Yn Goaiïngea kamen snein de manlju 50+ yn aksje op in frije formaasje partij
Related Articles
Yn de A-klas wienen 8 partoeren, dy’t yn twa pûl fan fjouwer spile. Nei de pûlfaze yn de finale wûnen Mannes van Weert (Ljouwert), John Peter Boersma (Sint Anne) en Wilco Fopma (Mantgum) oertsjûgjend op 5-1 en 6-4 fan Tjeerd Dijkstra (Easterein), Siebe Tolsma (Winsum) en Evert Tolsma (Dronryp). De 3de priis wie foar Hilbrand Smid (Wytmarsum), Bertus Bootsma (Wommels) en Ibo Nicolay (Britsum).
Yn de B-klas mei 9 partoeren wûnen yn in spannende finale Peter Sijbesma (Easterein), Roel Sijbesma (Easterein) (soan en heit!) en Age van de Goot (Goaiïngea) op 5-4 en 6-2 fan de pleatslike favoriten Jacob Dotinga (Gau,) Jaring Ypma (Gau) en Jan de Groot (Goaiïngea). De 3e priis wie foar Rutger Fopma (Bears), Johannes de Jong (Warkum) en Jochum de Vries (Wiuwert).
Yn de ferliezersfinale wûnen Marcus Elzinga (Bitgummole), Maikel Versnel (Sint Anne) en Harmen Westra (Kimswert) op 5-5 en 6-4 fan Wybren van der Woud (Ljouwert), Klaas Kramer (Dronryp) en Jan Fokke Mulder (Dronryp). (Bijdrage: Harmen van Gelderen).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment