Kweapraat 2023 (6)
Related Articles
Keatsferiening Sjirk de Wal bestiet dit jier 130 jier en je kinne stelle dat de Rypsters goed harren best dien hawwe om it sa lang fol te hâlden. Want litte wy earlik wêze der komt nochal wat op de besjoerders of. Ik kom sa njonken lytsen krapoan mear as 50 jier by it haadklasse keatsen en wat my dat it measte opfalt dat de bestjoerswein hieltyd lytser wurdt. Dat kin ek net oars want hast net ien wol mear yn in bestjoer. Dat wie eartiids wol oars. Dan siet de tinte fol mei bestjoer en froulju en kaam yn njoggen fan de tsien de boargemaster fan de gemeente wol efkes del foar in praatsje en in bakje. Mar yn de tiid fan frou Holle leit dat al lang en breed efeter ús. Is dat spitich? Ja, sis ik dan. By Sjirk de Wal sieten mear yn de tinte as ik gewoan bin. Dat mei dan ek wol as je de leaftiid fan 130 hawwe. Mar de koroana had net allinne de minske in klap jûn mar hat e kit keatsen in rot klap ta tsjinne. It is foar de measte ferienings klauwen om de sakk mei de frijwilligers rûn te krijen.
Yn De Ryp wie it in herhaling fan setten wa’t de winner fan de partij wie. Krekt as yn 2022 wie de priis foar de formaasje fan Tjisse Steenstra-en-dy. It kin noch folle better mar dat telt net as je de winner binne. Nei in wike witte de measten ommers net iens hoe’t de partij op De Ryp ferrûn is. Wat my opfoel yn de finale wie it feit dat Hans Wassenaar wol fjouwer kear al út de krite wie foardat Marten Bergsma de bal los hie. Dat mei net en dat moat skiedsrjochter Henk van der Zee witte. Sjoch, Dirk Jan van der Woud hie der ek in handsje fan as hy begelyks tsjin Chris Wassenaar stie te keatsen. Van der Woud besocht foar dat de bal de knik kriege him al te reitsjen. Der wie Dirk Jan in reus yn. Sjoch, it mei net mar dan is der de skiedsrjochter foar om der op ta te sjen.
Ik sjoch noch ferskatte skeidsen wat mei de hannen wize fan ja dat haw ik net sjoen en dat kin ik net sjen mar dat is fansels lulkoek. Dan stelle je je as skeids net goed genoch op om sawol de opslager as de perkman yn ien byld te fangen. By Henk van der Zee hie ik it idee dat hy it wol seach mar der bleu it ek by. Der wie sels noch oerlis mei Klaas Kramer op ‘e foarline mar der giet Klaas Kramer net oer. Dat is no krekt in putsje foar Henk fan Stiens. Gewoan de bal ofpakke en de punten oan de tsjinpartij jaan. It kin net sa wêze dat de leafhawwer mei kennis fan saken dat wol sjocht en de man dy’t yn hiert is om it wol te sjen krekt docht dat hy it net sjoen hat. Dat kin net en dat mei net. Dat Hans Wassenaar it besyket der is hy frij yn mar it is oan de skeids om der wat mei te dwaan. Net wer ferjitte dus! Gelokkich is it seizoen noch jong!
De frouju hienen nei alle gedachte wer in frij wiekein mar it praat oer it frouljuskeatsen hâldt fansels net op. Wat ek noch spilet by de froulju is it feit dat de mannen wol twa stelmominten hawwe en de froulju mar ien. Op de lêste byienkomst wie dúdlik dat der mei Durk-en-dy net oer te praten foel. Dan tink ik altyd oan die wiisheid fan de bond: de keatser stiet by de bond sintraal! Nee, dus dat binne al die mantsjes dy’t miene dat hja de baas binne oer it spultsje dat se allinne mar tsjinje moatte en neat oars. Sels net foaroan stean mei de noas yn’e hichte mar dat dwaan wat de froulju graach wolle en ek rjocht op hawwe. Dan ferjit ik mar efkes dat it de bond siert hie as hja efkes bekend makke hienen dat de haadklasse wedstriden fan Frjentsjer en Menaam fan de manlju mei de losse pols lotte binne en net sa’t it altyd gong neffens in fêst stramien. Dan snapt de leafhawwer ek werom it sa gongen is sa’t it oant no ta gongen is. Wêz dúdlik!
Oant in oare kear!
Jan,
Ik haw der dus spesjaal wol op letten en net allinich by Hans. Fansels wir ik de regels wol.
It is sowieso al dreech om it te sjen en ik fûn dat der hjir gjin sprake fan wie. It is foar my al dreech om te sjen sa tiichtby en dat liket mei foar ien fierderop yn it bestjoershokje sit hielendal in toer. Der hat ek net in keatser west dy ’t der wat fan sein hat.
Ik soe it tenei ek fijn fine datsto soks my mei bepraatst foar datsto it skriuwst. En dêr komt noch by datst net gelyk hast. Henk van der Zee