Kweapraat 2026 (8)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 21, 2026 20:35

Kweapraat 2026 (8)

Bring de keatsers by it keatsen. Dat wie sneon de titel fan it haadklasse keatsen yn Skearnegoutum. Mar spitich genôch dekte de flagge by lange net de lading dy’t de kommisje fan kv De Lytse Stuit foar eagen han hat. Want om mei de leafhwawers dy’t it witte kinne en eltse sneon en snein om ‘e touwen sitte te sprekken….de steam kaam harren út de earen… it wie bar en boos rûnom de keatsfjilden fan kv De Lytse Stuit. It begûn al doe’t myn maat it keatsfjild op woe. Man is altyd oan de betide kant mar dat wie sneon ek mar goed want in baaske foar ien dei stie net ta dat hy syn auto ticht by it fjild delsette woe. Dat koe net. Binne je wol goed by de holle. Set dy auto mar earne yn it doarp. Ach ja, bring mar nei Snits dan hawwe wy der ek gjin lêst fan no. Wat moatte dy leafhawwers hjir ek yn ús moaie Skearnegoutum.

It keatsen is dochs foar de bern en net foar it omlaachsittend folk. Dy gean mar earne oars hinne moat net gekker wurde. Lit se op ‘e fyts komme of leaver doch it rinnende wei. Mar myn maat is foar gjin got te fangen dus dy hat syn auto earne yn it moaie rêstige Skearnegoutum delsetten. Doe nei it keatstfjild…want der gong it no allegear om. No, it fjild wie goed mar de omballingen wienen om te janken. Telegrafen dy’t je mei it bleate each net seachen. Se wienen sa opstelt dat net ien der wat oan hie. Bart wol faker tsjintwurdich by de keatsfjilden. Ik tink dan altyd dat it in service oan de taskôger is mar der hawwe de measte keatsferienings gjin boadskip mear oan.

Sykje it lekker sels út. It draaien fan de telegraaf is der faak hielendal net mear by. Wat in wurk. Nee hear! Dat dogge de jonges en famkes fan de keatsferienings net mear. Mar goed yn Skearnegoutum wie wol mear mis. Karmasters by de froulju rûnen gewoan fuort…is mar frouljuskeatsen fansels. De catering sil der fest west hawwe mar myn maat hat sels mei it fergrutglês yn de han net ien fine kinne. Ik tink dan as je der sa’n bytsje foar oer hawwe doch it dan net. Lit in oare feriening dy’t him der wol foar ynsette wol it dwaan dat foarkomt in bulte ergernis by beide partijen. Net werd dwaan dus.

Tjisse Steenstra is de lêste tiid bot yn it nijs en dat is ek terjochte omdat de man in soad wint. Yn Stiens pakte hy syn njoggende oerwinning en dat allegear efter elkoar. No dat bart net sa faak. Sis mar noait. O ja, Jehannes Brandsma die dat yn 1982. Mar yn myn eagen wie dy prestaasje dochs noch in trepke heecher. Jehannes hie mar trije frije formaasje partijen ta syn beskikking mar wol seis útnoegingspartijen. Hjoeddedei hawwe wy it oer trochinoarlotterspartijen. Sjoch it binne der ek njoggen mar Jehannes wûn syn wedstriden mei Jan en alle man. Werfan akte!

Kriege dizze wike wat nijsgierige stikken op ‘e tafel dy’t komme út de neilittenskip fan goeie freon Jan Seerden. Der trof ik in stik oan oer hja dy’t ea roppen wurde om in sit yn it HB te nimmen. Mar wat ik ek lies wie dat je der wol wat foar dwaan en litte moatte. Je moatte perfoarst sûnder wryt en slyt wêze. Je moatte in iepen persoan wêze. Je moatte keatsleafhawwer wêze. Je moatte ferantwurding ôflizze as der by gelegenheid om frege wurdt. Koartsein je moatte fan ‘onbesproken’gedraag wêze as je in sit yn it haadbestjoer fan in keninklike bond krije. Der heart seker gjin krimineel gedraag by. Miskien wat foar ús freon yn Hommerts dy’t hjir wol tekenen fan toant om no ris iepenheid fan saken te jaan. Der binne minsken dy’t foar minder efter de doar belâne binne.

Oant in oare kear!     

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 21, 2026 20:35
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel