Kweapraat 2022 (9)

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 26, 2022 20:42

Kweapraat 2022 (9)

Ik waard de oare rûne dagen oansprutsen oer it feit dat de dielnamme yn Balk by it feestje fan de bond dochs hiel aardich west wie. 200 dielnimmers dat wie net neat…! Ja, it is mar hoe’t je der tsjinoan sjen wolle. Ik bin realist en dan moatte je gewoan stelle dat de dielnamme fan krapoan 200 leafhawwers it begjin fan de ein is oer dielname oan dit soart wedstriden of je moatte ito ars oanpakke. By it 95 jierig bestean stienen der noch 942 man/frou en jeugd op ‘e list. Plak fan barren wienen de sportfjilden yn Huzum mei as driuwende kreft it HB fan dy tiid. Mei in budget fan 14.000 âlde gûnen waard it jubileum goed oanpakt. 95 jier wie net neat sa sei de foarman fan doe Jehannes Westra. Sels hy moast ta jaan dat it oantal dielnimmers fan 942 it net helle by it oantal fan fiif jier tebek. (1050). Mar je koenen der dik tefreden mei wêze. Der waard doe yn tolve klassen keatst en de oantallen by sawol de skoaljonges as de jonges sprongen der út met 51 en 37 partoeren. Der moatte je no ris mei komme. Fansels tiden binne tiden mar it hie better kinnen en it hie better moatten.

Yn Winaam stienen sneon mar 7 partoerkes op ‘e list fan de trochinoarlotterspartij foar de manlju earste klasse. Mear smaken wienen der net. It hienen der ek noch wol twa partoer minder wêze kinnen as der net leentje buur spile wie mei VVV Concordia fan Holwert. Hjir hienen der tsien partoer op de list stean maotten mar omdat der dan mar fiif partoer foar Winaam oer bleu waard besletten om acht nei Holwert te stjoeren en sân nei Winaam. Wer in teken dat dizze wedstriden út de tiid binne. Durk bêste Durk doch der wat oan! Foar Winaam om te gûlen…der dogge je it as bestjoer dochs net foar! Alles yn it spier foar in lytse tweintich keatsers!  

Yn Wommels wûn Goutum foar de twadde kear de bond foar froulju. Wie dat in ferrassing nee…want twa fan de beste seis froulju sitte yn ien partoer en dat moat feitlik dan genôch wêze om de krânse nei hûs te bringen. Lûden dat de bond net mear is wat it wie komme hieltyd mear nei boppe driuwen. It unyke fan de bond wie altyd dat der ien partoer de ôfdieling meidwaan mocht. Der is de bond fan ôfstapt en no giet it om kwantiteit ynstea fan kwaliteit. Je kinne it ek listfulling neame. It bart by alle bûnswedstriden en meidwaan is it parool. Ik bin der poer op tsjin. Wat eartiids in klassieker wie is dat no net mear en dat alles ûnder it motto dielname is wichtich foar alle keatsers. Dat sil wol mar eartiids moasten de keatsers der om keatse wa wol en wa net nei de bond of Freule mocht. Frjentsjer stie op de bond foar senioaren mei fjouwer partoer op ‘e list en by oare bûnswedstriden is kv Sjirk de Wal dy’t mear as foarbêst opslaat. It skynt sa te wêzen dat Eendracht yn Hitsum en de Freule der ek oer tinke om it hjoeddeiske format fan ien partoer de ôfdieling los te litten. Persoanlik soe ik it in skende fine dat sawol Hitsum as de Freule dit dwaan sille. Jo hawwe dan gjin each foar de historie.

Gert-Anne van der Bos wie de man fan dit wiekein. Sawol yn Holwert en snein yn Berltsum wie de hage foar him. Kaam ek noch by dat hy sneon ek noch jierdei wie. Fan herte Gert-Anne mei sawol de priis as dyn jierdei. Beide kearen wie it keningskip ek noch foar him. Gert-Anne dy’t yn 2007 yn Harns syn earste krânse pakte mei Tjitte Bonnema en Chris Wassenaar is werom op it hege nivo fan in oantal jierren werom. De brek mei Tjisse Steenstra hat foar him geweldich útpakt. Yn 2021 wie al dúdlik dat hy werom wie nei it nivo foar Steenstra. Mar yn 2022 sjoch ik in Gert-Anne dy seker it nivo hat fan syn begjin jierren. It strielt! It giet sa maklik en hy is folle wisser wurden mei syn opslach. Snein yn Berltsum tolve flatters oer fjouwer partijen…dan dogge je it ferdomde goed. Boppedat rekket de Mantgumer ek net gau mear yn ‘e war. Dat jildt fansels ek foar syn maten Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. De wikseling Zijlstra foar Steenstra hat geweldich útpakt. Keatsen is net allinne in spultsje fan hurd en fier slaan. Yn’e holle moat it ek goed sitte en dat sit by alle trije mannen wol goed.

Gert-Anne pakte yn Berltsum alwer syn sânde krânse en dat út tsien finales. Boppedat waard hy foar de 5de kear kening fan de partij. Om it kompleet te meitsjen..it wie de sântigste titel foar de 33-jierige Van der Bos. Holwert giet lykop mei Gert-Anne want dat wie ek de sânde winst en it 5de keningskip.

Wie der dan neat te fieren foar Taeke Triemstra? Ja seker! Yn Holwert hie Triemstra by 5-3 en skjinne fjouwer de winst foar it grypen mar dat slagge net mar in dei letter yn Berltsum koe foar de 195ste kear in spiker yn de muorre foar alwer in krânse. Dat binne oantallen wêr’t je stil fan wurde.

Oant in oare kear!

 

 

Jan Braaksma
By Jan Braaksma juni 26, 2022 20:42
Write a comment

No Comments

No Comments Yet!

Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.

Write a comment
View comments

Write a comment

Your e-mail address will not be published.
Required fields are marked*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    View Article
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    View Article
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    View Article

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel