Kweapraat 2023 (8)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 18, 2023 22:26

Kweapraat 2023 (8)

Ik begjin hjoed yn Sint Jabik wêr’t Taeke Triemstra yn punten geliek kaam mei de grutte tenoar Hotze Schuil fan Harns. Troch dat Taeke mear earste prizen behelle hat as Schuil stiet Taeke op 18 juny 2023 no op it twadde plak fan it keatsklassemint alle tiden. Dat is in grutte prestaasje sjoen ek wat de Sintjabuurtster allegear yn syn keatskarrière meimakke en tsjin kommen is. Brutsen finger, skouder en de sykte fan Bechterew om mar wat te neamen. No yn syn 40ste libbensjier komt de earste posysje fan it keatsklassemint yn it sicht. Ik haw myn stikjes oer de klasseminten alle tiden der ris op nei sjoen en dan sjoch dat ik nea tinke kinnen hie dat de posysje fan Piet Jetze Faber ea ferbettere wurde soe. Ik tocht dat dat nea barre soe mar sjoch op snein 18 juny 2023 liket it der no wol op dat Taeke Triemstra hurd op wei is om de numer ien te wurden op de ivige ranglist fan it keatsklassemint alle tiden.

Sjoch Hotze Schuil wie in monumint mar Taeke is in ikoon. Ik fyn it in eare om dit meimakke te hawwen. Ik haw Hotze Schuil keatsen sjoen. Ik haw de hiele karrière fan Piet Jetze fan tichte by meimakke en no is it ryk oan Taeke Triemstra. Noch in pear wike en dan hat hy it ryk nei alle gedachte allinne as hy Piet Jetze ek foarby gongen is. Dat is dan hiel bysunder en it sil wennen wurde as hy net mear op’e list stean sil. Wat keatsen oanbelanget hoeft Taeke noch net op te hâlden…hy is fierwei de beste foarynse en boppdat hat hy de beste opslager noch as maat en efterynse Erwin Zijlstra kin allinne noch mar better wurde en hat noch jierren foar de boech.

Dan noch efkes oer it lotsjen. Dat bliuwt in ferhaal op him sels. Jierren haw ik it lotsjen mei Tetman van der Meulen dien en ik kin der noch wol oeren oer fertelle. Doe’t Tetman de bond ferliet wie it foar my ek dien wurk. De nije minsken moatte it no dwaan en dy rinne no ek tsjin saken oan dy’t my net frjemd binne. Woansdei wie der wat mis gongen by earste en twadde klas en fansels waard der praat oer it lotsjen fan de wedstriid yn Boazum. It partoer fan Steenstra-en-dy wie byelkoar lotte en Gert-Anne en Taeke sieten ek al yn ien partoer. Dat kin net hear je dan. No dat kin wol fansels. Ik haw it sels nea meimakke dat trije út ien partoer by elkoar lotte waarden mar werom soe dat net kinne. As je it net fertrouwe dan gean je dochs nei de lotterij op woansdeitomoarn dy’t op it bûnsburo plak fynt. Dan kinne je mei eigen eagen sjen oft der ek sjoemele wurdt want dat is altyd de gedachte. Kom nei it bûnsburo en stop mei it eameljen oer saken wêr’t hja gjin doel oer hawwe. Genôch oer it lotsjen en dan mar gau nei it net kontroleren fan de mof. Wat is der dochs oan de han mei hja dy’t noch altyd miene doel oer bepaalde saken te hawwe mar eltse kear wer út de bocht fleane.

Ik haw my dizze wike efkes ferdjippe yn de mof…no dan spat de kalk je dochs fan de tosken. Safolle onbenul, safolle unkunde, safolle dom gelul. Is der no net ien by it HB dy’t wol hier op ‘e tosken hat of de ballen hat om no eins ris wat te dwaan oan it misbrûk fan de mof. Yn 2022 is der al net kontrôle west op it ‘naleven’ fan de foarskriften en yn 2023 sil dat net oars wêze hoewol freon Hoekstra it folk oars dwaan wol leauwen. Yn de wike fan De Ryp binne in oantal freonen dy’t wol wat doel hawwe hoe’t je in mof by kop en kont pakke moatte by elkoar west en doe hienen de measten de gedachte dat der yn de Ryp kontrôle wêze soe. No it is by de gedachte bleaun want der is sûnt dy bewuste tiisdei neat mear fan freon Marco Hoekstra heard. Hy hat him blykber opsluten op it hûske fan it bûnsburo want Marco jout gjin lûd as kommisje leden ferhaal helje wolle. Sjoch, hiel simpel.

De bond moat minsken oanstelle dy’t dit putsje dwaan wolle want as it op berôpsaken oankomt moat de mannen wol fiat hawwe fan de bond mar dat bard no krekt net. Ik tink dat freon Marco mei Durk Kuperus dea benaud is om ea in mof yn te nimmen. Sjoch, as jo net ballen haw dan moatte je it mar gau ferjitte. Lit it dan sa’t it no is. De epoksy spat je om’e earen. Ballen komme net mear del en it geknal docht je sear oan de earen en mar roppe dat der kontrôle komme moat. KNKB, of Durk-en-dy hâldt op mei dat geklooi en doch wat en doch dat fluch oars is gjin keatsen mear mar ‘keatshonkbal’. Ik seach Durk yn Sint Jabik op in bankje sitten en doe fleach de epoksy al oer it fjild. Durk is te jong om dit net mear te hearren….mar ik tink dat Durk tinkt…ik baarn my hjir net oan. Bin wol goed mar net gek! Honkbal keatsen dat liket my wol wat. Wy dogge krekt oft wy der mei dwaande binne…mar dat hat it kloatjes folk doch net yn ‘e gaten. Keatsen hat lang genoch bestien no mar wat oars.

It minsdom sil wol wer sizze….net sa negatyf mar je moatte wol realist bliuwe fansels. Wedstriden mei 10 partoeren op de list en dy bliuwe der mar stean mar it is hâlde en keare om der acht eltse sneon keatse te litten. Ja, it moat wol sa omdat der foar de earste klas oars neat oerbliuwt snapst. Ja, dat snap ik wol mar ik sis dan dat it trochinoar lotsjen net mear fan dizze tiid is en dat je dan as bond wat oars moatte en net fêst hâlde oan ynstituten dy’t net mear wurkje. Jimme binne der foar de keatser en jimme sitte der net foar jimme sels omdat jimme tinke dat jimme it keatsen útfûn hawwe. Ik kom faak mear fan sok folk tsjin en dan gean je hast oer de nekke.

Giet it by de manlju al ferkeard by de froulju raast it hielendal oan de protters. Sint Jabik wie der wer in moai foarbyld fan. Ea froulju en manlju haadklasse en no moasten sa nedich de froulju earste klasse ek noch oan de bak. Bond hie betocht dat der by de froulju earste klasse ek noch in ferliezersronde keatst  wurde moast. No sei kv Het Noorden dat dogge wy net….no dan komme de froulju net…no dan mar net. Foar de ferliezers moat der dan ek noch in priis komme. Wa’t dat betocht hat moatte se daliks opslute…it is gjin jierdei feestje fan lytse bern dat eltsenien mei in kadootsje nei hûs moat. Boppedat fjouwer partoer op de haadklasse yn Ytens. Ik krij der spontaan braak neigingen fan. 

Oant in oare kear!    

 

  

     

              

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 18, 2023 22:26
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel