Kweapraat 2024 (11)

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 1, 2024 20:30

Kweapraat 2024 (11)

Noch twa kear de tas ynpakke en dan kin der ek wer in streek oer it seizoen 2024. As in no wol in goed of net in goed seizoen wie der haw ik it letter wol oer as de lêste slach op de Aldehou partij fallen is. Want litte wy earlik wêze der falt noch wol wat oer te sizzen. Yn Penjum wie de ien nei lêste frije formaasjepartij fan dit seizoen en ek dizze partij waard wûn troch de formaasje fan Menno van Zwieten-en-dy. It partoer dat wint hat altyd gelyk sa is dat no ien kear mar it hie yn Penjum samar oars wêze kinnen as opslager Gert-Anne van der Bos by 3-0 en 6-2 it paad net bjuster wurden wie. Oer it hoe en it wat…dat bliuwt in apart ferhaal. Oant de stân fan 3-0 en 6-2 wie der net safolle mis mei de opslager út Mantgum. Trije bûten en ien sitbal. De wei nei de twa spul lei gewoan iepen. Tjisse Steenstra hie alle rille gau de foarbêst opslach fan Menno van Zwieten oernommen. Dat wie fansels net út weelde. Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra hienen der doe al seis ballen oer hinne tilt. Taeke fjouwer en Erwin twa. De earste winst op in frijeformaasje partij siet der oan te kommen. Mar it bliuwt keatsen en dat wie no ek wer sa. Gert-Anne wie yn de trije partijen gewoan goed oan it opslaan. 14 sitballen en 15 bûtenslagen…der wie dus neat mis mei. Boppedat pakte hy seis kear de beslissende punten op in earst. Mar dan giet it mis…net gewoan mis. Gert-Anne sil dernei noch njoggen kear opslaan en de ballen fleane alle kanten útsein wêr’t se del komme moatte yn de krite. As folger witte jo dan dat it oarloch is yn ‘e holle fan Gert-Anne. De poerbêste keatsende Erwin Zijlstra nimt oer en pakt de punten mar dat is net genôch. Ik tink dan: werom nimt Taeke de twadde opslach foar in pear slagen net mear oer…mar dat bliuwt by tinken. Foar de formaasje van der Bos is it dweieln mei de kraan iepen en Van Zwieten-en-dy pakke mei graachte de presentsjes út. Dat is ek keatsen…alles kodo krije…hat neat mei kinnen te meitsjes mar past wol yn it jier fan de formaasje fan Gert-Anne van der Bos. Yn Marsum krije de mannen noch ien kear de kâns foar de hage en oars takom jier mar. It wie trouwens in frjemde partij weryn mar twa kear om in keats keatst waard. Fan de 112 behelle punten waarden der 108 by ien slein troch direkte winst. It wie foar my dan ek in draak fan in partij mar it gros fan de leafhawwers sil it wol in spannende partij fûn hawwe. It wie trouwens yn Penjum in partij mei in ferrekt bytsje spanning.Twa parijen mei skjinne fiif earsten, twa mei 5 om 1, twa mei 5 om 2, ien mei 5 om 3, ien mei 5 om 4 en de lêste partij út de earste omloop eindige yn fiif earsten gelyk. Troch dizze útslagen wie it ek al om goed fiif oere dien en sa heart it ek. Boppedat wie in ek noch in tolve oere partij. It kin dus wol op ‘e tiid út wêze.

Ik mis de klok hearde ik ien fan de leafhawwers sizzen…wer is de klok. No, dat is ek wer in ferhaal apart dat wol past yn dizze  tiid. It kostte in pear sinten mar dan hienen je ek wat…en Jaap Adema hie it der mar drok mei…mar ynienen is soks dan wer oer. Sil wol wer genôch opsmiten hawwe…ik hear it de hottemetoten al wer sizzen…wy nimme it mei…wer hinne..ik soe it net witte.

Oant in oare kear!         

Jan Braaksma
Door Jan Braaksma september 1, 2024 20:30
Schrijf een reactie

Geen Reacties

Nog Geen Reacties!

Laat me Je vertellen een triest verhaal ! Er zijn nog geen reacties, maar U kunt de eerste zijn om een reactie op dit artikel.

Schrijf een reactie
Bekijk opmerkingen

Schrijf een reactie

Uw e-mail adres zal niet worden gepubliceerd.
Verplichte velden zijn gemarkeerd*

*

Websponsors

Frythermo vloerverwarming

Recente reacties

  • ....

    ....

    Lisanne Venema was niet aanwezig, Suzanna Allema kaatste in haar plaats. 1ste prijs herkansing

    Bekijk Artikel
  • Jasper

    Jasper

    Dat het verslag "drupt" van voorkeur door de verslaggever is wel duidelijk! Oranje brigade dit en oranje brigade dat! Objectief…

    Bekijk Artikel
  • JN

    JN

    Prijswinnaars kunnen een foto bestellen via jgbuitenga@gmail.com

    Bekijk Artikel

Websponsors

Taxi van der Bles
Horeca Straatkaatsen Leeuwarden
Geert van Tuinen producties
Alfa Romeo Berlikum
Jansma Burdaard
Jaap Breman Schoonmaakgroothandel