Keatsbûn makket him klear foar wedstriden
Related Articles
Keatsers kinne har wer klear meitsje foar it wedstriidseizoen. Mei de kommende ferrommingen fan de coronamaatregels kin it seizoen fan 30 juny ôf los. De jeugd kin noch earder nammentlik takom wike. Fan 5 juny ôf kinne sy wer stride op de fjilden en de batte.
De earste haadklasse keatspartij wurdt op 2 july hâlden op It Hearrenfean. As alle ferrommingen trochgean sa’t se no oankondige binne is de ‘masters’ dêr de earste partij dêr’t de keatsers de striid wer oangean kinne. Oft it in folslein wedstriidseizoen wurde sil, dat betwivelet direkteur Marco Hoekstra fan it keatsbûn KNKB. “Dat helje we net hielendal yn. Dêrfoar misse we al te folle wedstriden. Mar we besykje wol safolle mooglik te keatsen.”
De PC, de wichtigste keatswedstriid fan it seizoen, kin sa’t it no liket gewoan trochgean op 4 augustus. Foarsitter Ids Hellinga is posityf oer de mooglikheden. Ynkoarten hat hy noch oerlis mei de gemeente Waadhoeke oer it evenemint. “De fraach wie allinnich mei hoefolle publyk kin it plakfine. Dêr wie wol it nedige optimisme oer, mar dat is sûnt juster mei de fersoepelingen noch wer mear fersterke.” (Bron: Omrop Fryslân).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment