Cor Hoekstra: 1934-2023

Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 19, 2023 12:33

Cor Hoekstra: 1934-2023

Op 15 maart 2023 kaam der dochs noch hommels in ein oan it libben fan Cornelis Anne Hoekstra. Cor wie jierren lang myn buorman en ik koe him net oars as Corrie. Mear as tweintich jier wie Corrie myn buorman en yn dy tweintich jier is der nea in mâl wurd fallen. Corrie wie in blier man en wie mei in bal yn de han berne. Want sawol op it fuotbalfjild as op it keatsfjild koe hy goed út de fuotten. Mar ek stie hy by tennis en biljetten syn man. Corrie wie in all-round sportman om samar te sizzen. Yn maart 2012 hie ik in petear mei Corrie en as eare salút oan myn buorman hjirby noch ien kear it ferhaal wat ik doe optekene haw.

“Nei de PC fan 1949 begûn it keatsen foar my pas echt”

Yn Frjentsjer bin ik op besite by Cor Hoekstra, de âld-earsteklasser, dy’t pas twa jier lyn de mof foargoed oan de wylgen hongen hat. Corrie, foar syn freonen, is dan 75 jier âld. ‘Ik tocht it is moai west. Je moatte der dochs in kear mei ophâlde.’

Cor Hoekstra waard 77 jier lyn berne en is hikke en tein yn Frjentsjer. Keatsen en fuotbal wienen doe de sporten. Fuotbal stie foar my op it earste plak. Keatse die ik ek wol mar dan foaral mei de ‘zachte’ bal. As jonges keatsten wy in soad op it keatsplein. It plein fan Kleijenburg hie dêrby syn foarkar. Dat duorre mar efkes want doe moasten de jonges om in oar plein sykje. It wie nammentlik oarloch en de Dútsers hienen de skoalle ynnommen. Foar ús wie der doe gjin romte mear om te keatsen. Sjoch, je keatsten wol mar dat barde fansels net mei in gewoane keatsbal. Dy wienen der gewoan net. Fan in âlde krante en in stik binnenbân makken wy dan sa goed en sa kwea in keatsbal. Ach ju, dat makke ús neat út. As wy mar keatse koenen.”

It is ek de tiid dat Cor foar de earste kear mei in hurde bal keatsen giet. Cor wit it noch as wie it juster bard.

“Ik die mei oan in wedstriid foar aspiranten. Ik tink dat it 1944 wie. Ik bin dan tsien jier âld. Ik pakte de preemje, mar ik hie it wol besjoen. De hiele hân die my sear. Ik tocht dit is ien kear mar noait wer.”

Mar goed, tiden hawwe tiden en in minske feroaret wol ris yn syn tinken. Sa ek Cor Hoekstra.

“It wie nei de PC fan 1949. Ik seach myn fuotbalmaat Wijtse Vlietstra dy PC winnen en ik wie doe feitlik ferkocht. Ja, dat hie wol wat. Mei Hotze Schuil en Lammert Heeringa wûn Wijtse dêr as njoggentjinjierrige sportman de priis. Feitlik wie dat foar my de ommekear.”

It keatsen krijt Cor no echt te pakken. It docht bliken dat hy goed meikomme kin. Op de Freule fan 1951 keatst hy himsels yn de prizen.

“Ik keatste mei Piet Sijtsma en Doeke van Wier. Sa soenen wy nei de Freule ta. It wie de tiid dat der mear jonges wienen dy’t foar in plakje yn Wommels yn oanmerking kamen. Wy moasten der altyd earst om keatse. Us partoer moast tsjin it partoer weryn Gerrit Herrema keatste. Gerrit wie de man. Hy koe geweldich opslaan en ek yn it achterperk wie hy fan grutte wearde. Op’e Bleek hienen wy de foarwedstriid. No, ús partoer wûn dat fan it partoer fan Gerrit Herrema. Dat wie net ferwachte en foel ek net sa goed by it betsjoer fan kv Jan Bogtstra. Foarsitter Douwe Tamminga seach as in ûle. Dit smakke min. De bêste man mocht net mei nei Wommels. Uteinliks is Gerrit wol meigongen nei Wommels ynsté fan Piet Sijtsma. It tink dat der doe wol wat ritsele is tusken bestjoer, Piet Sijtsma en Gerrit Herrema. Sa sjochts mar Jan, dat is fan alle tiden.”

Yn 1952 stiet Cor yn de finale fan de Jong-Nederlân. Hy keatst dan mei Klaas Hazelhoff en Sikke Bouwma. Mei de lêste sil hy noch faak foar de tinte stean.

“Wy moasten yn’e finale tsjin Berltsum. No, dat koe neat wurde. Berltsum wie fiersten te sterk foar ús. Andries de Haan, Koos Hoitsma en Sake Faber hiene de gek mei ús en wy krigen mar ien buordsje. Mannen wûnen dat jier alles wat der mar te winnen wie. Mar goed ik siet der dochs wer by.”

De jieren dêrnei docht de jonge Cor Hoekstra goed mei. Mei Sikke Bouwma en Wijtse Vlietstra is hy jierrenlang it úthangboard fan keatsferiening Jan Bogtstra. Foaral op de bondswedstriden kin Corrie goed út’e fuotten. Sa wint hy yn 1956 de partij en is twadde yn 1957. Yn 1958 is der noch in lytse preemje en dat is ek sa yn 1960.
“Yn 1956 wûnen wy fan Harns. Dat wienen altyd aparte partijen. In soad folk om’e touwen en ek mei it nedige praat. Yn 1956 die Hotze Schuil by Harns net mei. Der wie wer ris wat maleur tusken Hotze en it bestjoer fan kv Eendracht. Jan Galema die no foar de Lange mei. No, dat wie foar ús net ûngeunstich fansels. Jan Galema wie wis mar hie fierder in moaie bal. Wy wûnen pas op 5-5 en 6-4. It jier dêrop ferlearen wy yn de finale fan Ljouwert. Dat wie spitich mar de heale finale tsjin Harns wie moaier. Hotze die no wol mei en de mannen woenen wat rjocht settte fansels. No, it waard 5-5 en 6-6. Sikke (Olivier red.) hie de bal oernommen fan Hotze. Hy joech in smoarge bal, mar dy foel in tomme foar de krite del. Ja, dat bliuwt je by.”

Yn 1956 makkest dyn debút op de PC. Do keatst dy dei mei Meindert van der Weerd en Wijtse Vlietstra. In baas fan in partoer. Hoe gong dat?

“No Jan, om earlik te wêzen, it rûn foar gjin meter en ik ha ek net bêst keatst. Dat koe feitlik ek net oars. Sjoch, ik wie nij. It wie myn earste PC en ik keatste mei de mannen dy’t yn 1955 de PC wûn hienen. Ik wie as earste by it Sjûkelân. Myn maten wienen noch by de resepsje yn de Koornbeurs. Ik gong nei de Bogt en dêr kaam ik kroechbaas Tjalling Alkema tsjin. ‘Hast der wat sin oan sei Tjalling of sjochst der wat tsjin op? Om earlik te wêzen ja. Ik keatste foar de earste kear mei dy mannen en dan ek noch op de PC. Koe feitlik net broerder. Moast mar in slokje ha, sei Tjalling. Dat is goed foar de senuwen. No, dat koe wol mar dan wol yn in teekopke. In oar hie der neat mei nedich no! Nim noch mar ien sei Tjalling, it keatsen hat der neat ûnder te lijen. No, noch mar ien. Hast toarst, sei kunde fan my? Ik sei ja! Ik hie ferrekte lêst fan de senuwen. No, doe’t de mannen einlings op it fjild kamen kaam Meindert van der Weerd by my del. ‘Moatte wy ek noch efkes prate sei hy? No, dat wie wol koart dei fansels. Mar goed, it koe neat wurde en it waard ek neat. Myn earste PC wie in flop. Ik seach te folle by de mannen op.”

Nee, dan de PC fan 1958. Dan stiet der al in hiele oare Corrie yn it fjild. Der binne sels kânsen om dy PC te winnen. Do leist der noch wol ris wekker fan is’t net?

“Jan, jonge. Dat ferjitte je noait mar dan ek noait wer. Ik sjoch alle slagen fan dy partij noch foar my. Sa ticht by en ek wer sa fier fuort. It byld fan sa’n partij bliuwt dy ivich by.”

Wy skriuwe 30 july 1958. It is de dei fan de PC. Corrie keatst mei Jehannes Stavinga fan Poppenwier en Arp Hiemstra fan Ljouwert. Jehannes wie kening yn 1954 en Arp die dat yn 1956. Mannen witte hoe’t de hazzen rinne om sa mar te sizzen. Mei nûmer fjouwer wurdt der yn de earste omloop rom wûn fan it partoer fan Jolt Oostra, Sjoerd Tjeerdema en Piet de Groot. In omloop fierder is it der op of der ûnder. De winners fan 1955, Meindert van der Weerd, Jehannes Zijlstra en Wijtse Vlietstra is net samar in partoer. It is dreech, hiel dreech mar de winst is foar Cor syn partoer op 5-5 en 6-0.

“Ja, dat wie moai fansels. Winne fan sa’n partoer is altyd moai. Mar dan moatte wy yn de heale finale tsjin Roel Hoekstra, Johan Jansen en Appie Veldkamp. Yn in poep en skeet binne wy twa spul foar. Dan heakket it wat en de mannen komme werom nei twa spul gelyk. It wurdt 5 om 4 foar harren mar wy komme ek op de fiif earsten. Dan begjint it pas. Ik ha ien slach wiksele mei Arp. Achterút wei slaan ik de earste de bêste bal boppe. Sa, dus se hoege net by my te wêzen. By 5-5 ruilje wy wer. Ik foaryn en Arp achteryn. Ik wol graach dat Arp wat nei foaren komt. Hy stiet te ticht by de kwea. Dêrtroch ûnstiet der in grutte romte tusken ús yn. Mar Arp die net wat hy net yn’e kop hie. Dus gean ik hieltyd mear nei achteren ta. By 5-5 seit Arp: ‘Efkes wachtsje Cor. Hy docht de sokken út. Hy keart se fan binne nei bûten ta. Ik sei: ‘Hast in splinter yn’e poat?’

Arp sei neat mar giet gewoan troch mei syn sokken. Dit wie taktyk fan Arp. De tsjinstanner fan’e wiis bringe. Dêr wie hy in baas yn. Ik luts myn mof ek mar efkes út. Ja, je dogge wat. No, it die fertuten. De earste bal fan Roel wie foar. Skjinne twa foar ús. Roel moat wer en ik slaan him boppe. Skjinne fjouwer. Roel rint wer oan en ik kin der feitlik net by mar besykje wol te slaan. Hy fljocht my oer de hân. Fjouwer twa. Roel bliuwt oan de stuit en ik krij him wer en al klimmend slaan ik dy bal ek boppe. Seis twa. It kin net mear mis soenen je sizze. By seis twa slaan ik in keatst tusken de stuiten. Mei Jehannes oan de opslach kin it net mear mis gean. Op’e boppe hat Arp syn plak ek wer ynnommen. Troch de sinne hie ik der al efkes stien mar Arp sei dat hy it wol wer seach. Dus ik op it middenfjild en Arp op ‘e boppe. De Staaf slacht op sa’t hy altyd die. Brûze, brûze en nochris brûze. Koest de Staaf wol om in boadskip stjoere. Yn gedachten wie ik al by de finale. De Staaf slaat op. De bal giet oer Johan Jansen hinne mar Appie kin der sa ûnder stappe en slacht de bal rjocht nei de boppe ta. Ik seach de bal kommen en raasde nei Arp. Hjir is ie, hjir is ie. Siest him! Arp ropt wat en sil slaan mar slacht der by troch. As hy him rekke hie dan hie de bal yn Hjerbeam lein. Sa woest gong it. Ynsté fan út is it no 5-5 en 6-4. Der komt wer in keats en dy slaan ik net foarby. Op 5-5 en 6-6 krij ik de bal skean foar de bealch. Ik slaan wol út mar Appie slacht de bal werom yn de krite. Ik koe it net leauwe mar wy wienen der wol ôf. Arp hat it nea tajaan wollen mar hy woe de partij mei in geweldiche klap útmeitsje. Hy woe gewoan kening wurde. Letter hat hy noch wol sein dat hy de bal noait sjoen hie. Dat wie frjemd want Roel, Johan en Appie seachen him wol en ik raasde ek noch wêr’t de bal wie. Sjoch, as wy it fan harren wûn hienen dan hiene wy de PC ek wûn. By it partoer fan Jan Sijtsma, Albert Rinia en Elias Zijlstra moast it te folle fan Jan Sijtsma komme. Elias hie doe al in soad lêst fan it skouder. Jan stie faak foar him achteryn. Hjoeddedei belje ik noch geregeld mei ‘neef’ Roel Hoekstra dy’t yn augustus njoggentich wurdt. ‘Ik fyn it sneu foar dy dat jimme it doe net wûn ha sei hy de lêste kear.’ No, sei ik, do kinst moai lulle mar dan hiest dy lêste bal bûten goaie moaten.”

Dy PC fan 1958 is ien fan de hichtepunten út de keatskarrière fan Cor Hoekstra dy’t feilik mar krapoan fiif jier duorre hat. Werom bist der sa gau mei ophalden?

“Ik ha in lytse fiif jier yn de earsteklasse oan it keatsen west. Mar it wie net allinne it keatsen fansels. Sjoch, ik hold wol fan it libben. It wienen djoere en ‘fermoeiende’ tiden. Jan jonge, ik kaam noait wer thús. Nei ôfrin fan de keatserij wie der stéfêst matinee. No, dêr wie ik op myn plak. Sjoch, je wûnen wol ris in pryske, mar it jild gong op oan de matinees. Nei it wykein koenen se my wol op’e kop hâlde mar der foel noait mear in dûbeltsje út de bûse. Yn Kimswert keatste ik in kear mei Jan Galema en Sjoerd Tjeerdema. De deis dêrfoar wie ik mei Piet Sijtsma en Sjoerd yn Kimswert belâne. Je binne jong en je wolle wat soenen se no sizze. Mar hawar ik op’e brommer mei Piet nei Kimswert. Sjoerd wie der ek. De oare deis moasten wy dêr keatse. No, de tinte stie der al en der wie ek dûnsjen. Dat mocht ik ek graach dwaan. It wie al aardich let en Sjoerd hie ek al in kear sein dat wy it ‘dûkerspak’ mar oan dwaan moasten. Wy moatte moarn wol in bytsje fris wêze sei hy noch. Ik kom der oan rôp ik noch, mar doe kaam de skrikkelfoxtrot. Komt der sa’n moaie bliere jong faam op my ôf. Jan jonge, ik wie daliks fereale. It nei hûs ta wie daliks fan’e baan. Piet rôp ek noch wat fan ‘ik doar net mear nei hûs, se litte my der net mear yn’. Ik fûn alles bêst. No ja, nei ferrin fan tiid ha Piet en ik ek noch earne ûnder seil west. De oare moarns wie ik wer by sûp en stút. Mar ik hie wol in probleem, want myn keatsklean leinen noch by moeke yn Frjentsjer. Ik ha dêrom Sikke Bouwma belle en dy hat myn klofje meinommen. By tsienen siet ik al yn it kafee yn Kimswert. Jûns de lêste en moarns de earste sei de foarsitter fan Kimswert. Dit wurdt hjoed neat mei dy. Yn de kast fan it kafee leinen de prizen foar dy dei. Moaie klokken sei ik noch. Dy moaie brúne wol ik wol winne. Ja, dy binne der wol mear sei in wat brimstige foarsitter. Mar lang om let, jûns stie ik dochs yn ‘e finale mei Jan Galema en Sjoerd Tjeerdema. Nei de priisútrikking sei de foarsitter: ‘No mar op nei hûs ta! It is wol wat letter wurden want by de priisútrikking seach ik myn ‘leafde’ wer. It is al moandei as ik wer yn Frjenstjer kom. Moai laat niet jong, sei moeke doe’t ik thús kaam. Wy dochten al dast doad waarst! It wie myn langste keatsdei ea. Sneontemiddeis om fjouwer oere fan hûs en moandeis om in oere as twa nachts wer thús.

Yn Holwert keats ik in kear mei Cees Wiersma fan Ikkerwâld en Arp Hiemstra. Douwe ‘Beer’ Tichelaar, in grutte fan fan Wijtse Vlietstra, wie der ek. Douwe koe prachtich foardrage en it sjongen gong him ek goed ôf. Sa ek yn Holwert. Wy winne de priis, neidat Arp ek noch in oanfaring hân hat mei Nanning Koek. As Arp ien fanút it achterperk boppe slacht ropt Nanning: ’Su’n bal sloegen wy froeger op ‘e duim boven’. Arp, dy’t ik koart lontsje hie, woe him gripe. Wa is dy fynt. Ik sei dat is Nanning Koekje. Man hat syn ferstân net ju. No, doe koe ik Arp wer yn de krite krije. Mar hawar, by de priisútrikking jou ik de krânse oan Douwe Tichelaar. Hy gong al foarút nei it kafee. Doe’t ik letter ek yn it kafee kaam stie Douwe op de tafel al út folle boarst te sjongen. Foar him stienen in moai oantal glêzen bier dy’t hy fan de leafhawwers oanbean krigen hie. Doe’t hy my seach hâlde hy efkes op mei sjongen en sei: “Der binne foar jou oek in paar by hoor! en gong dêrnei wer fierder mei syn ferske.”

Yn dy tiid learde ik ek myn frou kinnen. Dy hie neat mei keatsen. Ik ha har ien kear meinommen nei Dronryp. Nei ôfrin frege ik har wat se der fan fûn hie. No, dat wie dúdlik: ‘Ik ha gjin bal sjoen.” Dat wie ien kear mar net wer. Ik sei: ‘No, dan hâld ik der ek mar mei op.”

Mar it wie net allinne it keatsen wer’t Cor Hoekstra aardich mei út’e fuotten koe. Cor wie in all-round sportman. Hy wie spits by sawol de pleatslike feriening Freno as vv Harns, wie Noardlik kampioen biljerten haadklasse libre en koe ek op de tennisbaan goed meidwaan.

“Ik ha fan 1947 oant en mei 1958 en fan 1960 oant en mei 1964 by Freno fuotballe. Wy hienen in moaie ploech en waarden yn it seizoen 1955-1956 ek kampioen. Yn dy tiid wie Minne Gemser de trainer. Man wist genôch fan it kondysjewurk mar fierders net. Dêr waard ek faak mei de pet nei goaid. Ik hie op it lêst skjin myn nocht en woe der feitlik mei ophâlde. Sa kom ik op in kear Appie Lolkama tsjin dat wie ús rjochtsback fan it alvetal. Ik sei, do kinst myn skuon wol keapje want ik hâld der mei op. No dat wie it dan. Op myn wurk by de Meubelfabryk yn Frjentsjer kaam ik yn kontakt mei in man dy ‘t wol wat foar de sport fielde. Sa kaam ik ek wer yn kontakt mei Jacob Boersma dy’t jierren foar Freno fuotballe hie. Hy frege oft ik miskien wol foar Harns útkomme woe. No, sa is it wer begûn. Ik waard spits fan Harns en tsjin de semi-profs fan it Hearrenfean makke ik it iennige doelpunt. Ik koe wol bliuwe waard der doe sein. Jelle Wassenaar wie de trainer fan Harns. Dat wie in hiele bêsten. Hy wie syn tiid foarút. Sjoch, mei Peaske liet hy ús ek opdrave om Peaskeaaien te sykjen. Co Adriaanse hat it dus fan Jelle ôfsjoen. Mar dat wie wol gesellich. Johny Ligthart, Johan Jansen, Pollie Kwast sr. en Wally Steinvoorte om mar in pear te neamen sochten hinneaaien ûnder lieding fan Jelle Wassenaar. Der is doe hiel wat ôflake.”

Doe koest ek foar Ljouwert spylje is ‘t net. Jan Rodenhuis dy’t doe foarsitter wie is noch by dy lâns west.

“Ja wis, Jan frege oft ik foar Ljouwert fuotbalje woe. No, dat koe wol mar wat stie der tsjin oer? Sjoch, by Harns hie ik it goed. Ik krige reiskosten, de trainingen waarden betelle en dêrnjonken hie ik ek ‘frij ferteren’. Al myn ‘fersnaperingen’ waarden troch Harns betelle. Wat ik opdronk mocht der net opstean. Allinne mar ‘consumpties’. No, dat die ik dan. By Ljouwert waard mar in bytsje betelle. Dat wist ik fan Arp Hiemstra. Ik ha de boat doe ôf hâlden. Mar der wie mear. By ien fan ús wedstriden wie ek in scout fan Ljouwert. Hy hat doe net in goed berjocht fan my oerbrocht. It wie net de spits dy’t se sochten. Allinne hie de man net sjoen dat net Cor Hoekstra mar Hannie Hoekstra yn’e spits stie.
Ik stie dy kear op it middenfjild. Ik ha twa seizoenen by Harns spile. Prachtiche tiid. Ik wie dêr wol op myn plak.”

As it útkommen op de grutte partijen dien is bliuwt Cor wol leafhawwer fan it spultsje. Fiifentweintich jier is hy dielnimmer oan it Lanenkaatsen. Fan 1984 oant en mei 2008. Yn Harns wurdt der dan sprutsen fan 50 jier mar Cor hâldt it mar op 25. Trije kear wint hy de priis, trije kear stiet hy op it ‘bordes’ op ‘e Lanen. In tiid om noait te ferjitten.

“Harnzers binne aparte lju. Te pas en te ûnpas wurde de regels feroare. It is mar hoe’t it harren útkomt. Mar dêrom o sa moai. Ik hie de skiedsrjochters faak mei. As Walle de Jager wer ris ûnder fjoer lei dan naam ik it foar him op.”Jonges, jonges de goeie man docht syn bêst. As Walle seit, dêr is de bal, dan hat Walle gelyk no Walle. Corrie do bist myn man. Dêr is de bal en ik koe gjin kwea mear dwaan. It wie faak net allinne it keatsen mar alles der omhinne. Ik kom no altyd noch as taskôger by it Lanenkaatsen. Sa lang ik kin sil ik dêr wêze.”

Jan Braaksma
By Jan Braaksma maart 19, 2023 12:33
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel