Kweapraat 2025 (6)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 9, 2025 21:14

Kweapraat 2025 (6)

De platte karre stie al klear yn De Ryp. Alles wie der klear foar. It soe de heechtijdei fan de Rypster keatsferiening Sjirk de Wal wurde. Trije hichtepunten wienen der dit wykein en de jonges en famkes fan Sjirk de Wal wienen der klear foar. Wat koe der feitlik mis gean. Favoryt by sawol de Jong Nederlân, bond foar de froulju en fansels de bond foar senioaren. Dat wie dochs appeltje eitje. Tjisse Steenstra wie net samar nei de Ryp komen. Der is fêst oer neitocht. Hy fûn der twa sterke maten dy’t foar noch mear hages swoarge soenen. Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma. Twa sterke keatsers en mei Tjisse derby waard in partoer gearstalt dat net ferlieze koe. Mar it soe efkes oars rinne. Fansels de oerwinning op de Jong Nederlân wie fertsjinne mar dat koe ek net oars. Sels mei de ferkearde han hie Sjirk de Wal noch wûn en it wie ek noch foar de tredde kear. Neat mis mei. De earste slach wie slein.

Op nei Jorwert wêr’t de froulju fan de Ryp ek in grutte kânshawwer wie want de tiden fan Tineke Buwalda, Hennie Faber en Truus Smeding leinen al fier efter de Rypsters dy’t osa graach de bêste wêze wolle en dat ek útstriele. Bytiden in bytsje te folle. No, yn Jorwert gong it ljocht foar de finale al út. Der hienen de Rypsters feitlik net op rekkene foaral omdat Makkum belies jaan moast omdat twa famkes en net de minsten blesseare wienen. Mar net ien hie oan Mantgum tocht en jawis sei pakten tige fertsjinne de oerwinning. Dus net twa út twa mar moandei soe it fêst goed komme. Dat moast feitlik in lyts putsje wurde. De Rypsters kamen mei mar leafst trije partoer nei Frjentsjer. Wat op himsels al in gekke boel is en net rjocht docht oan de bond. Eartiids moast der om fochten wurde wa’t meidwaan mocht oan de bond mar no mei eltsenien dy’t in mof past blykber meidwaan ter lering en weinig fermaak.

It jekket neat ta en de partijen duorje allinne mar langer. Mar hja de listen moatte fult wurde. De keatser sintraal no! Mar goed werom nei Frjentsjer. Steenstra-dy hienen in moai lot by it besjen fan de list. Eksmoarre wie gjin partij en Moarre moast ek te dwaan wêze. No dat hie samar oars rinne kinnen want de Rypsters hienen in pear kear de dea foar de eagen. Ik sis eagen omdat se net unfoartunlik wienen by de beslissingen fan de karmasters. Dat hie samar oars kinnen en dat hie miskien ek wol rjocht dien oan de keatsers út Moarre-Ljussens. Mar goed dat siet harren dus net tsjin. Nei wat fierder omtyskjen stie de Ryp yn de finale.

Tsjinstanner Minnertsgea hie harren dan wol yn Tsjommearum fan it fjild slein mar dat wie doe dus de Rypsters woenen der fol foar gean. Mar Minnertsgea is net samar in partoer. Marten Bergsma slaat dit seizoen geweldich op en Hendrik Kootstra is mei syn 32 jier noch lang net oan de ein fan syn moaie karrière. Boppedat hienen se wer de stipe fan de âlde kriger mei alle respekt Jacob Wassenaar. Yn 2001 wie hy der al by en dik tweintich jier letter is hy op syn 44ste noch altyd in keatser dy bliksum goed wit hoe’t de hazzen yn keatslân rinne. Hy wie it ek dy’t Steenstra-en-dy sear die troch op 1-0 en 6-6 boppe te slaan. Doe koenen je al sjen dat de Rypsters it hjoed net rêde soenen. Dernei pakte Minnertsgea troch en de ûnderhanse boppeslach fan Kootstra op 4-0 en 6-6 die de doar ticht.

Ik freege my of werom Van Beem út it foarperk moast. Rick Minnesma is net in echte foarynse en dat die ek blyken. De oanhang fan de Rypsters tochten troch de misser fan Bergsma op 5-0 en 6-6 noch kânsen te krijen mar dat bliuw by de gedachte. Op 5-1 en 6-4 sette Bergsma der in punt efter en wienen de appels soer foar de Rypsters. It korps hoegde harren net te ferstrupen en de platte karre bliuw wêr’t hy wie. Foar Hendrik wie it al de sânde oerwinning op de bond. Dat binne der net safolle dy’t safolle klassiekers as de bond wûn hawwe. It liket wol dat Jacob Wassenaar hieltyd better wurdt…lit hast noait in bal sitte. Sa no en dan ien goed reitsje en altyd te plak stean. Boppedat hat hy syn mûle ek noch op it goeie plak.

Hy makket it partoer allinne noch mar better en dan seit leaftiid net folle. Jacob syn oantal stiet no op seis…en de ein is noch net yn sicht. Dat jildt seker ek foar Marten Bergsma dy’t dit jier geweldich opslaat. Alles falt te plak foar him en hy tekende hjoed foar syn fiifde oerwinning op de bond. Wat fierder opfoel dit wykein wie it feit dat de bond foar froulju nei healwei achten dien wie…sil wol net oars kinnen hawwe mar it is gewoan te let.

Oant in oare kear!       

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma juni 9, 2025 21:14
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel