Kweapraat 2022 (11)
Related Articles
Wat in drokte dizze wike yn it hinnehok. Gean mar nei: tiisdei rekke Lammert Leeuwen fan Boalsert hielendal fan de mik doe’t hy der efter kaam dat syn partij fan freed net troch gean koe. De partij yn Winsum wie der troch de bûn noch efkes tusken pruts oars kin ik it net neame. Fansels sloeg de ranking hjir wer foar best op. Yn de aginda sa’t dy oan it begjin fan it seizoen bekend makke wie stie de wedstriid fan Boalsert op de freed en wie de sneon frij hâlden en snein koenen de froulju dan wer terjochte yn Kimswert. Mar der wie blykber noch in wedstriid nedich foar de froulju om op it oantal wedstriden te kommen dy’t nedich binne om harren te pleatsen foar de PC. Want der draait dit allegear om. Keatsen is hjir fierder ûnder geskikt oan makke. Je soenen sizze: dat moatte wy as bond al efkes beprate mei KV Boalsert is it net. Mar dat is blykber dom tocht want der hat ús keninklike bond blykber noch nea fan heart. Stel je foar: moatte je ek noch oerlizze mei Boalsert, mei Lammert, no leaver net. Want Lammert is in âld-bilkert en dy sitte net om wurden ferlegen en Lammert hat ek noch in eigen miening. Dan stean je by de keatsbûn al mei de fuotten yn it wetter. By de bond grize se fan minsken sa as Lammert Leeuwen. Ljocht út en doarren ticht foar Lammert fan KV Boalsert! Lammert byprate oer de wedstriid yn Boalsert moat wol leuk bliuwe fansels…! Lammert moast it nijs hearre fan Roel Venema dy’t it wer heard hie fan Jan Suierveld dy’t altyd ommers by it frouljus lotsjen is.
Sjoch, Lammert lit net mei syn kloaten boardsje dus dy kaam yn gewear tsjin dizze aksje fan de bond. Omdat Boalsert in trochinoarlotterspartij hie wie al gau dúdlik dat Boalsert oan it koartste ein lûke soe. Mar Lammert is net foar ien gat te fangen dus dy stelde foar om Boalsert dan mar in frije formaasje partij te jaan en te ruiljen mei Winsum de trochinoarlotterpartij dy’t foar Boalsert op it programma stie. Winsum wie ree om mei te wurkjen…mar hja je riede it al: dat koe fansels wer net. Sjoch dan rôpt Marco, de man dy’t sûnt in pear jier besyket foar bêst op te slaan, foar de radio dat se gewoan troch gean mei de trochinoarlotterpartijen wêr’t gjin keatser mear fan wekker leit foaral sa lang de ranking liedend bliuwt yn dizze foarm. Ik wit wol dat ferstân fan saken net it sterkste punt is fan ús bûns direkteur. Lit it dan oer oan hja dy’t wol in bytsje net te folle fansels fan de materie witte.
Mar earne ferstân fan hawwe dat is no krekt it probleem by ús KNKB. Nim no de gearkomst mei skiedsrjochters, HB en hja dy’t der tafersjoch op hâlde. It kalk spat je haast fan ‘e tosken as je hearre wat der tongersdei op it aljemint kaam…it dwaan en litten fan Fokke van der Veen op de Jong Nederlân kaam op ‘e tafel en bygelyks de wedstriid yn Eksmoarre wêr’t twa foarynsen by elkoar lotte wienen. Eksmoarre tocht dat de boarding by harren wedstriid om it fjild stean soe…mar it bleu by de gedachte want dizze gong nei de Jong Famme Partij yn Mantgum mei tsien partoer op ‘e list. Der is frege fan hoe en wat en it antwurd wie: Eksmoarre hie in fersyk dwaan moaten foar pleatsing fan de boarding. Ik haw Lammert snein efkes op ‘e lije side west en dy sei….dan moat gewoan. Niks freegje! Sjoch, se koenen alles fan Tetman sizze: mar Tetman hie wol alles goed op oarder! Wat Fokke op de Jong Nederlân die rekke kant noch wal. Fjild ynkoartsjen hoewel der noch troch trije partijen folop keatst waard. Kin fansels net mar Fokke liet witte dat de mannen fan Jan Bogtstra dat woenen. Al soe dat sa wêze dat kin fansels net. Ik neam dat gelul yn ‘e romte. Mar wat my noch mear opfoel wie it feit dat HB-lid Durk Kuperus net wist dat twa foarynsen net byelkoar lotte wurde mochten. Syn fraach: hoe it dan wol moat ferbjustere de oanwêzigen noch folle mear. Hoe fier binne wy sa njonkenlytsen fan hûs! Wat docht sa’n man yn it HB!
Mar mem sei it al! Verwonder U niet verbaas U slechts! Dat die ik seker doe’t ik freed yn it Fryske Haagje wie by de tweintigste Masters. It nivo wie net heech en fan de âlde grandeur wie net folle mear oer mar oer de finale sil noch lang sprutsen wurde. Mei skiedsrjochter Fokke van der Veen yn de haadrol. Fokke hie jierren ferlyn al ôfskie nommen fan it skiedsrjochter wêzen mar no is Fokke wer werom. De ien seit Fokke is freege troch de bond omdat der in brek is oan skiedsrjochters en de oare seit Fokke hat him sels wer beskikber steld. Makket ek net út mar ik tink net dat dit in handige set fan Fokke west hat. It spul is feroare en je moatte de kop der goed by hawwe om de hjoedeiske keatser yn ‘e stokken hâlde te kinnen. Nei it Fean is it dúdlik dat it foar Fokke fan Tsjom net ien mar in hanfol brêgen te fier is. Yn it Fean sakke Fokke fier troch de ûndergrins. Yn de rin fan de middei siet hy al twa kear goed mis mei in bal wol of net oan de hûd. Dat kin mar it gros fan it publyk seach dat wol en seker de mannen yn it fjild. Dat rûn noch mei in sisser of mar yn de finale gong it gierend mis. By 5-5 en 6-4 sloeg Dylan Drent fier út mar de bal gong seker trije meter kwea. dat seach in blyn hynder en dat seach 90% fan de leafhawwers mar Fokke net. Bal wie wol trije meter boppe sei hy tsjin my. Sûnder oerlis mei de karmaster joech Fokke in boppeslach. Dat wie net allinne in slach foar de harsens foar partoer Tjisse Steenstra mar ek foar karmaster en âld-keatser Sjoerd Boonstra. Sjoerd is net de earste de bêste en Sjoerd wie der de hiele middei goed by. Sjoch, Fokke hat net iens de muoite nommen om yn oerlis te gean mei Sjoerd. Dat is in dikke misser fan Fokke mar snein hearde ik fan de mannen dy’t yn Easterein west wienen en der wie Fokke ek dat hy noch altyd fûn dat hy gelyk hie. Dan tink ik: hy hie efkes langer op it fjild bliuwe moatten en dan wie it foar him dúdlik wurden dat sokke partijen foar him net mear geskikt binne. Ik haw noch nea sa folle lûden heard fan leafhawwers dy’t Fokke syn bloed wol drinke koenen. Dy lûden wienen nij foar mei! Sjoch, as je sa fier fan hûs binne dan wurdt it noch flugger tiid om je werom te lûken út keatsen hoe leuk je it ek noch fine. Minsken as Fokke moatte je as bond tsjin harren sels beskermje. Se meitsje mear kapot dan ús leaf is. Fûn wol moai dat Sjoerd noch efkes del west is by Fokke om him te fertellen dat hy goed mis wie. In boppeslach foar Sjoerd…!
Oan in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment