Kweapraat 2025 (1)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 4, 2025 19:22

Kweapraat 2025 (1)

By de lêste Kweapraat fan 2024 haw ik it noch efkes han oer de jierlike punteklasseminten fan ús Keninklike bond. Ik hie it oer it feit dat yn 1996 krekt foar  it 100-jierig bestean fan de bond alle wedstriden fan sawol de manlju as froulju haadklasse tsjin it ljocht holden wienen om nei te gean hokker wedstriden wol en hokker wedstriden net foar de klasseminten yn oanmerking kamen om mei te tellen yn it keatsklassemint all tiden. Dat wie doe wat. Nim dat mar fan my oan. Mar goed doe is ek de beslissing nommen dat in partij past meitelt foar de jierlikse en klassementen dat de list dan minimaal seis partoeren telle moat. Dat jildt dus ek foar de froulju…! No net sizze, dat is nij foar ús. As je as bestjoerder ek mar in bytsje histoarysk besef hawwe dan sille dit ûnderskriuwe moatte as je no wol of net wolle. Praat fan: dit is nij en wy wisten it net. Of it wie foar ús tiid…dan fal ik stil. Soks hearre je as foarman of as direkteur fan in Keninklike Bond te witten. As je it net witte dat moatte je efkes del by harren dy’t der mear as in pypfol fan witte. Koart sein: Gerde hie yn 2024 gjin 52 punten mar 40 punten. Gelokkich bliuwt se wol earste mar de partijen mei mar fjouwer partoeren binne partijen om niet om samar te sizzen. Foar Gerde sil it neat útmeitsje want op dy partij wie se ek de bêste mei of sûnder klassemintspunten. Louise Krol moast ek stapke werom dwaan en gong fan 37 nei 29 punten dy’t meinommen wurde moasten foar it jierlikse keatsklassemint. Jeska fan Easterein klom in plakje en waard yn myn telling twadde mei 32 punten. Yn ien fan myn lêste sinnen liet ik witte dat it moai wêze soe as hja der yn it winterskoft noch efkes goed nei sjen soenen. Want eltse punt telt is it net. De keatsklasseminten binne in wichtich ûnderdiel fan de keatssport en der moatte je as bestjoerder serieus mei omgean. Mar doe’t ik yn april nei de stikken seach fan de Algemiene Gearkomst wist ik genoch. Dat wie fansels in brêge te fier. Koartsein de minsken fan de bond ferdomme it dus omdat te dwaan wat se mei harren folle ferstan ofsprutsen hawwe en ek noch wiedweidich op papier setten hawwe. Dat mei fansels mar dan soe ik sizze dan telle dus alle partijen mei wêr’t fjouwer as maer partoeren op’e list stienen. Dan krijt Taeke Triemstra der sa oan it begjin fan 2025 ek samar wer trije punten by troch de winst op de jubileum partij ea yn Sweins. Hy wûn disse partij doe mei Johan Okkinga en Sake Porte. No net sizze dat kin net…werom net…yn 2024 bart it selfde by de froulju haadklasse. Ik soe sizze oan de slach…better let as net!

It keatsen is no in wike ûnderweis en de oantallen op de listen halde net oer. Ik bin skrokken fan it nusje ôfdielingen dy’t harren foar Weidum opjûn hienen. 22 mei ek noch trije dûbbele ôfdielingen. Dan giet de grize dochs oer de grauwe. It kalk fljocht dochs fan de tosken. De oantallen fan eartiids komme noait wer mar dit giet wol de ferkearde kant út. Je soenen je ek ôfreegje kinne oft sokke wedstriden noch wol spile wurde moatte. As de sporter der gjin ljocht mear yn sjocht dan moat it foar de bestjoerder en bond doch dúdlik wêze. Kappe mei dy hap. It selfde is fan tapassing op de ôfdielingswedstriid fan Jan Bogtstra foar de froulju. It die sear oan de eagen: 14 partoerkes. Dit is dus ek lûken oan in dea hynder.

Snein wie ik nijsgierich hoe’t de ferhâldingen yn de frije formaasje binne by it begjin fan 2025. Stekt it partoer faqn Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra der fier boppe út of lizze de konkurrinten sa as Steven Koster en-dy, Johan Sipma en-dy en Marten Bergsma-en-dy op ‘e loer. Dan praat ik noch mar net oer de formaasje fan Gert-Anne van der Bos. No nei snein bin ik der net sa wis fan as de formaasje fan Menno van Zwieten–en-dy dit jier alles nei harren han sette sille. Ik haw myn grutte twifels. Past it wol sa’t hja it yn it foar betocht hawwe. Want gean der mar fan út…hjir is goed oer neitocht. Want as je sa’n kanjer fan in foarynse as Gabe jan van Popta nei 14 winstpartijen samar oan de dyk sette dan moatte dochs der bot fan oertsjuge wêze dat de kar foar efterynse Rick Minnesma de gouden set is. Ik moat dat noch sjen. Minnesma is in geweldige keatser mar hat de slach fan in efterynse. No hear ik de leafhawwers al sizzen: in goeie keatser kin oeral stean. Ja, dat soenen se wol wolle. Op it Sjûkelân kriege ik myn gelyk. Minnesma hie gjin antwurd op de snelle ballen en moast geandewei de aprtij al wikselje mei Steenstra. Steenstra is ek in kanjer mar gjin foarynse! Dan moat der in oare reden west hawwe om Van Popta yn te ruiljen foar Rick Minnesma. Wienen de minsken om Steenstra hinne miskien bang dat Minnesma kieze soe foar Gert-Anne enTaeke omdat doe noch lang net seker wie of Zijlstra wol by dizze mannen bliuwe soe. Hjir is tink ik in tinkflatter makke. Reagere is foarút sjen mar bytiden kin dat ek wolris ferkeard útpakke. Dûdlik is nei snein wol dat der mear partoeren binne om de hâge op te heljen. De partoeren fan Johan Sipma-en-dy, Marten Bergsma-en-dy en Steven Koster-en-dy lizze op ‘e om der foar te gean. Ik self tink ek dat de formaasje fan Gert-Anne van der Bos ek dit jier noch goed mei dwaan sil. Al dizze partoeren stekke goed yn elkoar en kinne it ek samar winne. Ien wedstriid makket noch gjin simmer mar dochs…it earste tikje is útdield. No mar wachtsje op de reaksje.    

Oant in oare kear!  

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma mei 4, 2025 19:22
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Recente reacties

  • Visser

    Visser

    Eens Jan, de muziek in de finale had niks met sfeer verhoging te maken en zorgde alleen maar voor afleiding!…

    Bekijk Artikel
  • Durk Bonnema

    Durk Bonnema

    As ik skriuwer wêze soe fan "Kweapraat", dan soe ik oare wurden brûke, want wurden dogge derta. Dat nimt net…

    Bekijk Artikel
  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel