Kweapraat (2023) 17

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 27, 2023 21:08

Kweapraat (2023) 17

It wie de wike fan de Frouljus-PC en de Van Aisma dagen yn Bitgum. Yn Weidum wie de 47ste edysje en troch it moaie waar en in pear spannende partijen kin Nije Kriich werom sjen op in tige slagge wedstriid. De wedstriid waard wûn troch it favoryte partoer fan Ilse Tuinenga, Anne Monfils en Marrit Zeinstra werby Ilse kroant waard ta keninginne. Appeltje eitje om smar te sizzen mar wie dat ek sa. Ik haw de partijen fan de winner ûnder it fergrut glês lein en ik moat sizze dat it noch hiel wat fuotten yn ‘e ierde hie foardat de froulju de hage te pakken hienen. Mei numer 8 moasten de froulju fol oan de bak.

Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jennie Terpstra wie in hiele lêstige tsjinstanner yn it begjin fan de dei. Der siet spanning op dat wie dúdlik te sjen doe’t de beide partoeren it fjild opkamen. Partoer Ilse Tuinenga hie dan wol acht fan de njoggen partijen wûn mar dat wie net of te sjen oan de start fan de partij. Roelie Kroondijk-en-dy kamen mei goed keatsen samar foar mei 1-0 en 6-2. Se hienen it spul foar it grypen mar troch in kweaslach fan Corrie Kroondijk waard it earsten gelyk. Ilse wie net de Ilse dy’t gewoan is om de perken om te slaan. Tsjin de trije sitballen stienen ek trije missers. De beslissing fan de partij foel feitlik op 1-1 en 6-6 met de misser fan opslager Roelie Kroondijk. Dermei wie it slot fan de doar en Tuinenga-en-dy pakten dernei troch mei fjouwer earsten op’e rige. Nei 6-4 kaam Roelie Kroondijk-en-dy net fierder as trije kear 6-2 mei ien fan de trije sitballen fan Ilse. De krite fan Ilse wie ek bepaald noch net top mei mar trije boppeslagen.

Yn de twadde omloop foel foaral it geweldige wurk fan Anne Monfils op. It partoer fan Amarins de Groot-en-dy kriege perfoarst gjin foet tusken de doar. Anne Monfils sloech 7 ballen  oer it kleedsje en makke it dien wurk foar Ilse en Marrit. Op 5-0 en 6-4 sloech Anne foar de sânde kear boppe.

De heale finale tsjin Alette van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt waard dan wol wûn mei 5-2 en 6-6 mar der moast geweldich foar knokt wurde en it wie it perk fan Anne Monfils en Marrit Zeinstra dy’t harren partoer der troch hinne skoarden. Ilse hie muoite mei it perk Jeska en Gerde. By froulju sloegen mar leafst acht ballen oer it kleedsje en dat wienen bepaald net koekjes. Ik komt net sa faak foar dat de opslach fan Ilse net beslissend is. It wie foaral it geweldige wurk fan Anne (seis) en Marrit (fjouwer) dy’t harren partoer oerrein hâlden. Op 3-1 en 6-6 tocht Marrit de lytse keats foarby te slaan mar dat slagge net. Mar dernei wienen sawol Anne as Marrit gjin bal fertroud en dertroch koe de formaasje fan Alette gjin foet maer tusken de doar krije. De geweldich keatsende Gerde miste op 5-2 en 6-6. De heale finale wie in moaie partij weryn de perken foarbest opsloegen. De fjouwer froulju sloegen mar leafst 18 kear boppe mei Anne Monfils as beste dy’t der seis oer hinne sloech. Yn dizze partij kriege Ilse tsien boppeslagen om’e earen. Tsjin de trije missers fan Ilse stienen twa sitballen.

Dan de finale!

Dat waar it beste fan de dei. De twa beste partoeren fan it seizoen ek yn de finale fan de Frouljus-PC. Mei Ilse-en-dy as de grutte favoryt mar it bliuwt keatsen en dat is mar goed ek. Yn it earste earst daliks al trije boppeslagen mei de lêste fan Marrit op 6-6. It waard earsten gelyk troch in kweaslach fan Anne op 1-0 en 4-6. Troch twa missers fan Alette en in sitbal fan Ilse lieke de twa ien foar it grypen mar twa boppeslagen fan de geweldich keatsende Sjanet Wijnia en ien fan Louise Krol waard it seis gelyk en doe makke Louise it ek noch twa om ien troch de bal yn in triktrak boppe te slaan. Der stiet druk op mar troch goed wurk fan Anne en Marrit yn de krite waard it fia 6-2 en 6-0 samar wer trije om’e twa foar partoer Ilse Tuinenga. Goed wurk fan Louise (twa boppe) makke it dat is op 3-2 en 4-6 trije earsten gelyk waard. Doe die de coach fan Ilse Tuinenga, Peter Tolsma, in geweldige set troch Marrit Zeinstra de twadde opslach te jaan. Marrit betelle it fertrouwen daliks út troch op 4-3 en 4-4 in geweldige sitbal te pleatsen. Om dernei op 4-3 en en 6-4 boppe te slaan. Dermei wie de angel út de partij. Sjanet foar, Anne boppe, Marrit triktrak boppe en Anne op 5-3 en 6-0 foar de seisde kear boppe. In geweldige finale mei mar acht missers en 19 boppeslagen werfan seis fan Anne Monfils. Foar my wie it doe dúdlik dat der mar ien keninginne wurde koe…nammentlik Anne Monfils. Har earste oerwinning en dan by it ôfskie ek noch de haadpriis. It koe dochs net oars. Ilse wie gewoan net sa sterk as troch it hiele seizoen. Yn de ferkeatste partijen kriege se mar leafst tweintich boppeslagen om ‘e earen. De boppeslagen oars it kenmerk fan Ilse wienen op de fingers fan ien han te tellen. Mar ja dan hawwe je noch altyd te krijen mei in keningskommisje. Blykber hawwe se net alles sjoen…fansels neat op tekene en dan nimme jue in beslut dat heaks stiet op wat der wirklich bart is. De winnende froulju sille der faaks net wekker fan lizze mar je dogge Anne te koart troch har oer de holle te sjen. Spitich, osa spitich!

Troch it stopjen fan dizze tenoaren krijt it frouljus keatsen wer in geweldige slach. Wat der oer bliuwt kin de karre lang genoch net lûke. Hy dy’t tinkt dat it wol sa is ziende blind en horende doof.

Yn Bitgum hienen se freed in top dei mei de 50+. Hast 90 man wienen nei Bitgum kommen foar harren partij mei krapoan 1400 euro oan prize jild. Dat wie geweldich….de partij fan sneon foel yn it wetter. Gjin tsien mar acht partoerkes en fjouwer oere koe de leafhawwer al oan de wiete klets. Dat kin nooit de bedoeling west hawwe mar hja de bond wol eltsenien te mjitte komme want Itens moast ek noch wat keatsers hawwe. Der stiet dan wer tsjinoer dat snein 12 partoeren op ‘e list stienen. Dat kin dan wol…wa’t it wit mei it sizze.

Oant in oare kear!              

Jan Braaksma
By Jan Braaksma augustus 27, 2023 21:08
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel