Kweapraat 2026 (13)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 26, 2026 22:12

Kweapraat 2026 (13)

Je komme hannen en eagen te koart om alles in bytsje folgje te kinnen yn it lytse mar sa fûleindige keatswrâldtsje. Der bard hjoeddedei nochal wat. De Omrop dy’t de PC nei de ûnderwal treun hat en fol ynset op it Skûtsjesilen. De formaasje fan Menno van Zwieten dy’t sa flak foar de PC de iene klap nei de oare krijt en de lieding fan de Ald Meiers dy’t fan har geloof fallen is troch te boegen foar mear as ien partoer op harren wedstriid. Fansels keatsten de froulju ek wer ris in partij en der stek je altyd wat fan op.

Lit ik mar begjinne mei it oerrinnen fan de leiding fan Omrop Fryslân. Want sa fielt it foar my as ik hear en lês dat de wedstriid fan it jier en dat al 173 jier lang nei it twadde plak skoat is omdat hja dy’t by de Omrop oan de toutsjes lûke it belang fan it Skûtsjesilen heecher ynskatte. Wêr’t se dat wei helle mei joost witte mar dit is mear as misse op in keatst by de boppe op seis gelyk. Hja dy’t dizze beslissing nommen hat om de útstjoertiid oan te passen oan de finish fan it Skûtsjesilen hat blykber neat mei it keatsen oars hie se har wol tsien kear betocht. Dit dogge je dus net om safolle leafhawwers dy’t net nei Frjentsjer komme kinne of gjin kaart hawwe foar de PC foar de kop te slaan troch net om twa oere yn de loft te kommen. Der hat dizze groep rjocht op.

Foar dizze groep is de TV in ûnmisber iets. Se rekkenje der op dat om trije oere oerskeakele wurdt nei in Sjûkelân om de partijen dy’t dan oan de gong binne oant de finale te folgje. Dat is altyd sa west en der wie ek neat mis mei. It gelul oer sjochsifers seit mei hielendal neat. It is in stikje Fryske Folkglore en der moatte je mei je poaten fan ôfbliuwe. It gelul dat de goegemeente dan mar oerskeakelje moat nei de live stream liket ek neare nei. De groep wêr’t om giet hat trije kear neat mei de digitale wrâld snap dat no ris. Kom ûnder die stean wei en sjoch ris om jimme hinne en praat mei minsken dan witte je gau genôch wat der ûnder de minsken libbet.

Dit hobbyklupke fan de Omrop draait eigen handich en ik tink ek noch mei harren folle ferstan it keatsen de nekke om. Dat de eigen keatsminsken fan de Omrop gjin of nauweliks lûd jouwe ferbaast my mar ek wer net want hja ‘wiens brood men eet wiens woord men spreekt’. Mar ik fyn soks wol in swaktebot en as je dan earne lêze op in keatssite fan in meiwurker fan de Omrop…wat fine jimme hjir fan dan fal ik stil. Sels gjin kont yn de broek hawwe en de kastanjes troch in tredde út it fjoer helje litte. Hâld dy dan stil.

Yn Seisbierrum barde wat net ien foar mooglik holden hie…it earste ferlies fan de formaasje fan Menno van Zwieten. Ik skrik der net fan dat it yn Seisbierrum plak fûn. It hie wol folle hearder kinnen. Yn Sint Jabik rûnen se al op aaien en op de Rengers en Harns siet it harren net tsjin en der kaam noch by dat Tjisse Steenstra it doe noch maklik oprêde koe. Mar dat hâldt in kear op fansels en dan moat sa’n ferlies efkes in plakje krije en omdat it flak foar de PC bard docht it noch folle mear sear. Dat wie te sjen op de partij yn Arum wêr’t de mannen de twadde klap krigen en dy kaam tink ik noch folle hurder oan. Foaral Rick Minnesma koe it mar min sette dat hy troch Marten Bergsma foar de prizen nei hûs stjoerd waard.

Je meie best teloarsteld wêze mar Minnesma toant gedrach dat net past op de Fryske keatsfjilden. Syn hâlding nei ôfrin fan de partij docht it keatsen net goed. As hy sa op de PC docht is it folk gau klear mei dizze Minnesma en wurdt it in swiere gong nei de hage. Mar goed der sit safolle folk om him hinne dat der fêst wol ien is dy him wer yn ‘e stokken krijt. Mar it sil net maklik wurde foar de grutte favoryt partoer Menno van Zwieten.

Want nei Seisbierrum en Arum leit it fjild wer iepen. Partoer Marten Bergsma leit op koers en dat kin ek sein wurde fan Johan Sipma-en-dy. Foarynse Gabe-Jan van Popta liket krekt op ‘e tiid yn foarm en dat skealt in slok op in borrel. Tink om dizze mannen. Kening Kootstra wit wat winnen is op de PC. Mar goed it lot kin je maat of tsjinstanner wêze. Moarn witte wy it. Kom ik ek noch efkes werom op de keats-off in misbaksel fan de earste oarder. Wie der tongersdei…rom folk. Mar wer hawwe wy nei sjoen…nei trije kear neat. Mei twa fingers yn ‘e noas wûn it partoer fan numer 16 Auke Boomsma. Hâldt der mei op. Jekket ommers neat ta oan de PC en seker net oan it keatsen.

Yn Hitsum wie wer de Ald-Meiers Partij in moaie partij dy’t ea sein hat dat hja nea mei gean sille om mear as ien partoer fan de ôfdieling mei dwaan te litten. Dat sie nea barre. No, Hitsum is ek al om en wie dat al mar no stienen de 5 ekstra partoeren op de list. Hat neat mei kwaliteit te meitsjen…allinne mar list fulling. Spytich!

Yn Arum keatsten ek de froulju haadklasse. O o wat binne dy froulju bliid mei de wedstriidaginde. Wat hat de lieding fan de bond dat dit jier wer treflik dien. Ja hear de froulju binne út de skoeven. Je moatte wol in grut ljocht wêze as je sa’n aginde foar de froulju betinke kinne. Petje af!

Mar goed de top fan de froulju keatsten yn Arum en it mocht besjoen wurde. De finale tusken de partoeren fan Louise Krol en dat fan Annet de Haan wie in moaie partij weryn ien slach bepalend wie. Ja, ien slach en doe wie it ‘over en uit’ foar de ferliezer. Dat winst en ferlies ticht by ekoar lizze is in wierheid as in ko mar yn Arum die dat ek wer opjild. By partoer Louise Krol rekke Sjanet Wijnia it spoar efkes bjuster. Twa slagen op de seis gongen mis en doe gong by Sjanet alles mis. Hoe koe soks no…je binne miskien wol de bêste efterynse hawwe alles wûn wat los en fêst sit en dan twa kear it earst ferspilje op de seis.

Sjanet tocht dat it oan de sûker lei….soe samar kinne hja is sûkerpatient. Der waard sûker foar Sjanet helle…de iene rûn noch net hurder as de oare. Dat wie it euvel….mar in pear bêste en rekke klappen letter wie it bêste medisyn. Nei 2-2 en 6-6 wie it probleem mei de sûker yn ien kear fuort. It rûn wer as in trein en Sjanet wie alles wer fergetten dat de spegel fan de sûker sa leech stien hie. As de geast feardich is kin der in soad mei in sporter. Nei Arum wit ik der wer alles fan.

Oan in oare kear!           

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juli 26, 2026 22:12
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel