Johannes van der Ploeg 1949-2025
Gerelateerde Artikelen
Johannes van der Ploeg âld-haadklasse keatser is juster dochs noch hommels ferstoarn. Ik wist dat Jehannes slim siik wie mar syn ferstjerren komt dochs ûnferwachts. Berne yn Winsum hat Jehannes it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer wenne. Hjir yn de stêd fan de PC fielde hy him thús. Jehannes kom ik foar it earst tsjin yn de útslagen as hy mei keatsferiening Sjirk de Wal fan de Ryp op de bûnspartij yn de prizen falt. We prate dan oer 1968. Oan de ein fan de dei pakt Jehannes de seisde priis mar der sil it net by bliuwe. Jehannes komt te wenjen yn Winsum en mei Gerrit Fokkens en Rikus Kramer wint hy yn 1973 de bûnspartij.
Nei dat hy yn Frjentsjer komt te wenjen wint hy yn 1977 no foar keatsferiening Jan Bogtstra mei Tjisse Wallendal en Jan van der Molen de bûnspartij. It is it begjin fan in moaie tiid yn de earsteklasse no haadklasse. Hy keatst fan 1972 oantemei 1980 op de earste klas en komt ta in puntenoantal fan 119. Ferdielt oer 10 earste prizen, 29 premies en 31 lytse premies. Jehannes nimt yn 1980 sels it beslút om te stopjen mei keatsen yn de earste klasse. Op de PC pakt hy yn 1973 en 1977 in lytse preeemje. De PC wurdt letter in diel fan syn libben. Jehannes wurdt omropper fan tsjinst en sil dat hiel lang dwaan. Hy wie jierrenlang de stim fan de PC.
De tiid rûnom de PC wie foar Jehannes ien fan de hichtepunten yn syn deistich libben. De lêste tiid is dreech west foar in man dy’t noch sa graach woe mar it libben langsum mar seker loslitte moast. Keatsend Fryslân en de PC sille him nedich misse. Jehannes mocht mar 75 jier âld wurde. (Foto: Henk Bootsma).
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie