Kweapraat 2025 (8)
Gerelateerde Artikelen
Freed wie der yn Ljouwert in testdei fan de nije mof wêr’t de lieding fan de KNKB hielendal wyld fan is. Se reitsje der mar net oer útpraat wat der no út de hege hoed kommen is. De nije mof dy’t troch âld-keatser Cornelis Terpstra op de merke brocht wurd. Op himsels is dat al bysûnder want Terpstra hie in oantal jierren tebek net iens in lisensje om in mof te meitsjen. Dat rjocht lei yn hannen fan Reinder Triemstra en Jan Scheepvaart. Triemstra dy’t al mear as fjirtich jier terflike moffen makket moast it fan hearren en sizzen hearre dat Terpstra in linsenje fan de keninklike bond kriegen hie. Dat is fêst yn in dearinnende stege bart want net ien wist der feitlik fan. Sjoch je kinne der alles fan fine dat Terpstra in lisensje hat mar hy hat him net stellen. De grutste dieder is fansels Marco, de fûgeltsje man, dy’t de saak besodemietere hat troch Terpstra in lisensje te jaan. Ik neam dat in minne streek. Mar dit jildt ek foar HB-leden dy’t hjir fan of wisten. Mar dat wie noch net alles want troch in subsydzje fan in lytse 30.000 euro koe de bond efkes grut swee slaan. Terpstra waard yn it sadel holpen en der waard fansels niks sein tsjin Triemstra en Scheepvaart. De ferantwurdelike HB-leden soenen nea wer op it buro komme meie. Ik soe mysels dea skamje. Dat is it ferhaal foarôf. No, moast de bond mei it wetter foar de dokter.
Yn Ljouwert soenen de pupiltsjes efkes sjen litte hoe moai en hoe goed wol de nije mof fan Terpstra is. No, ik haw efkes yn petear west mei Reinder Triemstra en dan witte je it gau genôch. Triemstra moast op in slimme wize oan in mof komme en hat der efkes goed nei sjoen. Triemstra mocht freed wol nei Ljouwert komme mar hy mocht allinne mar sjen en der neat fan fine. Nee, dat koe net. Dat mocht net fan ús nije direkteur Dirk Jan van der Woud. Sjoch Dirk Jan sit der wol oan de Sjaardemastrjitte mar hat gjin miening. Dat falt mei freeslik of fan in man dy’t doe hy noch gjin direkteur wie oeral in miening oer hie en altyd wist hoe it wol moast. Wat kin in minske dochs feroarje as hy in oare jas oan krijt. Komt noch by dat sawol de mannen mei kennis fan saken sa as Tsjerk de Groot en Sikke Visser ferhinderde wienen. No bliuw Gerry Saakstra oer om der wat fan te finen. No litte wy earlik wêze…dan haw ik dochs leaver betufte mannen as De Groot en Visser. Mar goed Reinder is ek net foar ien gat te fangen dus hat hy efkes wiedweidich nei de ‘nije mof’sjoen. No, dat is net best. De nije mof is feitlik ien grutte nap…ja, ja ien grutte nap. Alles is sa hurd as de nap..dus fingers en nap.
De nap is ek net op alle plakken like dik. De dikte fan de mof dy’t Reinder ûnderhannen kriege fariearde fan 4,5 7,5 oat 8,5 millimeter. Tel uit je winst. Mar Reinder koe de mof ek samar útelkoar helje….dus as je no knoeie wolle dat de spuit je de epoxy der samar yn. Mar dat net allinne de bern dy’t mei sa’n prachtige mof keatst hawwe hienen nei de tiid osa lêst fan de harren hannen. Komt ek noch by dat der mei dizze mof net goed stjoerd wurde kin. Om koart te gean fuort mei dizze mof dy’t nea in sukses wurde kin omdat hy yn it donker makke is en stipe kriegen hat fan minsken dy’t der gjin lor ferstân fan hienen. Mar feitlik is it al mis gongen yn de kommunikaasje. Troch Triemstra en Scheepvaart der bûten te hâlden komt no alle ellinde op it boardsje fan foarman Coos Veltman en direkteur Dirk Jan van der Woud. In bytsje bestjoerder mei kont yn ‘e broek soe sizze: werom nei de basis en dy soe skeit hawwe moatte oan de ‘tinkers’ Bouwe Stiemsma, Joop Dijkstra, Jan Bles en Corné Tuinenga werfan Jan Bles alwer de kuierlotten nommen hat.
Yn Berltsum wie de priis krekt as yn Stiens, Menaam en Sint Jabik foar it meast konstante partoer op dit momint fan Johan Sipma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra. It rint as in trein by it partoer en it kin in moai seizoen wurde foar alle trije keatsers. De foarmaasje fan Steven Koster hat ek wer wat kleur op de wangen nei in oantal minne partijen. Mar it kin noch wol better fansels. Dat jildt ek foar de oranje brigade. Der moatte noch wol wat dinkjes better. Dat jildt yn it earste plak foar freon Erwin Zijlstra. Man kin genôch mar it komt der noch net út. Hy kin geweldich slaan mar syn fuottenwurk moat better. Mear yn de bal komme. Hy komt no hast eltse kear in stap te let. Wurk oan de winkel dus.
Dat jildt seker foar Menno van Zwieten syn partoer. It begjin wie net geweldich mar nei de winst yn De Ryp giet it hieltiid minder. Mei as djiptepunt de heale finale tsjin Johan Sipma c.s. It wie in treurich gesicht om de mannen sa wrakseljen te sjen. Van Zwieten waard fan opslager samar balkearder. Dat snapte ik net…sa min gong it net. Ien sitbal en ien misser…dat mei dochs. Steenstra liet ek alles mar barre ….stie der gelaten by doe’t Minnesma foar master opslaan woe. Efkes oernimme…mar dat moatte je it ek sjen litte mar Minnesma fersûpte yn syn eigen dadendrang. Op 3-0 en 6-6 jout hy Kootstra de bal op in lytse keats…boppe dus. Dat wie no in putsje foar Steenstra noch net sa lang lyn…. Nei in misser yn it tuskenspel miste deselfde Minnesma op 4-0 en 6-6 ek noch de krite. De wei nei de top is lang en bytiden muoisum. Rick wit der no sa njonkenlytsen alles fan.
O ja, yn Berltsum hienen de bestjoerders ruzy mei de klok. Der waard socht om de Baas klok Jaap Adema mar der is it by bleun. Nei in pear oeren wachtsjen kriege it bestjoer him oan de praat. Miskien in idee om wat saken op papier te setten. dat witte de bestjoerders ek hoe’t je de klok oan de gong krije kinne. Yn Berltsum keatsten ek de earsteklassers harren partij. Moai dat soks kin mar net moai dat harren finale op it fjild fan de haadklasse ferkeatst wurde moast. Dat dogge je net. Haadklasse is haadklasse en dat moat moai sa bliuwe. Gewoan je best dwaan en dan meie je takom jier ek op it haadklasse fjild je finale keatse. Net werd dwaan dus.
Oant in oare kear!
Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.
Schrijf een reactie