Catharinus van Seijst 1954-2022

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 11, 2022 06:32

Catharinus van Seijst 1954-2022

Freed 8 july 2022 kaam der dochs noch hommels in ein oan it libben fan âld-keatser Catharinus van Seijst fan eartiids Baard mar no te wenjen set yn Menaam. Ik kaam Catharinus foar it earst tsjin op de skoaljonges bond 1966 wêr’t hy de priis wûn foar Frjentsjer mei Anske de Boer en Henk Procee. It soe de oanset wêze foar in moaie keatskarrière. Op de Freule lei der gjin priis foar de jongste Van Seijst mar op de Jong Nederlân partij yn 1973 wie de heechste eare foar him mei Anske de Boer en André Roosenburg. Yn 1973 kom ik Van Seijst ek foar de earste kear tsjin op wedstriden yn de hjoeddeiske haadklasse doe earste klasse. Dy karrière sil oan 1983 duorje. Catharinus pakte út mei 129 punten ferdielt oer 18 earste prizen, 20 preemjes en 35 lytse preemjes. Boppedat waard hy kening yn Penjum en Holwerd. Mar Van Seijst koe ek hiel goed út de fuotten by it Jeu de Pelote. Tsien jier lang wie in betûfte kreft fan de Fryske Jeu de pelote ploech. Yn 1976, 1979, 1982 en 1983  wûn hy mei de Fryske ploech in ynternasjonaal toernooi. Miskien paste it Jeu de Pelote spul him noch beter as it Fryske spul. Catharinus, jongere broer fan Johan van Seijst, wie al lang slim siik en mocht mar 68 jier wurde.

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juli 11, 2022 06:32
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel