Partuur Ilse Tuinenga wint in Goënga
Related Articles
De haadklasse froulju keatsten hjoed yn Goaiïngea. Se spilen mei fjouwer partoeren in heale kompetysje. De twa sterkste partoeren wûnen beide de earste twa partijen. Yn de tredde partij wûnen Ilse Tuinenga (Frjentsjer), Anne Monfils (Rotterdam) en Jennie Terpstra (Mantgum) op 5-3 en 6-6 fan Annelien Broersma (Ljouwert), Corrie Kroondijk (Easterein) en Marrit Zeinstra (Ljouwert). Oan 3-3 ta wie it in lykop geande striid, mar dêrnei pakten Tuinenga c.s. troch nei de winst. (Bijdrage: Harmen van Gelderen).
Let me tell You a sad story ! There are no comments yet, but You can be first one to comment this article.
Write a comment