedich en jout gedoch…ek net handich!

Yn Sweins wie sneon de generale foar de kommende Frouljus-PC. Der dogge woansdei yn Weidum 12 partoer mei. It kwaliteitsferskil is grut…hiel grut. Fjouwer kâns partoeren en acht foar de listfulling. Mar as je dat no sa graach wolle dat dielnimme folle wichtiger is as winne dan soe ik sizze meitsje der krekt as op de grutte PC sechtien partoeren fan dan hawwe je alle aaien ûnder ien hin. Kin bêst healwei tsienen begjinnen en kinne je moai foar seizen út. Dan kin dy freeslike keats-off ek wer fan de aginde of.

Hearde dat de klokjes op de Freule oan de priis wienen. In dikke 2400 euro it klokje, net gek foar in pear omlopen keatse. Se wienen perfoarst noch djoerder mar in slimme keapman yn de Freule organisaasje hat der in 350 ofdinge kinnen. Mar goed dochs in grapke fan krapoan 7200 en dat allinne foar de priiswinners. Skynt ek noch sa te wêzen dat de organisaasje direkt mar foar fjouwer jier ynslein hawwe. Bang dat alles noch djoerder wurdt de kommende jierren. Ja, der sit wol jild by de Freule jonges en famkes.  

Oant in oare kear!  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma augustus 16, 2026 21:25
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel