Kweapraat 2026 (2)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 10, 2026 21:25

Kweapraat 2026 (2)

It wie kâlt yn Menaam op de earste frijeformaasje partij fan it seizoen 2026. De partij waard wûn troch in partoer dat ek yn 2026 seker wer foarbest opslaan sil. It wie noch net super by partoer Van Zwieten-en-dy mar wol genôch om mei de dikste slúf fan it fjild te gean. De konkurrinsje sil en komt fan Marten Bergsma-en-dy en Johan Sipma syn partoer. Dizze trije partoeren sille nei alle gedachte de tsjinst útmeitsjen gean op de 22 frije formaasje partijen. De oare sân partoer hawwe net de kwaliteit wat nedich wêze sil om it dizze trije partoeren it muoilik te meitsjen. Dat is spytich foar dizze mannen mar sa as altyd hat de wierheid in skel lûd. It spul wie hiel aardich yn Menaam mar dat wie it dan ek wol. Fan de ‘Grandeur” wat ea de Gouden Willem partij wie wie net folle mear fan oer. De grutte tribune is der al in oantal jierren net mear lykas it korps. Beide wienen jierrenlang ferbûn mei de Gouden Willem partij.

Mar de namme dekt al efkes net mear de lading. Ommers der wurdt hjoeddedei net mear om Gouden Willems keatst omdat vvv Menaam dat net mear opbringe kin. Mar wat my foaral opfoel wie it feit dat der feitlik gjin romte mear wie foar de skriuwende parse. Dat hie in reden fansels. De gemeente Waadhoeke hie ferbean dat der gjin grutte frachtauto mear op it fjild stean mocht. Bang dat it fjild fernielt wurde soe. Oan de iene kant snap ik dat wol…mar hjoed hie it best kinnen omdat de grûn sa hurd wie as beton. Efkes hinne en wer ride…! Dat wie te folle fan it goede. Dus stie der allinne noch de bestjoerstinte op it fjild wêr’t gjin romte mear wie foar de parse. O ja, wy moasten sels mar in plakje útsykje rûnom it fjild en dat by in temperatuer fan rûn de 12 graden. Yn Doanjum bin ik wolris in kear ûnderút gien mar dit wie ek op de râne wat wol en net kin. Je hawwe as organisaasje dochs wol it fatsoen en de plicht om romte te jaan oan de parse. Dat kost faaks wat tiid mar dat heard der wol by fansels. No wie der oan de oare kant fan it fjild in tinte del setten wêr’t net ien wat han hie. Te fier fan it fjild en te iepen dus net geskikt foar de parse. Om mei in eardere foarsitter fan de keatsferiening te sprekken dy’t efkes by my op ‘e lije side kaam: se hawwe der hjoeddedei te min doel oer. Der sitte no trije minsken yn it bestjoer werfan twa út de Ryp. Ik tink dat dat genôch seit. Gelokkich hawwe wy noch Eelke van der Meij, ja de soan fan, dy ferset in bealch fol en goed wurk foar de feriening.

Yn de Ljouwerter fan sneon stie in advertinsje fan it ferstjeren fan âld-HB-lid Klaas Vellinga fan Stiens. Werom falt my soks op omdat by it ferstjeren fan bygelyks âld-HB leden sa as Thom Dijkstra, Willem de Haan en Johan Halbesma it stil bleu op de burelen fan ús keninklik bondsje ek noch yn in tiid dat der grutte jild krapte is. Dat is dus mjitte mei twa maten en dat dogge je gewoan net.

Sa oan it begjin fan it keatsseizoen haw ik ek efkes nei de wedstriidaginda sjoen faan 2026 en dan foaral nei it flageskip fan de bond de manjlu en froulju haadklasse. Wat is der oan wedstriden bykommen of binne der minder wedstriden as yn 2025. No, dat is dúdlik. De manlju hawwe trije wedstriden minder en by de froulju is dat sels fiif wedstriden. Dat liegt der dus bepaald net om. Gjin wedstriden mear dy’t sa no en dan noch op de aginda stienen sa as Reduzum, Easterlittens of Tsjom bygelyks. Wat ek opfalt is dat kv Nut en Nocht fan Damwâld der yn 2026 net mear op stiet. Mei Broeksterwâld hienen hja om bar de haadklasse partij.

By de froulju binne der fiif wedstriden op de loop. Gjin wedstriden mear yn Harns en Marsum. It bestjoer fan Foarút hat sels it foartou nommen omdat de wedstriid net mear oan de easken fan Foarút fol die. Yn de lêste jierren hienen de froulju blykber oare saken op de datum as Marsum de haadklasse wedstriid hie. Foar Marsum de reden om de stekker der út te lûken. Spytich mar eigen skuld dikke bult tink ik dan. Der is ek in feroaring oanbrocht yn de lêste wedstriid fan it jier de Aldehou partij. LKC Sonnenborgh hat de partij wer splitst yn twa wedstriden. De froulju binne te gast op 13 septimber en de manlju slute it seizoen in wike letter of. Ik tink in geweldige saak foar alle partijen. Want sa’t it de ôfrûne jierren gong fertsjinne it net de haadpriis.

No, dan noch efkes oer de pûde mei jild fan de bond dy’t noch altyd op de loop is. Wêrt gjin tekst en útlis oer plak fun hat. Freon Coos mei wol tinke dat it gedoch oer it ferdampen fan de mienskip harren sinten wol oerwaaid is mar dan hat hy it goed mis. Wa’t je ek treffe op it keatsfjild it giet njoggen fan de tsien kear oer it fuortpoetsen fan it jild fan de leden fan de keatsbond. Wer hawwe Coos-en-dy dy sinten oan útjûn. Neat sizze lost neat op en is it dizze wike net as is it de oare wike net…tink derom CV út H.  Ea silst mei it wetter foar de dokter. Ik hie it dy yn Menaam graach efkes freegje wollen mar dat hast blykber net oandoart. Mar it seizoen is noch jong…wa wit fertelst straks wêr’t de sinten fan de leden oan útjûn binne. Silst der sels net sa folle pine om hawwe want it is maklik útjaan fan jild wat fan in oar is. Mar ik tink ek en ik bin der wol wis fan dat de sliep net sa noflik mear is….eigen skuld dikke bult.

Oant in oare kear!  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 10, 2026 21:25
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel