Kweapraat 2026 (4)
Gerelateerde Artikelen
It wie dit wiekein in drokte fan belang op de Fryske keatsfjilden. De Jong-Nederlân partij en de bond foar senioaren binne noch altyd klassiekers mar wêr’t de loop aardich út is. Snein yn Jorwert seach ik wer froulju oan it wurk dy’t stoppe wienen mar efkes sjen lieten samar wer mei te kinnen. Fansels komme je op sokke dagen ek de hotemetoten fan ús keatsbondsje tsjin. Foaral yn dizze tiid dat de bond noch mar in bytsje fleis op ‘e bonken hat en noch altyd de tosken op elkoar hâld as ik praat oer de slompe jild dy’t oan de ein fan it jier 2025 de kuierlotten nommen hat. By bondspartij kaam ik Bouwe Stiemsma fan Moarre tsjin dy’t by de yngong fan it fjild stie.
Bouwe kin ik al ût de tiid dat hy foarbest opsloech by keatsferiening Warber Bliuwe út Moarre-Ljussens. Bouwe hat jierren lang in sit hân yn it bestjoer fan Warber Bliuwe en dat hy treflik dien mei stipe fan de oare warbere mannen en froulju fan KV Warber Bliuwe. Mar no hat Bouwe al in oantal jierren in sit yn it HB fan it keatsbun en dat feroaret de saak. De hâlding nei de bûtenwacht wurdt dan ek oars. Je moatte mear op je tellen passe en de jonges en famkes fan de krante stellen bytiden fan dy lêstige fragen oer bygelyks de mof en no ek noch oer de sinten dy’t op ‘e loop binne. Bouwe falt net gau út syn rol mar as belangstellende stikjeskriuwer fielde je gau dat Bouwe der ek mei sit mar mei hannen en fuotten bun is oan syn fjouwer ‘oprjochte’ freonen yn it deistige HB-bestjoer.
Wer binne de sinten Bouwe? Ja, goeie fraach. Alles is by it HB bekend en ek by harren dy’t it witte moatte mar dan hâldt it ek op. Mar werom sa stiekum Bouwe? Jimme as HB en do dus ek hawwe de plicht om de leden te fertellen wal jimme mei ús jild dien hawwe. Ja, der koe Bouwe him wol yn fine dat je iepen wêze moatte nei de leden dat dienen wy ek altyd op de gearkomsten fan Warber Bliuwe…mar no’t Bouwe in stapke heger op ‘e ljedder klommen is no hoecht dat blykber net mear. Dat kin dochs net Bouwe…dat kin dochs net. Bouwe soe witte kinne dat der by de fuzy yn 1994 grutte wurden sprutsen binne doe’t it CFK de jildsaken net op oarder hie. Doe stie de bond foaroan om útlis te jaan oan de leden. Want de fuzy stie ûnder heechspanning.
Wienen oare tiden mei HB-leden dy’t minder op in eilân stienen en der mear doel oer hienen. It HB fan hjoeddedei tinkt dat se der mei weikomme mar ik tink dat hja op messen rinne. Mar omdat mear as ien it wit sil Coos ea mei it wetter foar de dokter moatte. Salang dat net bard gean ik der fanút dat de hiele kleut ferneukt wurdt troch ús glimkjende HB-leden. Komt fansels ek troch de ferienings dy’t net it lef hawwe om fragen te stellen op de jierlikse Algemiene Gearkomst. Of se hawwe der gjin doel oer of se hawwe gjin kont yn’e broek om gewoan in fraach te stellen oer it jild dat de kuierlotten nommen hat en net ien wit wêr’t de ponge mei krapoan 175.000 euro foar brûkt is. In gewoan man of frou dy’t soks dwaan soe waard al rillegau efter de doar setten. Mar goed it seizoen is no lang dus CV út H. hat noch wat wiken om útlis te jaan oer de ponge mei jild dy’t op ‘e loop is.
De Jong Nederlân partij hie mar in list fan 20 partoeren. Feitlik mar 19 want De Ryp stie der mei twa op. Wer in klassieker dy’t it swier hat. It nusje folk dat sneon om ‘e touwen stie hâlde net oer. Op sa’n dei hat de organisaasje it altyd muoilik mei it goed setten fan de boarding. Dy stie by de boppe ek wer ferkeard. 1,5 meter wie de ôfstân by de boppe en dat mei no ien kear net. Freon Van Erve hie betocht dat soks wol mocht en hy hie de bond in ûntheffing jûn om soks te dwaan. De slachter dy’t syn eigen fleis tsjin it ljocht hâldt. It moat net gekker wurde. Gelokkich hie Joop Dijkstra in rjochte rêch… dus gong dat feest net troch. Soms tink dat der net ien fan de hotemetoten der ek mar in nuts doel oer hat. Hja binne goed yn fernielen fan moaie spultsje. Dat wol fansels.
Dan moat ik it ek noch efkes oer de bond haw. De Ryp makke it favoryt wêzen wier en Minnertskea miste dúdlik de ynbring fan Jacob Wassenaar. Ik snap wol dat Jurriet Osinga as earsteklasser miskien mear rjocht op in plak yn it partoer hie as de âlde krijger Jacob mar yn myn eagen makke Jacob mentaal it partoer folle sterker. Keatsen is mear as in bal boppe slaan. Ja en dan de list mei 50 partoeren werfan 11 dûbele partoeren. It is dochs fan de gekke: De Ryp 3, Sint Anne 3, Frjentsjer 3 en sels Harns kaam mei 3 partoer, Wat jekket soks no ta…trije kear neat en it kost de wrâld oan tiid. Dan krije je dat de lêste slach pas tsjin achten falt. Dat hie ek mei dit oantal net hoecht omdat je dat as organisaasje efkes oars oanpakke moatte. Heechút tsien partoer keatse litte op it Sjûkelân en de rest keatst trije en net twa omlopen op de fuotbalfjilden. Sels mei 88 partoer yn 1979 binne je dan tsjin seizen út. Soks is al sa faak tsjin de de organisaasje fan de bond sein mar se witte it altyd better. Se wolle sa graach profesioneel oerkomme…mar it bliuwe amateurs.
Oant in oare kear









Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie