Kweapraat 2024 (5)
Related Articles
Yn Reduzum keatsten sneon de manlju haadklasse en wêr’t ik al bang foar wie barde ek wer fansels. Mar acht partoerkes stienen sneon op ‘e list fan keatsferiening Jan Reitsma. Foel noch ta waard der sein. Hi eek noch minder kinnen. Om’e bliksum net. It betsjoer fan Jan Reitsma hie fansels rekken op in moaie list mei alle tenoaren fan de haadklasse. Der dogge it dochs foar. KV Jan Reitsma hie sels alle keatsers in persoanlike mail stjoerd mei it fersyk om wol del te kommen yn Reduzum. Ik tink dan..net op ‘e knibbels gean. Dat giet yn myn eagen te fier. Mar it bliuwt fansels beskamsum dat der wer in oantal keatsers fan namme net op de wedstriidlist stienen. Ik hear de nije direkteur Dirk Jan van der Woud yn Frjentsjer noch sizzen. ‘Ik bin alle keatsers del west…en se komme dit jier ek op de trochinoarlotterswedstriden.
Der stean ik foar. Doe tocht ik al: sizzen is ien…dwaan is in twadde. Dat blykt no dus ek wer. Paesens wie neat en Moarre stie ek al mei de trienen yn de eagen. No dus Reduzum en wa is de folgende feriening dy’t slachtoffer is fan de domheid fan hja dy’t by de bond foar it sizzen hawwe. It tilt op fan âld-keatsers by de hjoeddeiske bond mar net ien docht wat. Ja, wy nimme it mei. Wat meinimme…Coos en Dirk Jan en Durk doch der wat oan. Jimme soenen dochs witte moatte dat it trochionoar lotsjen net mear oansprekt by it keatsersfolk. Of binne jimme bang foar jimme eigen skaad!
Moai wie wol fansels dat Taeke Triemstra yn Reduzum in preemje pakte en dermei oer de grins fan 900 punten gong. Je kinne ie it hast net foarstelle ..901 en nei Harns 902 punten. Ik meitsje foar Taeke in djippe bûging. Is Taeke no de earste dy’t de grins fan 900 punten berikt hat…no nee. Hotze Schuil kaam ek dik oer de 900 punten grins. Mar de punten behelle op de grutte partij yn Snits yn de jierren 50 binne noait mei telt foar it klassemint alle tiden omdat der mar fiif partoeren op ‘e list stienen. Der haw ik mei de mannen fan it klassemint alle tiden wiidweidige petearen oer han foaral omdat ik fûn dat yn Snits de fiif bêste partoeren keatsten en der fjouwer kear keatst wurde moast. Like folle dus as op ‘e PC.
Mar goed der is dus doe in beslút oer nommen en ôfpraat is dat der minimaal seis partoeren op’e list stean moatte om mei telt te wurden foar it klassemint alle tiden. Dat selfde is fan tapassing op de wedstriden fan de froulju haadklasse en der giet it dus de lêste jirren ek mis. Bygelyks de wedstriid yn Driesum. Fjouwer suterige partoerkes stienen sneon op ‘e list fan kv Lyts Begjin. We prate wol oer HAADKLASSE keatsen. Dat praten giet noch wol mar it kalk spat je dochs fan’e tosken as je soks lêze. Hoe dwoarre je as bond dit fan in feriening te freegjen. Hoe fier binne je dan fan hûs. No net lulle jonges en famkes fan de bond dat jimme dit net wisten. In bytsje historyks besef meie je dochs fan foarsitter en direkteur ferwachtsje. Derom de punten op de wedstriden wêr’t mar fjouwer lusige partoerkes stean binne punten om neat. Dat jimme dat efkes yn’e earkes knoopje.
O ja, yn Minnertsgea wie it Nederlâns kampioenskip foar de manlju 35+. Nederlâns kampioenskip…brek my de bek net iepen. Nim it no mar gewoan de bond foar de 35+. Bonds wedstriid mei tsien partoeren werfan 3 út Minnertsgea. De heit fan Chris en Jacob sei it moai yn Harns. As 70+ hie ik sa mei dwaan kinnen. Dat seit dochs alles… hoe fier binne wy sa njonkenlytsen fan hûs en dat mei twa âld-keatsers oan it roer. Mem soe wol sizze: verbaas je niet…verwonder je slechts!
Oant in oare kear!
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment